Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 2010-er jierren.

Foarfallen jannewaris 1 - Ascension fiert it homohoulik yn. 1 - By in oanslach op in nachtklub yn 'e Turkske stêd Istanbûl sjit in islamistyske terrorist 39 minsken dea en ferwûnet nochris 70 oaren. 20 - De Republikein Donald Trump wurdt ynaugurearre as presidint fan 'e Feriene Steaten. 21 - De Frouljusmars: tsientallen miljoenen minsken dogge wrâldwiid mei oan 420 massale demonstraasjes yn 'e Feriene Steaten en 168 yn oare lannen. Dêrmei wurdt protestearre tsjin 'e ynauguraasje fan Donald Trump as presidint fan 'e Feriene Steaten. It is it grutste protest út 'e skiednis fan 'e Feriene Steaten. 30 - Marokko wurdt lid fan 'e Afrikaanske Uny.

febrewaris 11 - In raketproef fan Noard-Koreä, wêrby't dat lân in raket oer de Japanske See hinne sjit, lokket ynternasjonale feroardieling út. 13 - Kim Jong-nam, de âldere, yn ballingskip libjende broer fan 'e Noardkoreaanske diktator Kim Jong-un, wurdt by in oanslach troch twa froulju fermoarde mei VX-senuwgas yn in lofthaven yn Maleizje.

maart maart - Yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje einiget de Kalifornyske Drûchte fan 2011-2017. 1 - Finlân fiert it homohoulik yn. 10 - De presidinte fan Súd-Koreä, Park Geun-hye, wurdt troch it Grûnwetlik Hôf fan Koreä by in unanime beslissing ôfset fanwegen korrupsje. Premier Hwang Kyo-ahn wurdt plakferfangend presidint. 10 - De Feriene Naasjes warskôgje dat de wrâld foar de grutste humanitêre krisis sûnt de Twadde Wrâldoarloch stiet, mei't 20 miljoen minsken yn Jemen, Somaalje, Súd-Sûdaan en Nigearia drige om te kommen troch hongersneden. 14 - In swiere sniestoarm leit it iepenbiere libben yn it noardeasten fan 'e Feriene Steaten en it easten fan Kanada frijwol stil. 15 - By Twadde Keamerferkiezings yn Nederlân wurdt de liberale VVD de grutste politike partij mei 33 sitten. De rjochtspopulistyske PVV wurdt twadde, mei 20 sitten. Yn Fryslân behellet it CDA de measte stimmen. 22 - By in oanslach op 'e Brêge fan Westminster en it Britske parlemintsgebou (it Paleis fan Westminster) komme 6 minsken om (ynkl. de dieder) en reitsje 49 oaren ferwûne. 23 - De Fenezolaanske presidint Nicolás Maduro rjochtet it Hege Tribunaal fan Gerjochtichheid op, dat de wetjaande macht yn it lân oernimt fan 'e Nasjonale Assimblee. It nije orgaan bestiet foar it meastepart út oanhingers fan Maduro. 29 - It Feriene Keninkryk stelt kêst 50 fan it Ferdrach fan Lissabon yn wurking, wêrmei't ûnderhannelings oer Brexit begjinne.

april 6 - Yn reäksje op 'e oanfal mei gemyske wapens op Chan Sjaichûn troch it Syryske regearingsleger yn it ramt fan 'e Syryske Boargeroarloch, fjurje de Feriene Steaten 59 krúsrakketten ôf op in Syryske loftmachtbasis. Ruslân omskriuwt dat as "in die fan agresje". 7 - By in oanslach yn 'e Sweedske haadstêd Stokholm riidt in islamistyske terrorist mei in stellen bestelwein yn op fuotgongers op 'e Drottninggata, in drokke winkelstrjitte. Der komme 5 minsken om en 14 oaren reitsje ferwûne. De dieder, Rakhmat Akilov, wurdt arrestearre. 15 - By in bomoanslach yn 'e Syryske stêd Aleppo komme 126 minsken om en reitsje 60 oaren ferwûne. 21 - By in oanfal op 'e legerbasis Camp Shaheen, yn Afganistan, komme mear as 140 minsken om en reitsje mear as 160 oaren ferwûne. 29 - De Falklâneilannen fiere it homohoulik yn.

maaie 2 - Guernsey fiert it homohoulik yn. 7 - By ferkiezings yn Frankryk wurdt Emmanuel Macron, de kandidaat fan 'e nije politike partij En Marche! keazen ta presidint. 12 - In grutte cyberoanfal mei it WannaCry-ransomwareprogramma ynfektearret mear as 230.000 kompjûters yn 150 lannen en easket betelling yn bitcoins yn 28 talen. Benammen bedriuwen en ynstellings dy't harren firusbeskerming net by de tiid holden hawwe, wurde swier troffen, wêrûnder it telekommunikaasjebedriuw Telefónica yn Spanje, it ferfiersbedriuw Deutsche Bahn yn Dútslân, de pakketbesoargingstsjinst FedEx yn 'e Feriene Steaten en sikehuzen fan 'e Britske National Health Service. 22 - By in bomoanslach yn 'e Britske stêd Manchester op 'e Manchester Arena, fuort nei ôfrin fan in konsert fan 'e Amerikaanske sjongster Ariana Grande, komme 23 minsken om (ynkl. de dieder) en reitsje 512 oaren ferwûne. 23-23 oktober - By de Slach om Marawi, tusken Filipynske regearingstroepen en islamistyske terroristen, komme 255 minsken om en reitsje mear as 1.400 oaren ferwûne.

