thumb|left|225px|Lizzing fan Garmisch-Partenkirchen yn Dútslân Garmisch-Partenkirchen is in plak yn de Dútske dielsteat Beieren. It plak leit oan de foet fan it Wettersteinberchtme, mei de Zugspitze (2962 meter), de heechste berch fan Dútslân. Garmisch-Partenkirchen is it bestjoerlik sintrum fan Landkreis Garmisch-Partenkirchen.

De stêd Garmisch-Partenkirchen ûntstie yn 1935, doe't fanwege de doetiidske Dútkse Rykskânselier Adolf Hitler, Garmisch en Partenkirchen ta ien gemeente byinoar brocht waarden. It gefolch hjirfan wie dat er in nije flekke makke, mar hy joech dy gjin stêdrjochten. Yn 1936 waarden de Olympyske Winterspullen yn it plak holden.

It plak is teffens bekend fan it skânsspringen op nijjiersdei. Meidat fan de jierren sechtich ôf grutte stikken fan de Alpenhaadkaam foar de wintersport sletten binne, is it belang fan Garmisch-Partenkirchen as wintersportplak en skygebiet stadichoan lytser wurden.

Untjouwing ynwennertal Jier 1840 1871 1900 1925 1939 1950 1961 1970 1987 2000 2005 2010 2011 YnwennertalKommunalstatistik von Garmisch-Partenkirchen, abgerufen am 5. Januar 2011 2.870 3.038 4.792 10.326 18.308 25.435 25.261 26.885 25.742 26.364 26.261 26.068 25.668

Bekende lju út Garmisch-Partenkirchen Richard Strauss (1864-1949), komponist Edgar Ende (1901-1965), skilder Bob van der Houven (1957), Nederlânsk omropper en stimakteur Friedrich Szepansky (1959), komponist, dirigint en pianist

Kategory:Plak yn Beieren Kategory:Gemeente yn Beieren