thumb|Martin Schröder yn 1974

thumb|Byld fan Schröder yn Ouderkerk aan de Amstel Johan Martin Schröder (Amsterdam, 13 maaie 1931 - Noordwijk, 2 oktober 2024) wie in piloat en oprjochter fan de twadde Nederlânske loftfeartmaatskippij nei de KLM, Martinair. By de oprjochting yn 1958 hjitte dy noch Martin's Air Charter.

Yn 1998 nam er - 40 jier nei de oprjochting - ôfskied as presidint-direkteur fan Martinair. Aart van Bochove folge him op yn dy funksje.

Fan septimber 1975 oant septimber 1976 wie Schröder foarsitter fan AMREF Flying Doctors Nederlân. Yn 1981 waard er earelid fan dy organisaasje.

Marc Schröder, syn soan, stichte yn 'e mande mei Michiel Muller de ûnbemanne benzinestasjonkeatling Tango en de pechhelptsjinst Route Mobiel (2004).

Schröder stoar yn 2024, hy waard 93 jier. Luchtvaart Nieuws, 2 oktober 2024.

Kategory:Nederlânsk piloat Kategory:Nederlânsk ûndernimmer Kategory:Nederlânsk bestjoerder Kategory:Nederlânsk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1931 Kategory:Persoan stoarn yn 2024