Michael Wood (folút: Michael David Wood; Manchester, 23 july 1948) is in Britsk skiedkundige, dokumintêremakker en presintator. Hy hat foar de BBC in grut tal dokumintêresearjes makke en presintearre oer histoaryske ûnderwerpen, wêrûnder guon dy't ek yn Nederlân útstjoerd binne troch Teleac. Wood is op 't heden heechlearaar skiednis oan 'e Universiteit fan Manchester.

Libben en karriêre Jonkheid en oplieding Michael Wood waard yn 1948 berne yn it Ingelske Manchester. Syn iere jonkheid brocht er troch yn 'e wyk Moss Side, mar doe't er acht jier wie, ferhuzen syn âlden mei him nei Wythenshawe. Hy trochrûn de middelbere skoalle oan 'e Manchester Grammar School, dêr't er belangstelling opfette foar toaniel. Neitiid studearre er skiednis en Ingelske taal- en letterkunde oan 'e prestizjeuze Universiteit fan Oxford. Yn syn lêste stúdzjejier makke er in seis wiken duorjende rûnreis troch de Feriene Steaten. Nei't er yn sawol skiednis as Ingelsk in bachelortitel behelle hie, learde er oan deselde universiteit fierder om in mastergraad te beheljen yn Angelsaksyske skiednis. Nei trije jier briek er syn masterstúdzje lykwols ôf om sjoernalist te wurden foar de tillefyzjestjoerder ITV.

Karriêre Yn 'e 1970-er jierren wurke Wood yn Manchester foar de BBC, wêrby't er earst ferslachjouwer wie en him doe opwurke ta produsint fan ferskate aktualiteiterubriken. Uteinlik kearde er lykwols werom nei syn skiedkundige eftergrûn, troch fan 1979 oant 1981 de dokumintêresearje In Search of the Dark Ages ("Op 'e Siik nei de Midsiuwen") te produsearjen en presintearjen. Yn dy rige died er ûndersyk nei de libbens fan û.m. Bûdikka, kening Arthur, Alfred de Grutte, Athelstan, Earik Bloedbile en Willem de Oermasterder. Op basis fan dizze tillefyzjerige skreau Wood ek syn earste boek.

Letter makke Wood dokumintêresearjes as In Search of the Trojan War ("Op 'e Siik nei de Trojaanske Oarloch") en Domesday: A Search for the Roots of England ("It Domesday Book: In Syktocht nei de Woartels fan Ingelân"). Fanwegen syn fermogen om skiednis op begryplike en ûnderhâldende wize út te lizzen, wûn er al rillegau grutte populariteit, benammen yn Grut-Brittanje, mar ek yn de Feriene Steaten en oare Angelsaksyske lannen, dêr't syn programma's ek geregeldwei útstjoerd waarden. Yn Nederlân waarden yn 'e 1990-er jierren syn searjes Legacy: A Search for the Origins of Civilisation ("Erfskip: In Syktocht nei de Boarnen fan 'e Beskaving") en In the Footsteps of Alexander the Great ("Yn de Fuotstappen fan Aleksander de Grutte") útstjoerd troch Teleac.

Yn 2006 joech Wood him by de saneamde Britske Skoalle foar Argeology yn Irak, in kampanje mei as doel om nije Iraakske argeologen te trenen. Oer dat ûnderwerp hold er yn Grut-Brittanje ek rûnom lêzings. Yn 2009 waard him in earedoktoraat takend troch de Sunderland Universiteit, folge troch noch ien fan 'e Universiteit fan Leicester yn 2011. Wood waard yn 2013 heechlearaar publike skiednis oan de Universiteit fan Manchester.

Priveelibben Ein santiger, begjin tachtiger jierren hie Wood in skoft in relaasje mei sjoernaliste en presintatrise Pattie Coldwell. Tsjintwurdich wennet er yn it noarden fan 'e Britske haadstêd Londen mei syn frou, tillefyzjeprodusinte Rebecca Ysabel Dobbs, en harren beide dochters Minakshi en Jyoti.

Dokumintêresearjes 1979-1980 – In Search of the Dark Ages 1980 – Great Railway Journeys (ôfl. Zambezi Express) 1983 – Great Little Railways (ôfl. Slow Train to Olympia) 1985 – In Search of the Trojan War 1986 – Domesday: A Search for the Roots of England 1989 – Art of the Western World 1992 – Legacy: A Search for the Origins of Civilisation 1997 – In the Footsteps of Alexander the Great 2000 – Conquistadors 2003 – In Search of Shakespeare 2005 – In Search of Myths and Heroes 2007 – The Story of India 2008 – Christina: A Medieval Life 2009 – In Search of Beowulf 2010 – Michael Wood's Story of England 2012 – The Great British Story: A People's History 2013 – King Alfred and the Anglo Saxons

Keppelings om utens Folsleine filmografy fan Michael Wood yn 'e Internet Movie Database (IMDb)

Kategory:Ingelsk skiedkundige Kategory:Ingelsk heechlearaar Kategory:Ingelsk dokumintêremakker Kategory:Ingelsk telefyzjepresintator Kategory:Ingelsk sjoernalist Kategory:Ingelsk ferslachjouwer Kategory:Ingelsk telefyzjeprodusint Kategory:BBC-wurknimmer Kategory:Persoan berne yn 1948