juny 1 - De Amerikaanske presidint Donald Trump kundiget oan dat er de Feriene Steaten weromlûke sil út it Klimaatakkoart fan Parys. Dat liedt ta wrâldwide feroardieling. 3 - By in oanslach yn 'e Britske haadstêd Londen komme 11 minsken om (ynkl. 3 dieders) en reitsje 48 oaren ferwûne as islamistyske terroristen op 'e London Bridge ynride op fuotgongers en oan 'e súdkant fan 'e Teems út harren autobuske springe en op 'e Borough Market de merkbesikers mei messen oanfalle. 5 - Montenegro wurdt as 29e lân lid fan 'e NATO. 5 - De Katareeske diplomatike krisis begjint as sân Arabyske lannen (Saûdy-Araabje, Bachrein, Egypte, de Feriene Arabyske Emiraten, Jemen, Lybje en Mauretaanje) alle diplomatike betrekkings mei Katar ferbrekke op 'e beskuldiging dat dat lân de regio destabilisearje soe troch terrorisme te stypjen. Yn it echt giet it derom dat Katar net nei Saûdy-Araabjes pipen dûnsje wol. 7 - By twa oanslaggen yn 'e Iraanske haadstêd Teheran, op it Iraanske Parlemint en it Mausoleum fan Rûholla Chomeini, útfierd troch oanhingers fan 'e saneamde Islamityske Steat (IS), komme 17 minsken om en reitsje 43 oaren ferwûne. 8 - By ferkiezings yn it Feriene Keninkryk, dy't trije jier earder as nedich útroppen binne troch premier Theresa May om in sterkere posysje te krijen foar de Brexit-ûnderhannelings mei de Jeropeeske Uny, ferliest May har Konservative Partij ûnferwachts de mearderheid yn it Legerhûs. De sosjalistyske Labourpartij fan Jeremy Corbyn wint foar it earst sûnt 1997 oan parlemintssitten. May wurdt twongen om in minderheidsregear te foarmjen dat ôfhinklik is fan stipe fan 'e Noardierske DUP. 10 - Yn 'e Kazachske haadstêd Astana wurdt de wrâldtentoanstelling Expo 2017 iepene. 14 - By de brân yn de Grenfelltoer, in flatgebou yn 'e Britske haadstêd Londen, komme 71 minsken om. 14 - James T. Hodgkinson, in ekstreem-linkse Amerikaanske aktivist, iepenet it fjoer op Republikeinske leden fan it Amerikaanske Kongres dy't yn Alexandria (Firginia) op in sportfjild oan it oefenjen binne foar de jierlikse Honkbalwedstryd fan it Kongres tsjin 'e Demokraten. Kongreslid Steve Scalise rekket libbensgefaarlik ferwûne, mar betteret neitiid wer op. Hodgkinson wurdt deasketten troch plysjeminsken. 21 - De saneamde Islamityske Steat (IS) oarderet it opblazen fan 'e Grutte Moskee fan al-Noeri yn 'e Iraakske stêd Mosûl.

july 1 - De Fêreu-eilannen fiere it homohoulik yn. 7 - It Ferdrach foar de Utbanning fan Nukleêre Wapens wurdt goedkard troch 122 lannen 10 - De Iraakske stêd Mosûl wurdt foar befrijd ferklearre nei de ferdriuwing fan striders fan 'e saneamde Islamityske Steat (IS). 11 - De Meksikaanske steat Chiapas fiert it homohoulik yn.

