Meljean Brook (Dallas (Oregon), 6 augustus 1977) is in Amerikaansk skriuwster en boekbânûntwerpster. Hja publisearret ek boeken ûnder it pseudonym Milla Vane. Brook wennet op 't heden mei har gesin yn 'e stêd Portland, yn 'e Amerikaanske steat Oregon.
Libben Brook waard yn 1977 berne yn Dallas, yn 'e Amerikaanske steat Oregon. Hja folge in oplieding Ingelske taal- en letterkunde oan 'e Steatsuniversiteit fan Portland, dy't hja ôfsleat mei it beheljen fan in bachelortitel. Yn 2005 publisearre Brook har earste novelle, mei as titel Falling for Anthony, nei't boekeredaktrise Cindy Hwang fan 'e útjouwerij Berkley Books kontakt mei har opnommen hie. Dyselde hie nammentlik ferskate fanfiksjewurken lêzen dy't Brook op in ynternetfoarum pleatst hie.
Brook skriuwt útslutend fantasyliteratuer. Se hat benammen súkses hân mei de Guardian-searje en de Iron Seas-searje. De Guardian-searje heart ta it subsjenre fan 'e urban fantasy, fermongen mei romantyk. De Iron Seas-searje is sawol steampunk as alternate history (op 'e nij yn kombinaasje mei romantyk), wêryn't it Mongoalske Ryk sawol Jeraazje as Afrika ferovere hat mei oarlochsmasines en nanotechnology. Yn 'e roman The Iron Duke wurdt Ingelân fan 'e útlânske besetting befrijd troch it titelpersonaazje.
Fierders publisearret Brook ûnder it pseudonym Milla Vane ek wurken dy't ta de heroyske fantasy (en romantyk) hearre. Njonken har skriuwkarriêre ûntwerpt Brook ek omslaggen foar harsels en foar oare auteurs. Har ympressario is Nephele Tempest fan The Knight Agency. Yn 2010 wûn Brook de Romantic Times Reviewers' Choice Award yn 'e kategory paranormal romance/urban fantasy foar de roman The Iron Duke, en yn 2012 wûn se deselde priis yn 'e kategory boek fan it jier foar de roman Riveted.
Wurk N.B.: ûndersteande titels binne romans, of it moat oars oanjûn wêze. Guardian 2005 – Falling for Anthony (novelle yn 'e blomlêzing Hot Spell) 2007 – Demon Angel 2007 – Paradise (koart ferhaal yn 'e blomlêzing Wild Thing) 2007 – Demon Moon 2008 – Demon Night 2008 – Thicker Than Blood (koart ferhaal yn 'e blomlêzing First Blood) 2008 – Demon Bound 2009 – Demon Forged 2009 – Blind Spot (koart ferhaal yn 'e blomlêzing Must Love Hellhounds) 2010 – Demon Blood 2011 – Demon Marked 2011 – Ascension (koart ferhaal yn 'e blomlêzing Angels of Darkness) 2013 – Guardian Demon
Iron Seas 2010 – The Iron Duke 2010 – The Blushing Bounder (koart ferhaal yn 'e blomlêzing Wild & Steamy) 2011 – Heart Of Steel 2011 – Here There Be Monsters (koart ferhaal yn 'e blomlêzing Burning Up) 2012 – Mina Wentworth And The Invisible City (novelle yn 'e foarm fan epilooch by de roman The Iron Duke) 2012 – Riveted 2012 – Tethered (novelle yn 'e foarm fan in epilooch by de roman Heart of Steel) 2013 – Salvage (koart ferhaal yn 'e blomlêzing Enthralled) 2013 – Wrecked (koart ferhaal yn 'e blomlêzing Fire & Frost) 2014 – The Kraken King (fúljetonroman) The Kraken King and the Scribbling Spinster The Kraken King and the Abominable Worm The Kraken King and the Fox's Den The Kraken King and the Inevitable Abduction The Kraken King and the Iron Heart The Kraken King and the Crumbling Walls The Kraken King and the Empress Eyes The Kraken King and the Greatest Adventure
oare wurken ûnder de namme Meljean Brook 2009 – In Sheep's Clothing (koart ferhaal yn 'e blomlêzing The Mammoth Book of Paranormal Romance) 2011 – Forward (koart ferhaal yn 'e blomlêzing Steamlust) 2011 – Rescue Me (koart ferhaal yn 'e blomlêzing Agony/Ecstasy) 2013 – Legends of Red Sonja 2014 – Frozen
wurken publisearre ûnder de namme Milla Vane 2014 – The Beast of Blackmoor (novelle yn 'e blomlêzing Night Shift) 2014 – Silent Night (koart ferhaal yn 'e blomlêzing That's What I'm Talking About) 2016 – Vengeance
Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar2010Romantic Times Reviewers' Choice Awardwûnbêste paranormal romance/urban fantasy-romanThe Iron Duke2012Romantic Times Reviewers' Choice Awardwûnboek fan it jierRiveted
Keppelings om utens Offisjele webside fan Meljean Brooks Offisjele webside fan Milla Vane
Kategory:Amerikaansk romanskriuwer Kategory:Amerikaansk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Amerikaansk fantasyskriuwer Kategory:Amerikaansk skriuwer fan romantyske fiksje Kategory:Amerikaansk boekbânûntwerper Kategory:Persoan berne yn 1977