Myn Berber, ek wol bekend as Myn Berber Is Fier oer it Wetter, is Frysk folksferske. It is in oersetting fan it Skotske folksferske My Bonnie Lies over the Ocean, dat mooglik weromgiet op 'e Jakobityske Opstân fan 1745. Der binne ek oersettings yn ferskate oare Westjeropeeske talen, en it ferske is noch altyd tige populêr. It is, benammen yn it Ingelsk, ek ferskate kearen parodiëarre.

Skiednis De titel My Bonnie Lies over the Ocean betsjut letterlik "Myn Tsjeppe [faam of feint] Is Oarekant de See". Hoewol't de oarsprong fan it orizjinele, Skotsktalige folksferske ûndúdlik is, wurdt faak oannommen dat it eins oer prins Karel Edwert Stuart giet, oftewol "Bonnie Prince Charlie". Dy kaam yn 1745 oer nei Skotlân, dêr't er de Heechlânske klans oansette ta in Jakobityske Opstân. De rebûlje waard úteinlik lykwols delslein, en Karel Edwert Stuart moast nei syn nederlaach yn 'e Slach by Culloden in hoart ûnderdûke, ear't er mei help fan jakobityske sympatisanten, lykas de ferneamde Flora MacDonald, wist te ûntkommen nei Frankryk.

Neffens dizze teory soe My Bonnie Lies over the Ocean eins in polityk protestliet wêze, dat oarspronklik songen waard troch jakobiten. Fanwegen de dûbelsinnichheid fan 'e Skotske term bonnie, wêrmei't ferwiisd wurde kin nei sawol in man as in frou, koene se beare dat it in leafdesliet wie as se troch de Ingelske oerhearskers op it sjongen trappearre waarden.

Yn 1881 publisearre de Amerikaan Charles E. Pratt, ûnder it dûbele pseudonym fan H.J. Fuller en J.T. Wood, foar it earst blêdmuzyk by My Bonnie Lies over the Ocean. Dat late ta in oanwaaksende en duorjende populariteit fan it liet, yn 't earstoan benammen mank universiteitskoaren en oare sjonggroepen, mar letter ek by gewoane minsken. Mids tweintichste iuw sette de dichter Douwe Annes Tamminga My Bonnie Lies over the Ocean oer yn it Frysk. Hy makke der in ûndûbelsinnich leafdesliet fan, ûnder de titel Myn Berber [Is Fier oer it Wetter]. Teffens wykte er fan it oarspronklike ferske ôf troch der in ekstra kûplet oan ta te heakjen mei in happy end.Fryslân Sjongt, alfde printinge, Ljouwert, 2000 (Afûk), ISBN 9 06 27 33 611, nû. 67, s. 106/107.

Ynhâld Yn it ferske besjongt de ferteller syn faam Berber, dy't om in net neier neamde reden oarekant de see ferbliuwt. Hy ropt de beanhearre (in drûge easte- of noardewyn wêrfan't men yn earder tiden tocht dat de beantsjes dertroch ripen) oan syn Berber by him werom te bringen.

Ingelsk FryskMy bonnie lies over the ocean My bonnie lies over the sea My bonnie lies over the ocean Oh, bring back my bonnie to me, to me

refr.: Bring back, bring back Oh, bring back my bonnie to me, to me Bring back, bring back Oh, bring back my bonnie to me

Last night as I lay on my pillow Last night as I lay on my bed Last night as I lay on my pillow I dreamt that my bonnie was dead, was dead

refr.

Oh, blow the winds o'er the ocean And blow the winds o'er the sea Oh, blow the winds o'er the ocean And bring back my bonnie to me, to me

refr.Myn Berber is fier oer it wetter Myn Berber is fier oer de see Myn Berber is fier oer it wetter O, bring my myn Berber te stee, te stee

refr.: Bring my, bring my O, bring my myn Berber te stee, te stee Bring my, o bring my O, bring my myn Berber te stee

O, beanhearre, blaas oer it wetter O, beanhearre, blaas oer de see O, beanhearre, blaas oer it wetter En bring my myn Berber te stee, te stee

refr.

In nacht doe't ik lei yn 'e slomme In nacht doe't ik lei yn it hea In nacht doe't ik lei yn 'e slomme Ik dreamde myn Berber wie dea, wie dea

refr.

De beanhearre blaasd’ oer it wetter De beanhearre blaasd’ oer de see De beanhearre blaasd’ oer it wetter En brocht my myn Berber te stee, te stee

Brocht my, brocht my Ja, brocht my myn Berber te stee, te stee Brocht my, ja, brocht my Ja, brocht my myn Berber te stee

Keppelings om utens My Bonnie Lies over the Ocean (songen troch de Blaue Jungs) op YouTube

Kategory:Frysk folksferske Kategory:Frysktalich liet Kategory:Fryske oersetting