De Dom fan Bremen (Dútsk: Bremer Dom, ek: St. Petri Dom zu Bremen) is in oan de apostel Petrus wijde tsjerke oan it Marktplatz yn it sintrum fan de Dútske hânzestêd Bremen. De domtsjerke heart by de protestânske tsjerke fan Bremen, in lid fan de protestânske koepelorganisaasje yn Dútslân. Sûnt 1973 is de tsjerke in beskerme monumint.
Koarte bouskiednis De fan sân- en bakstien boude tsjerke is oarspronklik in romaansk bouwurk, dy't fan ôf de 11e iuw op de fûneminten fan âldere foargongers boud waard. Sûnt de 13e iuw fûn de ferbou plak yn de styl fan de goatyk en yn de 14e iuw folge de oanbou fan sydkapellen. Yn 1502 waard úteinset mei de ferbou fan de tsjerke ta in letgoatyske halletsjerke. Fierder as in nij noardlik sydskip kaam it net, om't mei de reformaasje de fierdere wurksumheden einigen.
Oan de ein fan de 19e iuw folge in grutte renovaasje fan de binnen fersoarge, mar de fan bûten dochs wat ûneachlike domtsjerke, dêr't boppedat ien fan beide tuorren fan ynstoart wie. It nije ûntwerp wie basearre op besteande en âlde ôfbylden, mar der kamen ek nije eleminten oan te pas, lykas in neoromaanske fieringstoer.
Skiednis Foargongers It wie de Angelsaksyske biskop Willehad dy't op it plak fan de hjoeddeiske tsjerke begûn mei de bou fan in yn 789 wijde tsjerke. It houten bouwurk baarnde al trije jier nei de foltôging tidens de Saksenkrigen finaal ôf. Nei de dea fan Willehad yn 789 bleau Bremen trettjin jier sûnder tsjerke en biskop. Opgravings yn it middenskip fan de domtsjerke wiisden op in stiennen tsjerke út de tiid fan biskop Willerich (805-835) en syn opfolger. Dy tsjerke moat yn syn grutste steat in trijeskepige bou west ha, dy't ferbân hold mei in wijding yn 860 troch biskop Anskar. Op 11 septimber 1041 waard dit karolingyske godshûs tagelyk mei in grut diel fan de stedsbebouwing ferneatige troch in grutte brân en giene ek de wurken fan de bibleteek fan de tsjerke ferlern.
De salyske boufaze
Yn de salyske tiid waard ûnder biskop Adalbrand mei de bou fan in nije tsjerke begûn. It waard in foarse tsjerke, dy't yn ôfmjittings de hjoeddeiske domtsjerke benei komt en dêr't yn de bou noch spoaren fan binne te finen. Adalbrand syn opfolger Adalbert wie ien fan de machtigste biskoppen yn syn tiid en gyng sa entûsiast fierder mei de bou oan, sûnder dêrby noch rekken te hâlden mei oare easken. Hy liet bygelyks de muorren fan de boarch slope om oan boumaterjaal foar de tsjerke te kommen. Dêrmei rekke Bremen de fersterkingen kwyt en sa koe Bremen yn 1064 troch in leger fan de Saksyske hertoch Ordulf en syn broer Hermann plondere wurde.
Under Adalbert syn opfolger Liemar (1072–1101) waard de tsjerke nei alle gedachten foltôge. Yn syn grêf is in stien mei de wurden constructor huius ecclesiae'''(bouwer fan dizze tsjerke) fûn. Hy moast it grutte gat tusken de foar in part foltôge eastkoer en westkoer ticht meitsje en liet de pylders en muorren fan it skip bouwe en oerdekke. Yn syn tiid kaam wierskynlik ek in ein oan it wurk yn de krypte.
Letromaanske en goatyske perioade De tsjintwurdige ûnderste bou fan de westlike gevel ûntstie yn de letromaanske tiid. In stedssegel út 1230 toant Karel de Grutte en biskop Wilhad mei in model fan de tsjerke yn harren hannen. Dúdlik is dat der ûnder biskop Gerhard grutte ferbouwingen plakfûnen, dy't troch foarbylden út it Rynlân beynfloede waarden. Paus Honoarius III stie yn it jier 1224 in ôflaat ta, dêr't de ynkomsten fan brûkt waarden om it skip fan de tsjerke te foarsjen fan in ferwulft. Hjirmei wie men oant 1250 mei dwaande.
