Wadowice (Dútsk: Wadowitz) is in lytse stêd yn it suden fan Poalen (woiwodskip Lyts-Poalen), sa'n 50 km fan Krakau mei 17.100 ynwenners (2024), oan 'e rivier de Skawa, yn it eastlik diel fan it Silezysk Plato. Wadowice is fral bekend as berteplak fan Karol Józef Wojtyła, Paus Johannes Paulus II.
Wadowice is hjoed de dei yn it foarste plak in toeristesintrum, mar ek in plak mei lytse yndustry lykas masineproduksje, fiedselferwurking en it meitsjen fan boumaterialen.
Skiednis Wadowice ûntstie om it jier 1315 hinne yn it nije Silezyske hartochdom Auschwitz (it hjoeddeiske Oświęcim). De namme is mooglik ôflaat fan hartoch Wladislaus, dy't faak sjoen wurdt as de stifter fan it plak. Yn 1327 waard de stêd in lien fan 'e Boheemske kening en yn dokuminten út dy tiid waard it al neamd as in wichtige merkstêd (oppidum). Opfallend is dat de stêd yn in Dútsk dokumint út 1400 oantsjutten waard as Frawenstat (Frouwestêd), mooglik in ferwizing nei de hillige Marije.
Nei't de stêd yn 1430 stedsrjochten krige, sloech it lot ta: in grutte brân ferneatige it plak. It duorre lang foar't de stêd dêr wer boppe-op kaam, mei't oarloggen, nije brannen en pestepidemyen de werbou hieltiten opkearden. Pas yn 'e 16e iuw bloeide Wadowice wer op as in sintrum foar hannel en ambacht.
Eastenrykske tiid en groei By de earste Poalske Dieling yn 1772 kaam Wadowice ûnder it bewâld fan de Habsburchske monargy (Eastenryk). Dat wie in omslach yn 'e skiednis fan 'e stêd. Doe't yn 1780 de grutte rykswei fan Wenen nei Lemberch (Lviv) troch Wadowice oanlein waard, begûn in tiid fan grutte groei. Yn 1819 waard de stêd it bestjoerlik sintrum fan in grutte regio. It ynwennertal naam sûnt ûnbidich ta. Ek waard Wadowice in Eastenrykske garnizoensstêd. thumb|left|De yn 1939 ferneatige synagoge fan Wadowice. Yn 'e 19e iuw ûntstie der yndustry en tsjin 'e ein fan dy iuw hie de stêd sa'n 10.000 ynwenners, wêrfan mear as 20 prosint Joadsk wie.
Twadde Wrâldkriich en moderne tiid Yn 'e Dútske besetting (1939-1945) waard Wadowice by it Dútske Ryk ynlive. De rivier de Skawa foarme de grins mei it saneamde Generaal-Gûvernemint. Yn dizze donkere jierren rjochten de nazy's yn 'e stêd in finzenkamp, in strafkamp en in getto yn foar de Joadske befolking.
Nei de oarloch waard Wadowice wer in Poalske distriktstêd. Hoewol't de stêd tusken 1975 en 1999 syn status as bestjoerlik sintrum efkes ferlear, krige it dy by de grutte herfoarmingen fan 1999 werom. Hjoed-de-dei stiet de stêd benammen bekend as it berteplak fan paus Jehannes Paulus II.
Toerisme thumb|left|Dooptsjerke paus Jehannes Paulus II. Wadowice is hjoed-de-dei ien fan 'e meast besochte stêden yn it suden fan Poalen. De grutste reden wêrom't toeristen nei Wadowice komme, is it Muzeum Dom Rodzinny Ojca Świętego Jana Pawła II. It is ûnderbrocht yn it hûs dêr't Karol Wojtyła yn 1920 berne waard. Fuort njonken it museum stiet de Basilyk fan 'e Presintaasje fan 'e Hillige Faam Marije. It is de tsjerke dêr't de paus doopt is.
Njonken it religieuze toerisme hat de stêd ek omtinken foar syn bredere skiednis. Sa is der it Stedsk Museum dat de ûntwikkeling fan Wadowice troch de iuwen hinne sjen lit, fan 'e Eastenrykske garnizoenstêd oant de yndustriële bloei yn 'e 19e iuw.
Wadowice leit op 'e grins fan 'e delling fan 'e rivier de Skawa en de heuvels fan 'e Lytse Beskiden. Foar toeristen dy't fan kuierje of fytse hâlde, binne der ferskate paden dy't út de stêd wei de natuer yn rinne. In soad rekreanten bringe ek in besite oan 'e tichtebylizzende opslachmar, it Jezioro Mucharskie.
Kategory:Plak yn Poalen Kategory:Plak stifte yn 1325 Kategory:Plak yn woiwodskip Lyts-Poalen