De World Science Fiction Convention (Ingelsk foar: "Science Fiction-Wrâldkonvinsje"), faak ôfkoarte ta Worldcon, is de jierlikse feestlike wrâldgearkomste op it mêd fan science fiction dy't organisearre wurdt troch de Amerikaanske World Science Fiction Society (WSFS), it "Science Fiction-Wrâldgenoatskip". De earste Worldcon waard yn 1939 holden, en sûnt hat dit evenemint alle jierren plakfûn útsein ûnder de Twadde Wrâldoarloch, fan 1942 oant 1945. De Worldcon is de wichtichste Amerikaanske en ynternasjonale gearkomste op it mêd fan it science fiction-sjenre, en wikselet elts jier fan plak.
Aktiviteiten en eveneminten Op 'e Worldcon wurde folgjende aktiviteiten en eveneminten organisearre: Goeddiedichheidsaksjes om non-profitorganisaasjes op it mêd fan it science fiction-fandom en oare, eksterne goede doelen te ûnderstypjen, troch kollektes, feilings, bloeddonaasjes, ensfh. In keunsteksposysje mei skilderijen, tekenings, byldhouwurken en oare keunstwurken op it mêd fan science fiction. Hantekeningesesjes troch en oare kânsen om yn 'e kunde te kommen mei ferneamde science fiction-auteurs en oare bekendheden op it mêd fan science fiction, lykas akteurs út films of tillefyzjesearjes, omslachkeunstners, ensfh. De úttrikkingsseremoanje fan 'e Chesley Awards. De útrikkingsseremoanje fan 'e Hugo Awards. Cosplay, sawol in formele wedstryd (de Masquerade) as gewoan foar de aardichheid troch fans dy't de hiele dei yn science fiction-kostúms omrinne. Dûnsopfierings op it mêd fan science fiction. Muzykopfierings op it mêd fan science fiction. Toaniel- en teäteropfierings op it mêd fan science fiction. Tentoanstellings op it mêd fan science fiction. Workshops op it mêd fan science fiction. De saneamde huckster's room, dêr't boeken, stripboeken, dvd's, fideospultsjes, kostúms, juwiellen en oar spul op it mêd fan science fiction ferkocht wurdt. De fan lounge, in plak dêr't men prate en oerlizze kin oer en bydrage kin oan fanzines. De saneamde fan tables, dêr't organisaasjes en fertsjintwurdigers fan oare science fiction- en fantasykonvinsjes harsels presintearje. In filmfestival dêr't ûnôfhinklike science fiction-films fertoand wurde. Spultsjes, wêrûnder rollespullen, boerdspultsjes en kaartspullen. Paneldiskusjes oer in breed skala oan ûnderwerpen op it mêd fan science fiction. Iepenbier tagonklike feestjes dy't organisearre wurde troch science fiction-organisaasjes, -klubs, -útjouwerijen, -tydskriften en oaren. In bar dêr't men in drankje nimme kin of gewoan gesellich mei-inoar prate kin. Taspraken en oare presintaasjes troch ferskate grutte nammen út 'e science fiction. Saken oangeande de World Science Fiction Society, wêrûnder de stimming oer it plak fan de Worldcon fan it folgjende jier en teffens oer it plak fan 'e North American Science Fiction Convention (NASFiC) as it plak fan 'e folgjende Worldcon bûten Noard-Amearika leit.
List fan World Science Fiction Conventions nû. jier namme plak lân besikers 1 1939 Nycon I New York (New York) Feriene Steaten 200 2 1940 Chicon I Chicago (Illinois) Feriene Steaten 128 3 1941 Denvention I Denver (Kolorado) Feriene Steaten 90 4 1946 Pacificon I Los Angeles (Kalifornje) Feriene Steaten 130 5 1947 Philcon I Philadelphia (Pennsylvania) Feriene Steaten 200 6 1948 Torcon I Toronto (Ontario) Kanada 200 7 1949 Cinvention Cincinnati (Ohio) Feriene Steaten 190 8 1950 Norwescon] Portland (Oregon) Feriene Steaten 400 9 1951 Nolacon I New Orleans (Louisiana) Feriene Steaten 190 10 1952 Chicon II Chicago (Illinois) Feriene Steaten 1.175 11 1953 Philcon II Philadelphia (Pennsylvania) Feriene Steaten 839 12 1954 SFCon San Francisco (Kalifornje) Feriene Steaten 700 13 1955 Clevention Cleveland (Ohio) Feriene Steaten 380 14 1956 Nycon II New York (New York) Feriene Steaten 850 15 1957 Loncon I Londen (Ingelân) Feriene Keninkryk 268 16 1958 Solacon South Gate (Kalifornje) Feriene Steaten 601 17 1959 Detention Detroit (Michigan) Feriene Steaten 371 18 1960 Pittcon Pittsburgh (Pennsylvania) Feriene Steaten 568 19 1961 Seacon Seattle (Washington) Feriene Steaten 300 20 1962 Chicon III Chicago (Illinois) Feriene