Niš (Servysk yn Syrillysk skrift: Ниш; útspr.: [ni:ʃ], likernôch: "niisj", ) is de op twa nei grutste stêd fan Servje, nei de haadstêd Belgrado en Novi Sad, yn 'e Woiwodina. Niš leit oan 'e igge fan 'e rivier de Nišava, 250 km súdlik fan Belgrado, yn it súdlik sintrale part fan Servje. It is ien fan 'e âldste stêden fan 'e Balkan, dy't yn 'e skiednis fan 'e krite fan grut strategysk belang west hat. De stêd waard histoarysk beskôge as in poarte tusken East en West en hat in beskate ferneamdheid as it berteplak fan keizer Konstantyn de Grutte. Hjoed de dei is Niš it haadplak fan it omlizzende distrikt Nišava. It is in yndustry-, universiteits- en hannelsstêd mei, neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011, in befolking fan krapoan 188.000 minsken.
Etymology Niš is ferneamd nei de rivier de Nišava, dy't troch de stêd streamt, en dy't yn trêde iuw f.Kr. troch de Kelten de Navissos neamd waard. Yn it Aldgryksk waard dy namme ferbastere ta Ναισσος (Naissos), en dêrfan kamen dan neitiid wer de Latynske foarm Naissus en de Byzantynsk-Grykske namme Nysos. De Serven, dy't har omtrint de midden fan it earste milennium yn 'e krite nei wenjen setten, makken dêr Niš fan. Neffens in apokrife sêge soe Niš lykwols stifte wêze troch in prins Nisa, dy't it plak nei himsels ferneamde. De bynamme fan Niš is 'de Keizersstêd', fanwegen it feit dat Romeinske keizer Konstantyn de Grutte der berne waard.
Geografy Niš leit yn súdlik sintraal Servje, op beide iggen fan 'e rivier de Nišava, in sydrivier fan 'e Morava. De stêd leit sadwaande op in strategysk plak, dêr't de âlde hannelsrûte fan West- en Midden-Jeropa, dy't fan Belgrado troch de Delling fan 'e Morava ôfsakket nei it suden, yn twaen spjalt. Ien rûte hâldt súdoan troch de Delling fan 'e Morava en letter troch de Delling fan 'e Vardar om úteinlik út te kommen yn Thessaloniki, oan 'e kust fan 'e Egeyske See. De oare bûcht ôf nei it easten en liedt fia Sofia nei Istanbûl, it âlde Konstantinopel.
De âlde binnenstêd fan Niš leit op 194 m boppe seenivo. It heechste punt fan 'e stêd is de Sokolov Kamen ("Falkerots") op 'e Suva Planina ("Drûge Berch"), mei in hichte fan 1.523 m boppe seenivo, wylst it leechste punt op 173 m boppe seenivo leit, by Trupale, dêr't de Nišava útmûnet yn 'e Morava. De beboude kom fan Niš beslacht 266,8 km², hoewol't de stêd as bestjoerlik gebiet goed 596 km² omfiemet. Lange tiid bestie it stedske gebiet fan Niš út twa gemeenten: Niš sels en Niška Banja, dat beskôge wurde kin as in foarstêd. Yn 2002 waard Niš sels lykwols opspjalten yn fjouwer ûnderskate gemeenten: Medijana (de âlde binnenstêd), Palilula, Pantelej en Crveni Krst.
Skiednis Aldheid Argeologysk ûndersyk hat útwiisd dat it gebiet dêr't no Niš leit, al om 5000 f.Kr. hinne troch minsken bewenne waard. Yn 'e Izertiid makke it ûnderdiel út fan it wengebiet fan 'e Trasyske stamme fan 'e Tribally, dy't der yn elts gefal al yn 424 f.Kr. libbe. Yn 279 f.Kr. waarden de Tribally ûnder de Gallyske ynvaazje fan 'e Balkan ferslein troch de Keltyske Skordisky, dy't har dêrnei sels yn it gebiet nei wenjen setten en op it plak fan Niš in delsetting stiften dy't se nei de deunby rinnende rivier Navissos neamden. De earste kear dat Navissos yn in skreaune boarne neamd waard, wie oan it begjin fan 'e twadde iuw, doe't it wichtigernôch wie om neamd te wurden yn 'e Geographia fan Ptoleméus fan Aleksanderje.
