Todd Lockwood (folút: Todd Wills Lockwood; Boulder (Kolorado), 9 july 1957) is in Amerikaansk yllustrator, boekbânûntwerper en skriuwer dy't him spesjalisearre hat yn it meitsjen fan fantasy- en science fiction-ôfbyldings. Hy is it bekendst wurden troch syn omslaggen fan 'e romans fan R.A. Salvatore en C.J. Cherryh, útjeften fan 'e útjouwerijen Tor Books en DAW Books, en tydskriften lykas Asimov's Science Fiction en Analog Science Fiction and Fact. Yn 2016 publisearre Lockwood syn earste roman.

Libben en karriêre Lockwood waard yn 1957 berne yn Boulder, yn 'e Amerikaanske steat Kolorado. Hy genoat syn oplieding oan it Keunstynstitút fan Kolorado, yn Denver, dêr't er yn 1981 cum laude ôfstudearre. Neitiid wurke er oardel jier yn 'e reklamebrâns, foar't er úteinsette mei in fyftjinjierrich wurkpaad as freelance yllustrator. Yn dy tiid wie de Coors Brewing Company, in Amerikaanske bierbrouwer, ien fan Lockwood syn wichtichste klanten, en yn in fraachpetear út 1999 seid er dat er doedestiden wol bierfusten tekenje koe yn syn sliep.

Yn 1993 begûn Lockwood, dy't in fûleindich fan wie fan 'e role-playing game Dungeons & Dragons, him ta te lizzen op it tekenjen fan fantasy- en letter ek science fiction-yllustraasjes. Dêrby waard er nei eigen sizzen beynfloede troch it wurk fan Jeff Easley, Gerald Brom, Frank Frazetta en Michael Whelan. Lockwood syn earste wurk op it mêd fan fantasy waard foarme troch guon omslaggen foar it tydskrift Asimov's Science Fiction. Sels seid er dêr yn 1999 oer: "Dat wie it begjin. Ik fielde my as wie my nij libben ynblaasd. Einlik tekene ik dingen dy't my ynteressearren!"

Yn 1994 wenne Lockwood Wordcon by, de wrâldkonvinsje op it mêd fan science fiction en fantasy, yn it Kanadeeske Winnipeg. Dêr mette er foar it earst oare science fiction- en fantasykeunstners, ûnder wa Michael Whelan, en lei er kontakten yn dy wrâld. Sadwaande waard er letter troch TSR, de útjouwer fan Dungeons & Dragons, frege om wurk foar harren te dwaan. Yn 1996 koe Lockwood dêr foltiids oan 'e slach, in kâns dy't er mei beide hannen oangriep. Nei't TSR yn 1997 oernommen wie troch Wizards of the Coast, ferhuze Lockwood mei syn frou en trije bern foar syn wurk nei de steat Washington (dêr't Wizards of the Coast fêstige is).

Neitiid gie Lockwood troch mei syn yllustraasjes foar Dungeons & Dragons en ek foar oare útjeften, lykas Magic: The Gathering, Ravenloft, Forgotten Realms en Dragonlance. Dêrnjonken begûn er ek omslaggen foar romans te meitsjen, benammen foar it wurk fan R.A. Salvatore, dat troch Wizards of the Coast útbrocht waard. Yn dyselde snuorje wied er in hoart fise-foarsitter fan 'e Association of Science Fiction and Fantasy Artists (ASFA). Nei't Wizards of the Coast yn 1999 oernommen wie troch Hasbro, ferfette Lockwood yn 2002 syn freelance-karriêre. Dêrby makke er benammen omslaggen foar publikaasjes fan 'e útjouwerijen Tor Books en DAW Books, wêrûnder ferskate dielen fan 'e Foreigner-searje fan C.J. Cherryh (lykas Conspirator, Deceiver en Deceiver). Yn 2003 joech Lockwood sels in boek út mei keunstwurken fan sines, ûnder de titel Transitions: Art of Todd Lockwood. Hy hat ûnderwilens twa World Fantasy Awards en tolve Chesley Awards wûn.

Yn 2016 publisearre Lockwood syn earste roman, The Summer Dragon, it earste diel fan 'e romansearje Evertide.

Bibliografy Evertide 2013 – Keeper of Memory (koart ferhaal, yn 'e blomlêzing Unfettered) 2016 – The Summer Dragon (roman)

Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar1995World Fantasy Awardwûnbêste swart-wytyllustraasje Cerberus1996Chesley Awardwûnbêste swart-wytyllustraasje CerberusWorld Fantasy Awardwûnbêste swart-wytyllustraasje Kali1997Chesley Awardwûnbêste binnenyllustraasje Death Loves Me (fan it tydskrift Realms of Fantasy)1998Chesley Awardwûnbêste omslach – tydskrift Black Dragon (fan it tydskrift Dragon)1999Chesley Awardwûnbêste yllustraasje op it mêd fan in fideospultsje omslach fan 'e Dragonlance 15th Anniversary2001Chesley Awardwûnbêste omslach – tydskrift Swashbuckler (fan it tydskrift Dragon)2009Chesley Awardwûnbêste omslach – hardcover The Thousands Orcswûnbêste omslach – tydskrift Hellfire Dragon (fan it tydskrift Dragon)wûnbêste yllustraasje op it mêd fan in fideospultsjeomslach fan City of the Spider Queen2004 Chesley Awardwûnbêste omslach – paperback Tangled Webswûnbêste binnenyllustraasje Crossing into Empire (yn it tydskrift Realms of Fantasy)wûnbêste yllustraasje op it mêd fan in fideospultsjeomslach fan Draconomiconwûngrutste artistike prestaasje oeuvre

Keppelings om utens Offisjele webside fan Todd Lockwood

Kategory:Amerikaansk yllustrator Kategory:Amerikaansk boekbânûntwerper Kategory:Amerikaansk bestjoerder Kategory:Fantasykeunstner Kategory:Science fiction-keunstner Kategory:Amerikaansk romanskriuwer Kategory:Amerikaansk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Amerikaansk fantasyskriuwer Kategory:Persoan berne yn 1957