René Clair (Parys, 11 novimber 1898 – Neuilly-sur-Seine, 15 maart 1981) wie in Frânsk filmregisseur en skriuwer.

Libben en wurk Clair wie de soan fan in sjippefabrikant. Hy waard grubrocht yn it Quartier des Halles en gie nei it Lycée Montaigne en letter nei it Lycée Louis-le-Grand, dêr't befreone rekke mei Jacques Rigaut. Yn 1917 waard er as ambulânsesjauffeur by de Earste Wrâldoarloch belutsen.

Hy waard yn 1918 sjoernalist ûnder de skûlnamme René Després. Fan 1922 ôf bedarre er yn de teâter- en filmwereld, ynearsten as senarioskriuwer, rillegau ek as regisseur. Yn 1924 brocht er it Ballett Relâche fan Eric Satie op 'e planken yn de Champs-Élysées. Letter dat jier regissearre er de koarte dadayïstyske film Entr’acte, dy't in protte opskuor joech en him yn ien klap ferneamd makke. Yn de jierren tritich krige Clair ynternasjonaal de namme fan regisseur fan avant-gardistyske en artistyk fernijende films. Bekend wie syn muzykfilm Le Million en À Nous la Liberté, beide út 1931.

Yn 1936-1937 wurke er in skoft yn Londen en yn juny 1940, nei it útbrekken fan de Twadde Wrâldoarloch, emigrearre er nei de Feriene Steaten, dêr't er yn Hollywood fjouwer films makke dy't súkses hiene. Nei de aorloch gie er werom nei Frankryk. Syn film Les Grandes Manœuvres (1955), mei Michèle Morgan, Gérard Philipe en Brigitte Bardot, hie ynternasjonaal súkses.

Fan 1950 ôf oan set Clair njonken de filmerij ek ut ein mei it skriuwen fan benammen essays, mar ek in stikmannich romans en novelles. Yn 1960 waard er keazen ta lid fan de Académie française, as earste sineäst en net primêre literator. Fan 1994 ôf rikt de Akademy de Prix René Clair foar it bêste kamerawurk.

Persoanlik libben Ein 1924, doe't Clair mei France Picabia wurke oan Ciné-sketch foar it teäter, moete er de jonge aktrise Bronja Perlmutter, dy't dêrnei yn syn film Le Voyage imaginaire (1926) ferskine soe. Sy trouden yn 1926 en krigen in soan, Jean-François, yn 1927.Jean Mitry, René Clair. (Paris: Éditions Universitaires, 1960). s.10.Celia McGeer, René Clair. (Boston: Twayne, 1980). p.60.

René Clair stoar thús op 15 maart 1981 en waard yn besletten rûnte beïerdige yn Saint-Germain-l'Auxerrois.Pierre Billard, Le Mystère René Clair. (Parys: Plon, 1998). s.443.

Filmografy thumb|René Clair (l.) en Erik Satie op de set fan Entr'acte (1924) 1924: Entr'acte (koarte film) 1925: Paris qui dort (koarte film) 1925: Le Fantôme du Moulin-Rouge 1926: Le Voyage imaginaire 1927: La Proie du vent 1928: La Tour (koarte film) 1928: Un chapeau de paille d'Italie 1929: Les Deux Timides 1930: Sous les toits de Paris 1931: À nous la liberté 1931: Le Million 1933: 14 Juillet 1934: Le Dernier Milliardaire 1935: The Ghost Goes West 1938: Break the News 1941: The Flame of New Orleans 1942: I Married a Witch 1943: Forever and a Day 1944: It Happened Tomorrow 1945: And Then There Were None 1947: Le silence est d'or 1950: La Beauté du diable 1952: Les Belles de nuit 1955: Les Grandes Manœuvres 1957: Porte des Lilas 1960: La Française et l'Amour 1961: Tout l'or du monde 1962: Les Quatre Vérités 1965: Les Fêtes galantes

Bibliografy Adams, roman, 1926 Réflexion faite, essays, 1951 La princesse de Chine, novelle, 1951 De fil en aiguille , novelle, 1951 Comédies et Commentaires, essays, 1959 Cinéma d’hier, cinéma d’aujourd’hui, essays, 1970 L’étrange ouvrage des cieux, essays, 1972 Jeux du hasard, roman, 1976

Keppelings om utenss Biografy op de webside fan de Académie française Profyl fan René Clair op IMDB

Kategory:Frânsk filmregisseur Kategory:Frânsk senarioskriuwer Kategory:Frânsk romanskriuwer Kategory:Frânsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Frânsk publisist Kategory:Frânsk sjoernalist Kategory:Lid fan de Académie française Kategory:Persoan berne yn 1898 Kategory:Persoan stoarn yn 1981