Jennifer Fallon (Melbourne, 1959) is in Australysk skriuwster fan romans, novelles en koarte ferhalen fan 'e sjenres fantasy- en science fiction. Ek hat hja ferskate non-fiksjepublikaasjes útbrocht. Fallon is ek ûndernimster, kompjûterspesjaliste en sakekonsulinte.
Libben en karriêre Fallon waard yn 1959 berne yn it Australyske Melbourne, yn 'e steat Fiktoaria, as de njoggende dochter yn in gesin mei mar leafst trettjin bern, allegearre famkes. Hja groeide op yn Melbourne oant har heit, in hege amtner, yn 1970 wurk krige yn 'e Australyske haadstêd Canberra, en it gesin sadwaande nei it Australysk Haadstedsk Territoarium ferhuze. Fallon wenne acht jier lang yn en yn 'e omkriten fan Canberra, en folge it middelber ûnderwiis oan in roomsk-katolike famkesskoalle.
Fallon hat twa dochters en in soan, en hat troch de jierren hinne mear as fyftich pleechbern hân. Hja hat in mastergraad behelle oan 'e fakulteit fan 'e kreätive keunsten fan 'e Queenslânske Universiteit fan Technology (QUT). Fan 1980 ôf wenne Fallon tritich jier lang yn it Noardlik Territoarium, mar yn 2010 fêstige se har op it Sudereilân fan Nij-Seelân, dêr't se belutsen is by it opsetten fan it Reynox International Writers Centre. Hja ûnderhâldt harsels as kompjûterspesjaliste en is wurksum yn 'e ynformaasjetechnologybrâns. As ûnderdiel dêrfan jout Fallon kompjûterkursussen oan bedriuwspersoneel, en elts jier bringt se foar har wurk in moanne troch op 'e Basis Scott, yn it Ross-ôfhinklikheidsgebiet, de Nijseelânske sektor fan Antarktika.
Yn har frije tiid skriuwt Fallon fan 'e ein fan 'e jierren njoggentich ôf benammen romans, mar ek wol novelles en koarte ferhalen, dy't ta de sjenres fan fantasy en science fiction hearre. Hja hat wrâldwiis mear as 750.000 boeken ferkocht. Har wurken wurde yn Austraalje útbrocht troch û.o. Voyager, yn 'e Feriene Steaten troch Tor Books en Random House en yn Grut-Brittanje troch Orbit. Guon Nederlânske oersettings binne ferskynd by Luitingh Fantasy. Behalven fiksje hat Fallon ek ferskate non-fiksjeboeken publisearre.
Wurk Romans yn 'e wrâld fan 'e Demon Child-trilogy en de Hythrun Chronicles-trilogy Demon Child-trilogy (yn Noard-Amearika mei de 'echte' Hythrun Chronicles op 'e merk brocht as de Hythrun Chronicles) 2000 – Medalon 2001 – Treason Keep 2001 – Harshini Hythrun Chronicles-trilogy (prequel fan 'e Demon Child-trilogy) 2004 – Wolfblade Nederlânske oersetting: Marla Wolfsblad (fert. Richard Heufkens, 2010) 2004 – Warrior Nederlânske oersetting: Damin Wolfsblad (fert. Richard Heufkens, 2010) 2005 – Warlord Nederlânske oersetting: Wolfsblad voor Altijd (fert. Richard Heufkens, 2011) War of the Gods-trilogy 2014 – The Lyre Thief 2015 – Retribution * 20?? – Covenant * 20?? – Brakandaran the Halfbreed * *) Retribution is inkeld yn Austraalje útbrocht en Covenant is noch hielendal net ferskynd, fanwegen in langrinnend konflikt tusken Fallon en har ynternasjonale útjouwer Tor Books. It is ûndúdlik wannear't de beide boeken foar in ynternasjonaal lêzerspublyk beskikber komme sille. Neffens Fallon hat Tor foar Retribution 2028 as jier fan útjefte fêststeld.Notysje fan Fallon hjiroer op Facebook Brakandaran the Halfbreed sit fêst efter de opstopping fan 'e oare beide boeken. oare romans Second Sons-trilogy 2002 – Lion of Senet 2003 – Eye of the Labyrinth 2003 – Lord of the Shadows Stargate SG-1-rige (skreaun troch ferskate auteurs) 2007 – Stargate SG-1: Roswell (mei Sonny Whitelaw) Tide Lords-rige 2007 – The Immortal Prince 2007 – Gods of Amyrantha 2008 – The Palace of Impossible Dreams 2008 – The Chaos Crystal Rift Runners-trilogy 2011 – The Undivided 2011 – Dark Divide 2013 – Reunion
Novelles 2011 – The Magic Word (earder útbrocht as ûnderdiel fan 'e blomlêzing Australia's Legends of Fantasy, út 2009) 2016 – First Kill
Koarte ferhalen 2009 – The Magic Word (yn 'e blomlêzing Australia's Legends of Fantasy, û.red.f. Jack Dann en Jonathan Strahan) 2009 – Yours and Mine (yn 'e blomlêzing More Tales of Zorro) 2010 – MacReadie V: The Love Machine (yn 'e blomlêzing Baggage: An Anthology of Australian Speculative Fiction, û.red.f. Gillian Pollack) 2010 – Diary of a Superchick (yn 'e blomlêzing Chicks in Capes)
Non-fiksje 2013 – How to Write a Bestseller 2013 – How to Find Your Soulmate on the Internet – NOT! 2013 – How to Write a Bestseller 2 2014 – How to Write a Bestseller 3 2014 – How to Write a Bestseller 4
Keppelings om utens Offisjele webside fan Jennifer Fallon
Kategory:Australysk romanskriuwer Kategory:Australysk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Australysk fantasyskriuwer Kategory:Australysk science fiction-skriuwer Kategory:Australysk ynformatikus Kategory:Australysk ûndernimmer Kategory:Australysk persoan fan Iersk komôf Kategory:Persoan berne yn 1959