Roubaix (Nederlânsk: Robaais; West-Flaamsk: Roboais) is in âlde yndustrystêd yn it noarden fan Frankryk, flak by de Belgyske grins. De stêd hat likernôch 98.000 ynwenners (2023) en is dêrmei nei Risel en Amiens de op twa nei grutste stêd fan 'e regio Opper-Frankryk Région Hauts-de-France. Roubaix foarmet in konurbaasje mei de omlizzende stêden Risel, Tourcoing, Villeneuve-d'Ascq en 86 oare gemeenten, dêr't mear as in miljoen minsken wenje, dy't ûnder it gesach feriene fan in stêdekloft falt: de Jeropeeske metropoal fan Risel Métropole européenne de Lille.

Mei de Yndustriële Revolúsje fan 'e njoggentjinde ieu groeide Roubaix yn rap tempo. De befolking woeks fan yn 1800 nei yn 1896. De stêd waard doe in sintrum fan ynternasjonaal belang foar de wol- en tekstylyndustry en waard dêrom ek wol 'It Mansjester fan Frankryk ferneamd. Healwei de 20e iuw rekke de tekstylsektor yn ferfal. Sûnt moat de ekonomy fan Roubaix it meast hawwe fan kultuer, mar seker ek fan toerisme. It Museum foar Keunst en Yndustry La Piscine – Musée d'Art et d'Industrie Andrée Diligent en it Museum foar Tekstylen Musée atelier textile – La Manufacture lûke in soad minsken.

De stêd is hjoed-de-dei foaral bekend as oankomstplak fan 'e hurdfytswedstryd Parys-Roubaix.

Befolking Roubaix is bekend om syn sosjaal, kultureel en etnysk ferskaat. De ynwenners fan 'e stêd wurde yn it Frânsk “Roubaisiens” en yn it Pikardysk “Roubégnos” neamd.

Partnerstêden Roubaix hat mei acht stêden partnerskippen.

Mönchengladbach, Dútslân, sûnt 1969 Verviers, Belgje, sûnt 1969 Bradford, Grut-Brittanje, sûnt 1969 Skopje, Masedoanje, sûnt 1973 Prato, Italië, sûnt 1981 Sosnowiec, Poalen, sûnt 1993 Covilhã, Portugal, sûnt 2000 Bouira, Algerije, sûnt 2003

Keppeling om utens Amtlike webside fan 'e stêd Webside foar toeristen Keunstmuseum webside fan 'e stêd Tekstylmuseum webside fan 'e stêd

Kategory:Plak yn Frankryk Kategory:Plak yn Opper-Frankryk Kategory:Gemeente yn Frankryk Kategory:Gemeente yn Opper-Frankryk