Diana Pharaoh Francis (Lincoln (Kalifornje), ±1967) is in Amerikaansk skriuwster fan fantasyromans. Hja is benammen bekend fan har Path-trilogy, wêrfan't it earste diel útkaam yn 2003.

Libben en karriêre Francis waard omtrint 1967 berne yn Lincoln, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, dêr't se opgroeide op in feehâlderij. Mei seis jier learde se harsels om sûnder seal te hynsteriden, sadat se har heit-en-dy helpe koe om kij byinoar te driuwen. As se net op in hynder siet, wie Francis yn har jonkheid ek in fûleindich boekelêzer.

Nei't se de middelbere skoalle trochrûn hie oan 'e Oakmont High School yn Roseville, studearre Francis oan 'e Universiteit fan Kalifornje, Davis yn Davis, dêr't se in bachelortitel behelle yn kreätyf skriuwen. Dy sette se by in fierdere stúdzje oan 'e Steatsuniversiteit fan Iowa, yn Ames, om yn in mastergraad.

Neitiid behelle se in doktoraat yn 'e letterkunde oan 'e Ball Steatsuniversiteit yn Muncie (Indiana) mei in proefskrift oer froulike auteurs út it tiidrek foarôfgeande en ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch (1858-1865) en hoe't yn 'e literêre wurken fan dy skriuwsters froulju portrettearre waarden. Dêrby lei Francis in link nei de Britske postkoloniale teory oer hoe't men lânseigen befolkingen yn 'e koloanjes ûnder de tomme hâlde moast.

Diana Pharaoh Francis is troud, en wennet mei har gesin yn 'e steat Montana. Hja is heechleararesse literatuer en skriuwen oan 'e Universiteit fan Montana-West, yn Dillon.

Wurk Path-trilogy 2003 – Path of Fate 2004 – Path of Honor 2006 – Path of Blood Crosspointe-rige 2007 – The Cipher 2008 – The Black Ship 2009 – The Turning Tide 2010 – The Hollow Crown Horngate Witches-rige 2009 – Bitter Night 2010 – Crimson Wind 2011 – Shadow City 2012 – Blood Winter Diamond City Magic-trilogy 2014 – Trace of Magic 2015 – Edge of Dreams 2016 – Whisper of Shadows 2017 – Shades of Memory 2022 – Scatter of Light Mission: Magic-rige 2016 – The Incubus Job 2021 – The Elf Job 2021 – The Pixie Job Everyday Disasters-rige 2018 – Putting the Fun in Funeral 2023 – Putting the Chic in Psychic 2023 – Putting the Ice in Nice Magicfall-rige 2018 – The Witchkin Murders

Keppelings om utens Offisjele webside fan Diana Pharaoh Francis

Kategory:Amerikaansk romanskriuwer Kategory:Amerikaansk fantasyskriuwer Kategory:Amerikaansk letterkundige Kategory:Amerikaansk heechlearaar Kategory:Persoan berne yn de 20e iuw