Peter F. Hamilton (Rutland (Ingelân), 2 maart 1960) is in foaroansteand Britsk skriuwer fan romans, novelles en koarte ferhalen fan it science fiction-sjenre. Hy stiet benammen bekend as auteur fan it subsjenre fan 'e space opera, mar hat ek wol wurken skreaun dy't ta oare subsjenres hearre. Doe't yn 2004 syn tsiende roman publisearre waard, wiene fan syn wurken wrâldwiid al mear as 2 miljoen ferkocht. Yn 2014 sette Hamilton útein mei it skriuwen fan in fantasyrige foar bern.
Libben en karriêre Hamilton waard yn 1960 berne yn it Ingelske Rutland. Hy studearre nea oan in universiteit, en sei letter yn in fraachpetear oer syn skoalkarriêre: "Ik die oant myn achttjinde wis-, natuer- en skiekunde op skoalle, mar hold al mei sechstjin jier op mei Ingelsk en Ingelske literatuer en skriuwen. Dat hie yn dy tiid gewoan myn ynteresse net."
Yn 1987 sette Hamilton lykwols dochs útein mei in karriêre as auteur. Hy ferkocht syn earste koarte ferhaal yn 1988 oan it tydskrift Fear Magazine. Syn earste roman, Mindstar Rising waard yn 1993 publisearre, folge troch A Quantum Murder in jier letter, en The Nano Flower, it trêde diel fan 'e Greg Mandel-trilogy yn 1995. Neitiid skreau er fan 1996 oant 2000 in mânske space opera, mei as titel de Night's Dawn-trilogy. Ien fan Hamilton syn populêrste boeken wie de roman Great North Road, wêryn't er in detektiveferhaal mei in science fiction-dekôr kombinearre.
Hamilton is in tige produktive skriuwer, dy't gebrûk makket fan in dúdlike, prozayske styl. Syn boeken folgje yn 'e regel ferskate ferhaallinen, mei faak trije of mear haadpersoanen, dy't los faninoar begjinne en lange tiid neat of mar hiel yndirekt mei-inoar te krijen hawwe, mar dy't úteinlik dochs gearkomme. Faak foarkommende motiven yn Hamilton syn wurk binne seksueel ierripe teenagers, polityk, religy, mystearjes en wapene konflikten. Yn 2008 wenne Hamilton mei syn frou Kate, syn dochter Sophie en syn soan Felix yn syn berteplak Rutland.
Wurk Romans Greg Mandel-trilogy 1993 – Mindstar Rising 1994 – A Quantum Murder 1995 – The Nano Flower Confederation Universe-rige Night's Dawn-trilogy 1996 – The Reality Dysfunction (yn 'e Feriene Steaten publisearre yn twa dielen: Emergence en Expansion) 1997 – The Neutronium Alchemist (yn 'e Feriene Steaten publisearre yn twa dielen: Consolidation en Conflict) 1999 – The Naked God (yn 'e Feriene Steaten yn paperbackfoarm publisearre yn twa dielen: Flight en Faith; de hardcoveredysje wie ien boek) 1998 – A Second Chance at Eden (bondel koarte ferhalen mei de titelnovelle dy't yn deselde wrâld spylje as de Night's Dawn-trilogy) 2000 – The Confederation Handbook (companionboek oer it universum fan 'e Night's Dawn-trilogy) Web-rige (oare dielen fan dizze romansearje binne skreaun troch oare auteurs) 1998 – Lightstorm Commonwealth Universe-rige 2002 – Misspent Youth Commonwealth Saga-duology 2004 – Pandora's Star 2005 – Judas Unchained Void-trilogy 2007 – The Dreaming Void 2008 – The Temporal Void 2010 – The Evolutionary Void The Chronicle of the Fallers-duology 2014 – The Abyss Beyond Dreams 2016 – The Night without Stars The Queen of Dreams-rige (berneboekesearje fan it fantasysjenre; ek bekend as de Book of Realms-rige) 2014 – The Secret Throne (ek bekend as The Queen of Dreams) 2016 – The Hunting of Princes 2017 – A Voyage Through Air Salvation Sequence-trilogy 2018 – Salvation 2019 – Salvation Lost 2020 – The Saints of Salvation Arkship-trilogy 2021 – A Hole in the Sky 2022 – The Captain's Daughter 2022 – Queens of an Alien Sun op harsels steande romans 2000 – Watching Trees Grow 2001 – Fallen Dragon 2012 – Great North Road 2021 – Light Chaser (mei Garth L. Powell)
Koarte fiksje Ferhalebondels 1998 – A Second Chance at Eden (ûnderdiel fan 'e Night's Dawn-trilogy) 2011 – Manhattan in Reverse 2020 – Stories of Hope and Wonder (mei oaren)
Ofsûnderlike wurken (N.B.: yn 'e ûndersteande list giet it om koarte ferhalen, of it moat oars oanjûn stean) 1991 – Sonnie's Edge 1991 – Deathday 1992 – De-De and the Beanstalk 1992 – Falling Stones 1993 – Spare Capacity 1993 – Adam's Gene 1994 – Starlight Dreamer 1994 – Eat Reecebread (mei Graham Joyce) 1997 – The White Stuff (mei Graham Joyce) 1997 – Escape Route 2000 – A Second Chance at Eden (koarte novelle) 2000 – Watching Trees Grow (koarte novelle) 2000 – The Suspect Genome (koarte novelle oer Greg Mandel) 200? – Softlight Sins 2005 – Footvote 2005 – The Forever Kitten 2007 – Blessed by an Angel 2011 – Return of the Mutant Worms 2011 – If at First... 2011 – The Demon Trap 2011 – Manhattan in Reverse 2011 – Footvote 2014 – Family Matters (koart ferhaal oer Greg Mandel) 2016 – A Window into Time
Keppelings om utens Offisjele webside fan Peter F. Hamilton
Kategory:Ingelsk romanskriuwer Kategory:Ingelsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Ingelsk science fiction-skriuwer Kategory:Ingelsk fantasyskriuwer Kategory:Ingelsk berneboekeskriuwer Kategory:Persoan berne yn 1960