De Romeinen besetten Navissos, dat sy Naissus neamden, ûnder harren oarloch tsjin Dardaanje (likernôch it tsjintwurdige Kosovo) yn 75-73 f.Kr. Dêrnei brûkten se it as basis foar harren fierdere militêre operaasjes op 'e Balkan troch der in legioenskamp te fêstigjen. Fanwegen syn strategyske lizzing ûntjoech de stêd him ta in wichtich garnizoens- en merkplak yn 'e provinsje Boppe-Moesje (Moesia Superior). Yn it jier 272 waard de Romeinske keizer Konstantyn de Grutte berne yn Naissus. Dyselde rôp syn berteplak letter út ta haadstêd fan 'e nije provinsje Mediterraansk-Daasje (Dacia Mediterranea). Fan 316 oant 322 wenne Konstantyn sels ek yn Naissus. Yn 364 metten de keizers Falentinianus en Falins inoar yn 'e Villa Mediana by Naissus om it Romeinske Ryk op te spjalten yn in westlike helte en in eastliken-ien. De stêd sels kaam by de definitive opdieling fan it Romeinske Ryk, yn 392, ta it Byzantynske Ryk te hearren.
Midsiuwen oant de Moderne Tiid Naissus waard yn 441 belegere troch de Hunnen, dy't yn 448 weromkearden om 'e stêd te ferwuostgjen. Yn 480 waard de noch mar foar in diel werboude stêd op 'e nij mei de grûn lyk makke troch barbaren. Under de Byzantynske keizer Justinianus I waard Nysos, sa't de stêd tsjin dy tiid yn it Midsiuwsk-Gryksk neamd waard, wer opboud, mar neitiid waard er op 'e nij ferwuostge, diskear troch de Avaren. Yn 540 foel Nysos yn 'e hannen fan 'e Slaven, nei't dy it Byzantynske Ryk ynkrongen wiene. Hja setten harren yn 'e krite nei wenjen, en neitiid soe Niš altyd in Slavyske stêd bliuwe. Yn 805 waarden Niš en omkriten ferovere troch de Bulgaarske tsaar Krûm, wêrnei't de stêd oant en mei 1018 diel útmakke fan it Earste Bulgaarske Ryk, ear't it wer by it Byzantynske Ryk kaam te hearren.
Under de Folkskrústocht fûn op 3 july 1096 by Niš in botsing plak tusken de Westerske folgelingen fan Petrus de Klúzner en Byzantynske troepen. Keizer Manuël I fersterke de stêd, mar ûnder it regear syn opfolger Androanikus I foel Niš dochs yn 'e hannen fan 'e Hongaarske kening Bela III. Hoewol't de Byzantinen de stêd úteinlik wisten te weroverjen, ferlearen se him yn 1183 foargoed, diskear oan it Servyske Ryk. Yn 1188 makke de Servyske kening Steffen Nemanja Niš ta de haadstêd fan syn ryk, en yn july 1189 ûntfong er dêr keizer Freark Barbarossa fan it Hillige Roomske Ryk, dy't mei 100.000 krúsfarders ûnderweis wie nei it Hillige Lân. Yn 1203 waard Niš ferovere troch Kalojan, de hearsker fan it Twadde Bulgaarske Ryk, mar neitiid wûn de Servyske kening Steffen Nemanjić de stêd werom.
Yn 1385 kaam Niš by de fal fan it Servyske Ryk, en nei in belis fan fiifentweintich dagen troch sultan Moerad I, by it Osmaanske Ryk te hearren. It waard yn 1443 noch foar koarte tiid troch de Serven weromwûn, mar fan 1448 ôf stie it 241 jier lang ûnder Osmaanske hearskippij. Yn dat tiidrek wie Niš in sintrum foar it Turkske militêre sawol as boargerlike bestjoer fan 'e krite, oant 1846 as it haadplak fan 'e eyalet Roemeelje, dêrnei oant 1864 as haadplak fan 'e eyalet Niš en úteinlik oant 1878 as haadplak fan 'e vilayet fan 'e Donau. Under de Grutte Turkske Oarloch foel de stêd yn 1689 yn 'e hannen fan in Eastenryksk leger, mar it jiers dêrop waard it troch de Osmanen werovere. Yn 1737 foel de stêd fannijs yn Eastenrykske hannen, mar doe kearden de Osmanen noch datselde jiers alwer werom.
Njoggentjinde iuw Under de Earste Servyske Opstân, yn 1809, besochten Servyske revolúsjonêren ûnder lieding fan Stevan Sinđelić Niš te befrijen fan 'e Osmaanske hearskippij yn 'e Slach by Čegar. Nei de Servyske nederlaach dêre liet de kommandant fan it Osmaanske garnizoen fan Niš de ôfsleine hollen fan 'e omkommen Serven yn 'e gevel fan in toer yn 'e stêd ynmitselen by wize fan warskôging oan 'e befolking. Dy toer kaam neitiid bekend te stean as de Ćele Kula of 'Plassetoer' ('Skedeltoer'). Yn 1821 setten de Osmanen yn Niš de Servysk-otterdokse biskop, Milentija, en twahûndert oare Servyske foaroanlju finzen, op beskuldiging fan stipe oan 'e (ek Eastersk-otterdokse) Griken yn it ramt fan 'e Grykske Unôfhinklikheidsoarloch. Op 13 juny fan dat jier waarden biskop Milentija en de oare Serven yn it iepenbier ophongen. Yn 1841 hie de Opstân fan Niš plak, dy't troch de Osmanen yn bloed smoard waard.
