De Stifting Fryske Tolkien is in Fryske organisaasje dy't yn 2016Bedriuwsgegevens oer de Stifting Fryske Tolkien oprjochte is om 'e oersetting fan it wurk fan 'e ferneamde Ingelske fantasyskriuwer John Ronald Reuel Tolkien nei it Frysk te ûnderstypjen.Misje fan de Stifting Fryske Tolkien In kaaifiguer binnen de stifting is dû. Liuwe H. Westra, predikant en universitêr meiwurker te Lollum,Bestjoer fan de Stifting Fryske Tolkien dy't ferantwurdlik is foar sawol It Selskip fan de Ring (2011) as De Twa Tuorren (2016), it earste en twadde diel fan 'e Fryske oersetting fan Tolkien syn trilogy The Lord of the Rings.

De oare beide leden fan it trijemanskip fan 'e oprjochters fan 'e Stifting Fryske Tolkien binne auteur Ate Grypstra fan BûtenpostBestjoer fan de Stifting Fryske Tolkien (bekend fan û.m. It Beest fan de Westereen en Grutte Pier: Krús fan de Hollanner), en ûndernimmer Marten Walinga fan Waaksens,Bestjoer fan de Stifting Fryske Tolkien dy't ek bestjoerder fan 'e stifting Wrâldkampioenskip Frysk Damjen (WFD) is.Marten Walinga op LinkedIn De Stifting Fryske Tolkien is fêstige yn Bûtenpost en stiet ynskreaun by de Keamer fan Keaphannel yn 'e gemeente Achtkarspelen.Bedriuwsgegevens oer de Stifting Fryske Tolkien

Neffens de webside fan 'e Stifting Fryske Tolkien binne de doelen fan 'e organisaasje trijeliddich:Misje fan de Stifting Fryske Tolkien it útjaan fan 'e wurken fan J.R.R. Tolkien yn 'e Fryske taal; it bestudearjen fan 'e teksten skreaun troch J.R.R. Tolkien; it befoarderjen fan 'e bekendheid fan 'e wurken fan J.R.R. Tolkien.

Kategory:Fryske kulturele organisaasje Kategory:Tolkien Kategory:Kultuer yn Fryslân Kategory:Organisaasje oprjochte yn 2016