Xanten is in stêd yn it noardwesten fan 'e Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. De stêd heart ta de kring Wesel.

Skiednis De skiednis fan Xanten giet werom op 'e Romeinske tiid en mear as 2000 jier âld. By it Romeinske kamp Castra Vetera waard yn dy tiid in delsetting stifte mei de namme Colonia Ulpia Traiana. It tsjintwurdige Xanten ûntstie in eintsje fierderop, nei't oer it grêf fan de hillige Fiktor fan Xanten in tsjerke boud waard en dêr om hinne de earste bebouwing ferskynde. De namme "Xanten" is in gearlûking fan Ad Sanctos (by de hilligen).

Yn 1263 waard úteinset mei de bou fan de domtsjerke fan Xanten. Al yn 1228 krige Xanten stedsrjochten.

Gemeenteyndieling Sûnt 1969 bestiet de gemeente út de plakken Beek, Birten, Lüttingen, Marienbaum, Mörmter, Obermörmter, Ursel, Vynen, Wardt, Willich en Xanten.

Ofbylden

Sjoch ek Dom fan Xanten

Kategory:Plak yn Noardryn-Westfalen Kategory:Gemeente yn Noardryn-Westfalen