Zaya Cassidy, echte namme ûnbekend (Tulsa (Oklahoma), 4 augustus 1997),Zaya Cassidy har Twitteraccount is in rêstend Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan etnysk Yndiaansk komôf. Hja sette yn 2015 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry.
Libben en karriêre Cassidy waard yn 1997 berne yn Tulsa, yn 'e Amerikaanske steat Oklahoma. Hja makke yn 2015, doe't se mei achttjin jier krekt mearderjierrich wurde wie, har debút as pornoaktrise yn in sêne fan 'e pornowebside Reality Kings, mei as titel Tight Lipped. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt yn ferskate pornografyske films spile, ûnder mear foar sokke foaroansteande filmstudio's as New Sensations en Digital Sin. Cassidy wurdt fertsjintwurdige troch it ympressariaat Hussie Models fan Riley Reynolds, dat fêstige is yn North Miami Beach, yn 'e steat Floarida.
Lichemsskaaimerken Zaya Cassidy is fan Yndiaansk komôf, mei brune eagen en dûnkerbrún hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.57 m lang, mei in gewicht fan 49 kg, en in natuerlike kupmaat 34A. Se hat twa tatoeaazjes oan 'e binnenkant fan har lofterearm, mar gjin piercings útsein troch har earlellen.
Keppelings om utens Biografy en filmografy fan Zaya Cassidy yn 'e Internet Movie Database (IMDb) Biografyske gegevens en filmografy fan Zaya Cassidy yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD) Biografyske gegevens fan Zaya Cassidy yn 'e Adult Film Database Biografyske gegevens fan Zaya Cassidy op FreeOnes
Kategory:Amerikaansk neakenmodel Kategory:Amerikaansk froulik pornoakteur Kategory:Amerikaansk pornoakteur fan Yndiaansk komôf Kategory:Persoan berne yn 1997