augustus 1 - De Meksikaanske steat Puebla fiert it homohoulik yn. 4 - Tristan da Cunha fiert it homohoulik yn. 11-12 - Yn it Amerikaanske plak Charlottesville (Firginia) wurdt de Unite the Right-demonstraasje holden, dêr't rasisten en neo-nazys fan alderhanne plommaazje oan meidogge. As antyfaksistyske demonstranten in tsjinprotest hâlde, riidt neo-nazy James Alex Fields jr. mei syn auto mei opsetsin yn op 'e tsjindemonstraasje, wêrmei't er 1 persoan, Heather Heyer, om hals bringt en 19 oaren ferwûnet. Fields sels wurdt arrestearre. De Amerikaanske presidint Donald Trump soarget neitiid foar grutte opskuor as er úthâldt dat sawol ûnder de neo-nazys as ûnder de antyfaksisten goede minsken binne en dat beide kanten likefolle skuld hawwe oan it ynsidint. 16 - By in ûntploffing yn it Katalaanske plak Alcanar komme 2 minsken om en reitsje 15 ferwûne. Letter docht bliken dat de eksploazje by fersin feroarsake is troch islamistyske terroristen dy't in bom oan it meitsjen wiene, en dat de beide deaden terroristen binne. De rest fan 'e sel beslút nei oanlieding hjirfan om daliks oer te gean ta it dwaan fan oanslaggen mei messen en troch mei frachtweinen op fuotgongers yn te riden. 17-18 - By oanslaggen yn 'e Katalaanske plakken Barseloana (op 17 augustus) en Cambrils (op 18 augustus) falle 21 deaden (ynkl. 5 dieders) en 137 ferwûnen. 18 - By in terroristyske oanslach yn 'e Finske stêd Turku wurde 2 minsken deastutsen en reitsje 8 oaren ferwûne. 21 - Younes Abouyaaqoub, it lêste libbene lid fan 'e terroristyske sel dy't ferantwurdlik is foar de oanslaggen yn Barseloana en Cambrils, wurdt yn Subirats deasketten by in konfrontaasje mei de plysje. 24-27 - De orkaan Harvey giet by de stêd Houston oan lân yn 'e Amerikaanske steat Teksas, en lit dêr yn 4 dagen tiid 1.000 mm rein falle. By de wettersneed dy't dêrtroch feroarsake wurdt, komme 82 minsken om en reitsje 30.000 oaren dakleas. 25 - It Rêdingsleger fan de Arakaneeske Rohingja (ARSA), in rebellegroep fan de etnyske Rohingja-minderheid yn Birma, fiert koördinearre oanfallen út op 24 plysjeposten en in legerbasis, dêr't 71 minsken by omkomme. De Genoside op de Rohingja, dêr't it Birmeeske leger al sûnt ein 2016 mei dwaande is, nimt hjirnei noch folle grutskaliger foarmen oan en rint ek út op in iepentlike etnyske suvering. 25 - De Feriene Naasjes feroardielje de ferfolging fan de islamityske Rohingja-minderheid yn it fierhinne boedistyske Birma as "in dúdlik foarbyld fan etnyske suverings."

septimber 1 - Malta fiert it homohoulik yn. 1 - Ruslân set 755 Amerikaanske diplomaten it lân út yn reäksje op sanksjes dy't de Feriene Steaten tsjin Ruslân ynsteld hawwe as straf foar ynminging yn 'e Amerikaanske presidintsferkiezings (2016). 6 - Der ûntstiet opskuor tusken de Spaanske federale oerheid en it regear fan 'e regio Kataloanje, as de Katalanen oanjouwe in referindum oer ûnôfhinklikheid hâlde te wollen. De Spaanske oerheid ferbiedt dat en ûntnimt de Katalaanske befolking dêrmei it selsbeskikkingsrjocht. 6-11 - De orkaan Irma feroarsaket op 'e Lytse Antillen, Hispanjoala en Kuba en yn 'e Amerikaanske steat Floarida 82 deaden en in materiële skea fan $62,7 miljard. Benammen op Barbûda, Sint-Marten, de Britske Famme-eilannen en de Florida Keys is de ravaazje frijwol folslein. 9 - De orkaan José dy't earst rjocht op 'e Lytse Antillen ta liek te gean, bûcht ôf nei it noarden en giet der by lâns. De skea falt sadwaande ta. 19-22 - De orkaan Maria feroarsaket op 'e Lytse Antillen, Hispanjoala en Porto Riko en yn 'e Amerikaanske steat Noard-Karolina yn totaal teminsten 3.057 deaden en rjochtet foar $91,6 miljard oan skea oan. Fan 'e Lytse Antillen binne Dominika en Gûadelûp it swierst troffen, mar fierwei it slimst is de sitewaasje op Porto Riko, dêr't teminsten 2.975 deaden falle en foar krapoan $90 miljard oan skea oanrjochte wurdt. Dielen fan it eilân sitte mear as in heal jier sûnder elektrisiteit. 19 - By in ierdbeving fan 7,1 op 'e skaal fan Richter komme yn sintraal Meksiko 360 minsken om en reitsje mear as 6.000 oaren ferwûne. 25 - Yn Iraaksk-Koerdistan wurdt in referindum holden, wêrby't de kiezers mei in oerweldigjende mearderheid fan 92,7% foar ûnôfhinklikheid stimme. Irak wegeret de útkomst te erkennen en de krisis boazet oan ta in koart wapene konflikt. 29 - Yn Nederlân wurdt de jonge frou Anne Faber ferkrêfte en fermoarde, nei't letter blykt troch Michael P., dy't op ferlof is út in TBS-klinyk yn Den Dolder. De saak soarget foar in protte opskuor, mei't de measte minsken net begripe hoe't sa'n man ea ferlof krije kinnen hat.

oktober 1 - Dútslân fiert it homohoulik yn.