Yn 'e njoggentjinde iuw wie Niš in wichtige stêd, dy't lykwols benammen bewenne waard troch etnyske Bulgaren. De Osmaanske oerhearskers behannelen de ynwenners fan 'e stêd as Bulgaren, en hoewol't der grif in oansjenlik tal etnyske Serven yn 'e stêd wennen (dy't neffens guon skriuwers hast de helte fan 'e befolking foarmen) rûn de grins tusken it gebiet dat bewenne waard troch Bulgaren en Serven noardlik fan Niš by de igge fan 'e rivier de Morava lâns. Ek Servysje kartografen lykas Dimitrije Davidović en Milan Savić joegen dat sa wer op harren lânkaarten fan 1828, resp. 1878. De befolking fan Niš omfieme doedestiden behalven Bulgaren en Serven ek in soad etnyske Turken (wêrûnder guon Turken fan Albaneesk komôf), en fierders islamityske Albanezen en islamityske Roma. Yn 'e krite om 'e stêd hinne libben ek in soad Flachen. Yn 1870 waard Niš tsjerklik opnommen yn it Bulgaarsk Eksargaat, hoewol't it dêrfoar ûnderdiel útmakke hie fan it Servysk Patriargaat fan Peć.
Underdiel fan Servje Under de Servysk-Turkske Oarloggen fan 1876-1878 waard Niš einlings befrijd fan 'e Osmaanske oerhearsking. De striid om 'e stêd begûn op 29 desimber 1877, en op 11 jannewaris 1878 teach it Servyske leger Niš binnen. De stêd kaam doe by it Keninkryk Servje te hearren. Nei de ferovering baarnden de Serven it Albaneeske kertier plat, en de measte moslims waarden ferdreaun. Fan 8.500 yn 1876 gie it islamityske diel fan 'e befolking fan Niš omleech nei 1.168 yn 1879. De grutte mearderheid fan dy efterbliuwers bestie út etnyske Roma. Ek it kristlike part fan 'e befolking feroare, want troch it fuorttsjen fan in oansjenlik diel fan 'e Bulgaren en in ynfluks fan in protte etnyske Serven út oare dielen fan Servje bestie tsjin 1884 80% fan 'e befolking fan Niš út Serven.
Yn 'e folgjende jierren ûntwikkele Niš him op ferskate mêden. Yn 1879 waard de earste bibleteek fan 'e stêd stifte, mei as earste bibletekaris Stevan Sremac. It earste hotel, mei as namme Evropa ("Jeropa") iepene syn doarren datselde jiers. De earste bank waard yn 1881 yn 'e stêd fêstige, en op it mêd fan it ûnderwiis begûn it earste gymnasium yn 1878, de earste kweekskoalle yn 1882 en de earste famkesskoalle foar fuortset ûnderwiis yn 1895. Tsjin dy tiid wiene der yn 'e Niš trije legere skoallen foar jonges en ien foar famkes. It stedhûs waard tusken 1882 en 1887 boud. Yn 1883 fêstige Kosta Čendaš de earste útjouwerij en drukkerij yn 'e stêd, en de earste lokale krante, de Niški Vesnik, ferskynde fan 1884 ôf.
Datselde jiers gie ek de earste brouwerij yn 'e stêd iepen, waard in spoarline nei Niš oanlein en krige de stêd in treinstasjon, dêr't op 8 augustus 1884 de earste trein arrivearre, út Belgrado wei. Yn 1885 waard it nije spoar as trasee yn 'e rûte fan 'e Oriïntekspres opnommen, en sadwaande wie Niš it lêste stasjon oan dat spoar oant yn 1888 de treinferbining fan Niš nei de Bulgaarske haadstêd Sofia ree kaam.
Yn 1887 rjochte Mihailo Dimić yn Niš it Teäter Sinđelić op, dat tsjintwurdich de namme fan it Nasjonaal Teäter yn Niš draacht. Yndustrieel Mita Ristić iepene yn 1897 yn 'e stêd it tekstylfabryk Nitex Niš, en keunstskilderesse Nadežda Petrović fêstige der yn 1905 de keunstnerskoloanje Sićevo. De earste film waard yn Niš yn 1897 fertoand, en de earste permaninte bioskoop iepene syn doarren der yn 1906. Yn 1908 kaam de keardaam foar de opwekking fan wetterkrêftenerzjy yn 'e Nišava ree, dy't doedestiden de grutste fan Servje wie, oanlein yn 'e Sićevo-kleau. Yn 1912 waard in fleanfjild oanlein te Trupale, dêr't de earste fleanmasine lâne op 29 desimber 1912. Yn 1913 gie it stedsmuseum fan Niš iepen, dêr't argeologyske en etnografyske kolleksjes sawol as keunst útstald waarden.