Tony Brundel is in skûtsjeskipper dy't mei de Lytse Lies meisylt yn de IFKS. Brundel is al sûnt 1983 by it kampioenskip. Hy sylde doe noch mei op it skûtsje fan Allard Syperda. Sûnt 1994 sylt er as skipper op syn eigen skûtsje. Dêrfoar hat er him doe sels yn Fryslân ta wenjen setten, as kamping- en jachthavenbaas op De Gaastmar. Yn 1997, 2005, 2006 2008 en 2012 is er kampioen wurden.
Kategory:Frysk siler Kategory:Frysk ûndernimmer Kategory:Nederlânsk siler Kategory:Nederlânsk ûndernimmer Kategory:Skûtsjeskipper Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Persoan berne yn de 20e iuw