Harke Bremer (Nes, 30 septimber 1955 – Kampen, 12 jannewaris 2023) wie in Frysk skriuwer en oersetter.

Biografy Bremer wie hikke en tein yn Nes (D.). Hy studearre klassike talen oan de Ryksuniversiteit Grins en waard learaar Gryksk, Latyn en KCV oan it Gymnasium Celeanum yn Swol. Foar syn fakgebiet wied er (mei-)skriuwer fan ferskate learboeken, wêrûnder it eineksamenboek Latyn 2007/2008.

Fierders wied er tige warber as oersetter. Sûnt ein santiger jierren fertaalde er in soad tegearre mei Jarich Hoekstra. De beide setten ferhalen oer fan Kapitein Rob en Asterix. Ek ferfrysken se de Bommel-ferhalen fan Marten Toonder. Dêrfoar krigen se op 17 septimber 1996 de Obe Postmapriis, in literatuerpriis foar Fryske oersetters.

Fierders skreau Bremer tegearre mei Hoekstra syn eigen proaza. Harren debút dêryn wie yn 1995 mei it boek Hâld Faasje!. Dat is in kolderyk ferhaal oer in learaar maatskippijlear en biology dat karakterisearre waard as in ‘stripferhaal sûnder plaatsjes’. Yn 2009 folge by Utjouwerij Bornmeer harren twadde boek: De Frouwepenje. It boek is in fernimstige histoaryske detektive dy’t spilet yn East-Fryslân ûnder it ding fan de Upstalbeam yn 1323. It yn 2013 publisearre Leffert is epysk gedicht yn 'e tradysje fan 'e Odyssee en Beowulf. En yn novimber 2022 ferskynde fan Bremer en Hoekstra It Smelle Ungelok, in bondel fan 25 balladen oer lytse ûngelokjes dy't in minske yn it deistich libben oerkomme kin.

Bremer kaam op 12 jannewaris 2023 yn syn wenplak Kampen te ferstjerren yn 'e âlderdom fan 67 jier., Oersetter en skriuwer Harke Bremer ferstoarn, yn: de Ljouwerter Krante, 18 jannewaris 2023, s. 28.

Bibliografy (mei Jarich Hoekstra) proaza 1995 - Hâld Faasje! 2009 - De Frouwepenje 2018 - De 13de asega, skriller poëzij 2013 - Leffert: In Heldedicht yn Tolve Sangen 2022 - It Lytse Ungelok oersettings fan stripboeken 1978 - Un Ferhaal fon Asterix de Goljer, nei René Goscinny en Albert Uderzo (yn de stavering neffens it saneamde "Utstel I") 1978 - In Ferhaal fan Asterix de Galjer, nei René Goscinny en Albert Uderzo 1980 - De Gouden Sichte, nei René Goscinny en Albert Uderzo 1981 - De Grutte Kleau, nei René Goscinny en Albert Uderzo 1981 - De Goaten, nei René Goscinny en Albert Uderzo 1994 - De Oare Wrald, nei Marten Toonder 1994 - It Kwea-each, nei Marten Toonder 1995 - De Boppebazen, nei Marten Toonder 1995 - De Aventoeren fan it Sylskip "De Vrijheid": De Aventuren fan Kapitein Rob, diel 1, nei Pieter Kuhn 1996 - It Kukel, nei Marten Toonder 1996 - De Utfalsels, nei Marten Toonder 1996 - It Geheim fan 'e Boskplaat: De Aventoeren fan Kapitein Rob, diel 6, nei Pieter Kuhn 1997 - It Fleurige Utkyk, nei Marten Toonder 1997 - It Foarlân, nei Marten Toonder 1997 - De Speurtocht fan 'e "Vrijheid", nei Pieter Kuhn 1997 - De thúsreis fan 'e "Vrijheid", nei Pieter Kuhn 1998 - De Witmûtse, nei Marten Toonder 1998 - Aventoer op Pampus: De Aventoeren fan Kapitein Rob, diel 36, nei Pieter Kuhn 2000 - Uniek, Hm... Unyk, nei Marten Toonder 2000 - De Unistan, nei Maarten Toonder 2001 - De Einichste Ein, nei Marten Toonder 2007 - Tom Poes en it Spoek fan Bommel State, nei Marten Toonder literêre oersettings 1985 - In Poppehûs, nei Henrik Ibsen (werútjûn yn 2001) 1990 - Lytse Eyolf, nei Henrik Ibsen

Prizen 1996: Obe Postmapriis foar de oersettingen It kwea-each en De boppebazen út it Nederlânsk.

Kategory:Frysk klassikus Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk romanskriuwer Kategory:Frysk skriuwer fan histoaryske fiksje Kategory:Frysk dichter Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Frysk oersetter Kategory:Oersetter nei it Frysk Kategory:Nederlânsk klassikus Kategory:Nederlânsk ûnderwizer Kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Nederlânsk skriuwer fan histoaryske fiksje Kategory:Nederlânsk dichter Kategory:Nederlânsk oersetter Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Nes (Noardeast-Fryslân) Kategory:Persoan berne yn 1955 Kategory:Persoan stoarn yn 2023