Steaten 830 21 1963 Discon I Washington, D.C. Feriene Steaten 600 22 1964 Pacificon II Oakland (Kalifornje) Feriene Steaten 523 23 1965 Loncon II Londen (Ingelân) Feriene Keninkryk 350 24 1966 Tricon Cleveland (Ohio) Feriene Steaten 850 25 1967 Nycon 3 New York (New York) Feriene Steaten 1.500 26 1968 Baycon Berkeley (Kalifornje) Feriene Steaten 1.841 27 1969 St. Louiscon St. Louis (Missoury) Feriene Steaten 1.534 28 1970 Heicon '70 Heidelberch (Baden-Wuertemberch) West-Dútslân 620 29 1971 Noreascon I Boston (Massachusetts) Feriene Steaten 2.078 30 1972 L.A.con I Los Angeles (Kalifornje) Feriene Steaten 2.007 31 1973 Torcon II Toronto (Ontario) Kanada 2.900 32 1974 Discon II Washington, D.C. Feriene Steaten 3.587 33 1975 Aussiecon I Melbourne (Fiktoaria) Austraalje 606 34 1976 MidAmeriCon Kansas City (Missoury) Feriene Steaten 4.200 35 1977 SunCon Miami Beach (Floarida) Feriene Steaten 3.240 36 1978 IguanaCon II Phoenix (Arizona) Feriene Steaten 4.700 37 1979 Seacon '79 Brighton (Ingelân) Feriene Keninkryk 3.114 38 1980 Noreascon II Boston (Massachusetts) Feriene Steaten 5.850 39 1981 Denvention II Denver (Kolorado) Feriene Steaten 4.542 40 1982 Chicon IV Chicago (Illinois) Feriene Steaten 4.275 41 1983 ConStellation Baltimore (Marylân) Feriene Steaten 6.400 42 1984 L.A.con II Anaheim (Kalifornje) Feriene Steaten 9.282 43 1985 Aussiecon II Melbourne (Fiktoaria) Austraalje 1.599 44 1986 ConFederation Atlanta (Georgia) Feriene Steaten 5.811 45 1987 Conspiracy '87 Brighton (Ingelân) Feriene Keninkryk 5.425 46 1988 Nolacon II New Orleans (Louisiana) Feriene Steaten 5.300 47 1989 Noreascon III Boston (Massachusetts) Feriene Steaten 7.795 48 1990 ConFiction De Haach (Súd-Hollân) Nederlân 3.580 49 1991 Chicon V Chicago (Illinois) Feriene Steaten 5.661 50 1992 MagiCon Orlando (Floarida) Feriene Steaten 6.368 51 1993 ConFrancisco San Francisco (Kalifornje) Feriene Steaten 7.725 52 1994 ConAdian Winnipeg (Manitoba) Kanada 3.570 53 1995 Intersection Glasgow (Skotlân) Feriene Keninkryk 6.524 54 1996 L.A.con III Anaheim (Kalifornje) Feriene Steaten 6.703 55 1997 LoneStarCon II San Antonio (Teksas) Feriene Steaten 5.614 56 1998 BucConeer Baltimore (Marylân) Feriene Steaten 6.572 57 1999 Aussiecon III Melbourne (Fiktoaria) Austraalje 2.872 58 2000 Chicon 2000 Chicago (Illinois) Feriene Steaten 6.574 59 2001 Millennium Philcon Philadelphia (Pennsylvania) Feriene Steaten 6.269 60 2002 ConJosé San Jose (Kalifornje) Feriene Steaten 5.916 61 2003 Torcon III Toronto (Ontario) Kanada 4.986 62 2004 Noreascon IV Boston (Massachusetts) Feriene Steaten 7.485 63 2005 Interaction Glasgow (Skotlân) Feriene Keninkryk 5.202 64 2006 L.A.con IV Anaheim (Kalifornje) Feriene Steaten 6.291 65 2007 Nippon 2007 Yokohama Japan 5.149 66 2008 Denvention III Denver (Kolorado) Feriene Steaten 4.854 67 2009 Anticipation Montreal (Kebek) Kanada4.499 68 2010 Aussiecon IV Melbourne (Fiktoaria) Austraalje3.462 69 2011 Renovation Reno (Nevada) Feriene Steaten5.526 70 2012 Chicon VII Chicago (Illinois) Feriene Steaten6.197 71 2013 LoneStarCon III San Antonio (Teksas) Feriene Steaten6.130 72 2014 Loncon III Londen (Ingelân) Feriene Keninkryk10.718 73 2015 Sasquan Spokane (Washington) Feriene Steaten11.742 74 2016 MidAmeriCon II Kansas City (Missoury) Feriene Steaten 7.740 75 2017 Worldcon 75 Helsinki Finlân 8.748 76 2018 Worldcon 76 in San Jose San Jose (Kalifornje) Feriene Steaten 7.812 77 2019 Dublin 2019 – An Irish Worldcon Dublin Ierlân 8.430 78 2020 CoNZealand Wellington Nij-Seelân 4.624 79 2021 DisCon III Washington, D.C. Feriene Steaten 8.721 80 2022 Chicon 8 Chicago (Illinois) Feriene Steaten 6.500 81 2023 2023 Chengdu Chengdu Sina 18.895 82 2024 Glasgow 2024 Glasgow (Skotlân) Feriene Keninkryk noch net bekend 83 2025 Seattle Worldcon 2025 Seattle (Washington) Feriene Steaten noch net bekend 84 2026 LAcon V Anaheim (Kalifornje) Feriene Steaten noch net bekend
Keppelings om utens Offisjele webside fan 'e World Science Fiction Convention
Kategory:Science fiction-kovinsje Kategory:Konvinsje yn de Feriene Steaten Kategory:Weromkearend evenemint ynsteld yn 1939