Alma Hogan Snell (yn it Krieë Yndianereservaat (Montana), 23 jannewaris 1923 – Billings (Montana), 5 maaie 2008) wie in Amerikaansk skiedkundige, ûnderwizeresse, krûdekundige en publisiste fan Yndiaansk etnysk komôf. Hja wie in bernsbern fan Giet-Foarút, in ferkenner yn it Amerikaanske Leger, en Moai Skyld, in medisynfrou.

Libben en karriêre Snell wie in Krie-Yndiaanse dy't yn 1923 berne waard yn Krieë Yndianereservaat yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Montana. Har pake wie Giet-Foarút, dy't ûnder de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 as ferkenner yn it Amerikaanske Leger tsjinne en meifocht yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, en har beppe wie Moai Skyld, in foaroansteand medisynfrou fan 'e Krieën. Snell har Krieske namme wie Bea Azeta, dat "Wiidferneamde Frou" betsjut.

Snell ûntjoech har ta skiedkundige fan har eigen folk en lei har dêrnjonken ta op krûdekunde. Hja joech de hiele Feriene Steaten troch lêzings oer de genêskundige wurking en oare eigenskippen fan planten, en teffens oangeande ûnderwerpen as sûnens en wolwêzen. Snell publisearre twa boeken: it itensiedersboek A Taste of Heritage (2006), wêryn't se tradisjonele Krieske resepten beskreau, en har autobiografy Grandmother's Grandchild: My Crow Indian Life. Fierders skreau Snell yn 2003 it wurd foarôf foar de werútjefte fan 'e biografy fan har beppe Moai Skyld, Pretty-Shield: Medicine Woman of the Crows.

Alma Hogan Snell wie troud mei Bill Snell, en hie twa soannen, Ted Hogan en Bill Snell jr. Se wenne yn Yellowtail en kaam op 5 maaie 2008 yn 'e stêd Billings, yn Montana, te ferstjerren. Hja waard 85 jier âld.

Keppelings om utens Krieske resepten en homeopatyske genêswizen fan Alma Hogan Snell Alma Hogan Snell fertelt oer har beppe Moai Skyld (Pretty Shield)

Kategory:Amerikaansk skiedkundige Kategory:Amerikaansk ûnderwizer Kategory:Amerikaansk itensiedersboekeskriuwer Kategory:Amerikaansk autobiograaf Kategory:Krûdekundige Kategory:Amerikaansk wittenskipper fan Yndiaansk komôf Kategory:Amerikaansk ûnderwizer fan Yndiaansk komôf Kategory:Amerikaansk skriuwer fan Yndiaansk komôf Kategory:Yndiaanske frou Kategory:Persoan fan Kriesk komôf Kategory:Persoan berne yn 1923 Kategory:Persoan stoarn yn 2008