thumb|left|200px|Trochilidae, in plaat út de Kunstformen der Natur Ernst Heinrich Philipp August Haeckel (Potsdam, 16 febrewaris 1834 – Jena, 9 augustus 1919) wie in Dútsk soölooch en filosoof dy't it wurk fan Charles Darwin yn Dútslân bekend makke. Haeckel wie ynearsten dokter en letter heechlearaar ferlykjende anatomy. Haeckel wie ek in begenedige yllustrator, sa't bliken docht út syn boek Kunstformen der Natur. De filosoof Ernst Haeckel skreau Die Welträtsel (1895–1899).
Fanwegen syn neitinken oer it "keunstmjittich kweken" fan minsken yn moderne maatskippijen Natürliche Schöpfungsgeschichte, „Siebenter Vortrag: Die Züchtungslehre der Selectionstheorie (Der Darwinismus)“, 7. Auflage, Berlin: Reimer, 1879, 153–155 wurdt Haeckel beskôge as in pionier fan de eugenetika en rashygiëne yn Dútslân. Dat makke, dat er yn de ideology fan it nasjonaalsosjalisme in plak krige. Dêrom wurdt syn hiele wurk sûnt de fal fan it Tredde Ryk yn 1945 troch in soad minsken minder bestudearre, en troch wittenskippers, om net de reputaasje fan nazy-oanhinger gelearde te krijen, minder sitearre.
It Fyletysk Museum te Jena yn 1908 troch Ernst Haeckel stichte, is fêstige yn in spesjaal dêrta oprjochte gebou yn de mei troch wurk en ôfbyldingen fan Haeckels hân beynfloede Jugendstilarsjitektuer. It behannelet op, ek foar leken begryplike wize, de fylogeny, de ûntwikkeling fan de stambeam fan alle fyla, de libbene wêzens.
Yn 1894 ûnderskate de Linnean Society of London Haeckel mei de Linnean Medal en yn 1908 krige er fan dizze organisaasje de Darwin-Wallace Medal. Yn 1900 krige er de Darwin Medal.
Keppeling om utens Gerhard Medicus, The Inapplicability of the Biogenetic Rule to Behavioral Development, Gerhard Medicus (2017, chapter 8). Being Human – Bridging the Gap between the Sciences of Body and Mind, Berlin VWB
Kategory:Dútsk biolooch Kategory:Dútsk soölooch Kategory:Dútsk filosoof Kategory:Dútsk heechlearaar Kategory:Dútsk humanist Kategory:Dútsk publisist Kategory:Persoan berne yn 1834 Kategory:Persoan stoarn yn 1919