Dieblich is in plak oan 'e Mûzel yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts.

Bestjoer Dieblich makket diel út fan 'e lânkring Mayen-Koblenz en heart by de ferbânsgemeente Rhein-Mosel.

Monuminten Yn it sintrum fan Dieblich stiet de yn 1829 troch de Prusyske arsjitekt Johann Claudius von Lassaulx boude skoalle. Hjoed-de-dei is hjir it gemeentebestjoer fêstige. De katolike Pfarrkirche St. Johannes waard tusken 1844 oant 1848 troch de arsjitekt Ferdinand Nebel boud. By de tsjerke stiet in fersterke hûs mei de namme Heesenburg. De oarsprong fan it hûs giet werom op 'e 13e iuw en wie ea it besit fan 'e famylje Von der Arken út Koblenz. Yn 1762 erfde frijhear Johann Philipp Ernst von und zu der Hees it hûs.

Natoer Yn it wetter en oan 'e seame fan de Mûzel by Dieblich libbet de yn Dútslân tige seldsume dobbelstiennjirre. De wetterslang hat dêr ien fan 'e fjouwer Dútske populaasjes. It gebiet dêr't de njirre libbet, begjint krekt súd fan Dieblich en rint troch oant de Moselgoldbrücke by Niederfell. Fanwegen it foarkommen fan 'e slang wurdt it gebiet sûnt in jiermennich beskerme. Buorden oan 'e B-49 ynformearje oer it smelle natoergebiet.

Ofbylden

Kategory:Plak yn Rynlân-Palts Kategory:Gemeente yn Rynlân-Palts