Yn de 14e en 15e iuw waarden oan de súdkant fan de dom meardere kapellen oanboud. Oan de noardlike kant fan it eastkoer ûntstie in dûbele kapel. De noardlike toer waard yn 1346 ferhege mei twa ferdjippings en krige doe in goatyske spits. Troch in brân yn 1483 yn de noardlike toer rekke ek it noardlike sydskip slim skansearre. Hoe't it noardlike sydskip der út sjoen hat is tsjintwurdich te sjen oan it bewarre bleaune súdlike sydskip. Fan 1502 oant 1522 waard it noardlike sydskip op deselde hichte fan it middenskip brocht en krige it in letgoatysk netferwulft. Troch de arkadenferdjipping dy’t it middenskip fan it noardlike sydskip skiedt is dit lykwols min te sjen. It ûnderste diel stamt noch fan de romaanske pylderbasilyk, it boppeste diel datearret fan in ferbouwing troch Cord Poppelken, dy’t ek om 1512 hinne de westlike krypte koarter makke en foar it dêrboppe lizzende westlike koer (tsjintwurdich de oargelgalerij) it koarhek ûntwurp. Nei alle gedachten wie it plan ek om it súdlike sydskip te ferheegjen en fan de tsjerke in echte halletsjerke te meitsjen, mar de reformaasje yn Bremen makke in ein oan dizze plannen.
Reformaasje
Op 9 novimber 1522 hold de út Nederlân flechte Augustiner muonts Hindrik fan Sutfen de earste protestânske preek yn in kapel fan de St. Ansgarii-Kirche. Yn 1524 waarden yn de parochytsjerken njonken katolike prysters ek protestânske prekers oansteld en wer in jier letter folge it ferbod fan it hâlden fan in katolike mis yn de stêd.
It domkapittel liet de dom yn 1532 slute, nei’t mei Palmpeaske in groep fan boargers de mis fersteuren en de luterske earetsjinst ôfdwongen. De domtsjerke bleau 15 jier sletten oant de út Oerisel ôfkomstige Albert Hardenberg op oanfiterjen fan de greve fan Oldenburg yn 1547 oansteld waard as nije preker. Hardenberg wie in radikale oanhinger fan Jehannes Kalvyn, itjinge nije strideraasjes joech tusken de oanhingers fan Luther en de Kalvinist Melanchton. Yn it earstoan wie der neat oan de hân, mar nei’t Hardenberg de opfettings fan Zwingli’s Jûnsmiel ynfierde, kaam hy foar it earst yn konflikt mei de ortodokske lutersen yn Bremen. De legere klassen en de middenklasse fan de stêd stiene oan de kant fan Hardenberg en sa ek de boargemaster. Mar de mearderheid fan de behâldende ried woe fan him ôf. Jimmeroan bleaune de konfessionele ferskillen yn Bremen oplôgjen en nei’t de kening fan Denemark, de stêden Hamburg, Lübeck en Braunschweig harren yn it konflikt bejoechen en ek de ynfloedrike luterske teolooch syn ôfsetting easken ferliet Hardenberg úteinliks yn 1561 Bremen. Letter waard Hardenberg dûmny yn Emden. Op’e nij waard de domtsjerke foar in lange tiid foar de gewoane earetsjinst sletten, dizze kear foar in perioade fan 76 jier. Foar bysûndere gelegenheden lykas begraffenissen en amtsbeëdigingen bleau de domtsjerke lykwols iepen. Fan de 28 epitafen yn de tsjerke stamt de helte út dizze tiid.
Tidens de saneamde “twadde reformaasje” yn 1581 sleat de stêd Bremen sich by de teologyske rjoching fan Melanchton oan. Dizze Melanchton wie yn syn opfettings dan wol minder radikaal as Kalvyn, mar hjirmei kaam de stêd wol wer yn it kalvinistyske kamp te lizzen yn in op religieus mêd fierders luterske omjouwing. De stêd krige fjirtjin jier letter in nije tsjerkoarder neffens de dútsk-grifformearde lear en yn 1600 waard de Heidelberchske Kategismus ynfierd. De domtsjerke mei de byhearrende gebouwen en de ynwenners fan it gebiet om de dom hinne foelen lykwols fanwegen de domfrijheid net ûnder de stêd, mar bleaune lutersk.
It ynstoarten fan de súdlike toer De súdlike toer wie net ôfsluten mei in goatyske spits mar mei in krúsdak, dêr’t acht klokken ûnder hongen. Al langere tiid sieten der skuorren yn de toer en op 27 jannewaris 1638 stoartte de toer yn en ferneatige dêrmei twa lytse hûzen dy't oanboud wiene. By de ramp kamen acht minsken om it libben. In tekening fan de dom nei de ramp toant in súdlike toer, dy’t net folle heger is as de muorre fan it middenskip en ôfsletten waard mei in lessenersdak. Noch yn itselde jier waard de domtsjerke troch de luterske aartsbiskop Freark III wer iepene. Sûnt tsjinne de tsjerke de luterske gemeente fan Bremen binnen de stedsmuorren.
