Blade Runner is in science fiction-film út 1982, regissearre troch Ridley Scott. It ferhaal is basearre op Do Androids Dream of Electric Sheep? fan Philip K. Dick. De haadrol is foar Harrison Ford, en de oaren wichtige rollen foar Rutger Hauer, Sean Young en Daryl Hannah. De muzyk waard fersoarge troch Vangelis. De opnamen fûnen alteast foar in part plak yn 'e Twickenham Studios yn Londen en de Warner Bros. Studios, Burbank yn Burbank (Kalifornje).
Kategory:Amerikaanske science fiction-film Kategory:Cyberpunkfilm Kategory:Ingelsktalige film Kategory:Film fan Warner Bros. Kategory:Film fan Ridley Scott Kategory:Film út 1982