Gail Z. Martin (folút: Gail Zehner Martin; Meadville (Pennsylvania), 1 desimber 1962) is in Amerikaansk skriuwster fan fantasyliteratuer, publisiste en universitêr dosinte. Hja leit har by har skriuwen benammen ta op 'e subsjenres fan 'e hege fantasy en de urban fantasy. Martin is it bekendst wurden mei har fjouwerdielige searje The Chronicles of the Necromancer, dy't se tusken 2007 en 2010 publisearre.
Libben en karriêre Martin waard yn 1962 as Gail Zehner berne yn Meadville, yn 'e Amerikaanske steat Pennsylvania. Hja folge in oplieding skiednis oan it Grove City Kolleezje, yn Grove City, dy't se yn 1984 ôfsleat mei it beheljen fan in bachelortitel. Dêrnei learde se fierder yn marketing en managementynformaasjesystemen oan 'e Steatsuniversiteit fan Pennsylvania yn University Park, dêr't se yn 1986 in mastergraad yn behelle. Neitiid wurke se santjin jier lang yn it bedriuwslibben, wêrby't se opklom ta fise-presidinte foar bedriuwskommunikaasje, oant se yn 2003 har eigen managementadvysbedriuw oprjochte, dat fan Dreamspinner Communications hjit. Yn 1987 troude Martin mei in Larry N. Martin, mei wa't hja trije bern hat.
Nei't se har eigen bedriuw oprjochte hie, sette Martin yn har frije tiid útein mei in karriêre as skriuwster. Dat hie al lang in dream fan har west, en har earste koarte ferhaal skreau hja doe't hja fiif jier wie. Letter rjochte se op 'e middelbere skoalle in fanzine op. Yn 2007 publisearre se har earste roman, mei as titel The Summoner. Dat wie it earste diel fan 'e searje The Chronicles of the Necromancer, en waard folge troch The Blood King (2008), Dark Haven (2009) en Dark Lady's Chosen (2010). Mei dy rige briek Martin daliks troch en de fjouwer boeken waarden bestsellers. Neitiid skreau se de Fallen Kings-duology, de fjouwerdielige Ascendant Kingdoms-rige en in grut tal op harsels steande romans, novelles en koarte ferhalen.
Njonken har bedriuw en har wurk as skriuwster hat Martin in trijetal non-fiksjewurken publisearre, en dêrnjonken skriuwt se artikels foar regionale en nasjonale tydskriften yn 'e Feriene Steaten. Teffens jout se les yn p.r.-skriuwwurk en sprekken yn it iepenbier oan 'e Universiteit fan Noard-Karolina, yn Charlotte. Martin wennet geregeldwei science fiction- en fantasykonvinsjes by.
Wurk Fiksje The Chronicles of the Necromancer-searje 2007 – The Summoner 2008 – The Blood King 2009 – Dark Haven 2010 – Dark Lady's Chosen Fallen Kings-rige 2011 – The Sworn 2012 – The Dread Ascendant Kingdoms-searje 2013 – Ice Forged 2014 – Reign of Ash 2015 – War of Shadows 2015 – No Reprieve 2016 – Shadow and Flame Deadly Curiosities-searje (novelles) 2013 – Vanities 2013 – Wild Hunt 2013 – Dark Legacy 2013 – Steer a Pale Course 2013 – Among the Shoals Forever 2013 – The Low Road 2013 – Buttons 2014 – Deadly Curiosities 2014 – Coffin Box 2014 – Wicked Dreams 2014 – Collector 2014 – Bad Memories 2015 – Shadow Garden 2015 – The Restless Dead (koart ferhaal) 2015 – Retribution (koart ferhaal) 2015 – Spook House 2015 – Fatal Invitation 2015 – Redcap 2015 – Vendetta 2016 – Bloodlines 2016 – Predator 2016 – Trifles and Folly (koart ferhaal) 2016 – Fair Game 2016 – The Final Death 2017 – Unraveled 2017 – Trifles and Folly 2 (koart ferhaal) 2018 – Tangled Web 2019 – Inheritance 2021 – Legacy 2022 – Trifles and Folly 3 (koart ferhaal) Jonmarc Vahanian-rige (novelles) 2013 – Raider's Curse 2013 – Caves Of The Dead 2013 – Storm Surge 2013 – Bounty Hunter 2013 – Blood's Cost 2013 – Stormgard 2014 – Monstrosities 2014 – Bad Places 2014 – Dead Man's Bet 2014 – Dark Passage 2014 – Bad Blood 2014 – Haunts 2014 – Cursed 2014 – Death Plot 2015 – Brigands 2015 – Bleak Harvest 2015 – Hard Choices 2015 – Dead Reckoning 2015 – Desperate Flight 2016 – The Shadowed Path (koart ferhaal) 2017 – Death Match 2017 – Guardian 2017 – Smuggler 2018 – The Dark Road (koart ferhaal) Storm and Fury-rige (novelles; mei Larry N. Martin) 2015 – Resurrection Day 2016 – Grave Voices 2016 – Airship Down 2016 – Rogue 2017 – Ghost Wolf 2017 – Lagniappe 2017 – The Hunt 2017 – Ruin Creek koart ferhaal) 2017 – Storm & Fury (koart ferhaal) Blain McFadden-rige (novelles) 2015 – Arctic Prison 2015 – Ice Bound 2015 – Cold Fury 2016 – King's Convicts (koart ferhaal) 2019 – Convicts and Exiles (koart ferhaal) 2019 – King's Exiles Darkhurst-rige 2017 – Scourge 2018 – Vengeance Spells, Salt & Steel-rige (novelles; mei Larry N. Martin) 2017 – Spells, Salt & Steel 2018 – Open Season 2018 – Deep Trouble 2018 – Close Encounters 2019 – Night Moves 2020 – Monster Mash 2020 – Creature Feature 2022 – House of Cards Assassins of Landria-rige 2018 – Assassin's Honor 2020 – Sellsword's Oath 2020 – Fugitive's Vow 2022 – Exile's Quest 2023 – Outlaw's Vengeance Night Vigil-rige 2018 – Sons of Darkness 2022 – C.H.A.R.O.N. Joe Mack-rige (mei Larry N. Martin) 2019 – Cauldron 2020 – Black Sun 2021 – Chicagoland 2022 – Spellbound Wasteland Marshals-rige (mei Larry N. Martin) 2019 – Wasteland Marshals 2020 – Witch of the Woods 2020 – Ghosts of the Past 2021 – Shutdown Crew op harsels steande titels 2015 – Iron and Blood
Non-fiksje 2010 – The Thrifty Author's Guide to Launching Your book without Losing Your Mind 2010 – 30 Days To Social Media Success: The 30 Day Results Guide to Making the Most of Twitter, Blogging, Linkedin, and Facebook 2012 – Thrifty Author: Social Media and Mobile Apps for Authors
Keppelings om utens Offisjele webside fan 'e Ascendant Kingdoms-searje Offisjele webside fan 'e Chronicles of the Necromancer-searje Offisjele webside fan Dreamspinner Communications
Kategory:Amerikaansk romanskriuwer Kategory:Amerikaansk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Amerikaansk fantasyskriuwer Kategory:Amerikaansk publisist Kategory:Amerikaansk ûnderwizer Kategory:Amerikaansk ûndernimmer Kategory:Persoan berne yn 1962