Mei de sekularisaasje fan 1648 foel de domtsjerke mei it ommelân fan Bremen as hartochdom Bremen yn Sweedske hannen. Acht jier letter baarnde op 4 febrewaris 1956 de noardlike toer troch bliksemynslach ôf. Ek it dak fan de tsjerke waard troch brân fernield. Nei in ynearsten provisoaryske ôfdekking krige de noardlike toer nei fiif jier in piramidedak en wer letter in barokke ôfsluting.
19e iuw
Yn it ramt fan it Reichsdeputationshauptschluss fan 1803 kaam der in ein oan de domfrijheid en waard it gebiet om de domtsjerke by de stêd foege. Yn 1810 kamen stêd en luterske ôffeardigen oerien dat de domgemeente in gewoane luterske parochytsjerke waard. In grut diel fan it fermogen fan de dom waard oan de nije parochygemeente werom jûn en mei de ynkomsten hjirút koe it ûnderhâld fan de tsjerke betelle wurde. Sa koe de stêd sels de knip tichthâlde.
Neffens in riedsbeslút waarden yn 1817 in stikmannich lytse hûzen oan de noardlike muorre fan de tsjerke ôfbrutsen. De parochy liet de no wer frijlizzende muorre renovearje. Jeften makken ek in renovaasje fan it ynterieur mooglik. Ek krige de tsjerke in neogoatysk heechalter en, dat foar it earst sûnt de reformaasje, nije brânskildere ramen.
Pas yn de jierren 1880 waarden plannen makke foar in tige yngripende ferbouwing fan de domtsjerke. It meast opfallend oan de útfiering waarden de beide westlike tuorren, dy’t foar it earst sûnt 5 iuwen wer symmetrysk stâl jûn waarden. Fan de noardlike toer waarden de boppeste ferdjippings ferfongen en dêrby stâl jûn neffens de ferlern giene súdlike toer, wylst de súdlike toer fan de fûneminten ôf folslein nij boud en foar it earst ek mei in spits ôfsletten waard. Yn 1894 wiene beide tuorren foltôge. Wylst de boudielen fan de westlike gevel dy fan de oarspronklike domtsjerke benei komme, is de fieringstoer in neoromaansk betinksel. Ek it neogoatyske breidsportaal is in kreative 19e iuwske tafoeging
Yn de tsjerke waarden de kreaken foar de gemeenteleden en de sydlike koarhekken ferwidere. Under de wite kalk fan de muorren kamen op withoefolle plakken resten fan midskiuwske bekilderingen oan it ljocht. Oan de nije muorrebeskilderingen, dy’t oant hjoeddedei bewarre bleaun binne, foarmen Byzantynske foarbylden de grûnslach.
20e iuw Al gau nei de grutte renovaasje die bliken dat de fieringstoer foar problemen soarge, Oan beide kanten fan it koar moasten tusken de finsters dêrom loftbôgen boud wurde. Ek wie it nedich om de eastlike muorre te ferstevigjen troch in tal ramen ticht te mitseljen. Nei dy renovaasje krigen de beide westlike portalen brûnzen doarren nei in ûntwerp fan de Keuler keunstner Peter Fuchs. Op de noardlike doar (getten yn 1895) steane foarstellings út it Alde Testamint en de súdlike doar (getten yn 1898) foarstellings út it Nije Testamint. Yn beide doarren binne as doarsklinken liuwekoppen fan âldere portaaldoarren út de 13e iuw ferwurke (oan de noardlike doar betreft it de linker fleugel, oan de súdlike doar de rjochter fleugel; de beide oare fleugels ha moderne kopieën).
In grutte brân yn 1915 ferwoastge de ‘’Glocke’’, in oan de dom grinzgjend gebou, en oare dielen fan it eardere domkleaster. De krúsgong ûntkaam oan de ferneatiging, maar waard by de nijbou fan de Glocke yn 1925 ôfbrutsen.
Yn de Twadde Wrâldkriich waard de domtsjerke by in loftoanfal op de stêd troch brânbommen rekke. De skea bleau ynearsten noch beheind, mar yn it folgjende oarlochsjier waard de tsjerke op’e nij rekke troch bommen. Yn maart 1945 ontplofte in bom oan de noardlike kant fan it bouwurk, wêrtroch’t in part fan it ferwulft fan it noardlike skip delstoartte. Oan it ein fan de kriich wie it hiele tsjerkegebou yn in strieminne steat en al fuort nei de befrijing waard úteinset mei de restauraasje fan it dak fan it noardlike skip. Oant 1950 waard it ferwoastge ferwulft wer ynboud.