thumb|Ter Aar. Op de foargrûn Korteraar (2017)
Ter Aar, yn de folksmûle ek wol Aardam, is in plak yn de gemeente Nieuwkoop yn de provinsje Súd-Hollân. Oant 2007 wie it in selsstannige gemeente, dy't dat jier 9000 ynwenners en in oerflakte van 21,71 km² hie (wêrfan 2,36 km² water).
De gemeente Ter Aar is op 1 jannewaris 2007 mei Liemeer en Nieuwkoop opgean yn de gemeente Nieuwkoop.
Lizzing Ter Aar leit flakby Alfen oan de Ryn en op 30 km fan Amsterdam. Wat sneldiken oanbelanget leit Ter Aar net sa geunstich: de opritten dy't it tichtsteby binne lizze by Bodegraven (A12) en Leimuiden (A4), dêr't Ter Aar krekt tuskenyn leit.
Skiednis De namme Ter Aar is ôflaat fan it kanaal 'De Aar', it hjoeddeiske Aarkanaal.
Gemeentewapen By keninklik beslút is op 28 desimber 1859 oan de gemeente Ter Aar in wapen ferliend. De beskriuwing fan it wapen ist: "wêzende in skyld parti, it earste diel fan kiel (read), it twadde fan goud mei in klimmende foks fan kiel".
Oare kearnen thumb|De Langeraarske Plassen sjoen fan de Langeraarsewei ôf. De oare kearnen binne Korteraar, Langeraar en Papenveer. Oantal ynwenners per kearn per 1 jannewaris 2005: Kearn Oantal ynwenners Aardam 4686 Korteraar 765 Langeraar 2435 Papenveer 1106 totaal 8992
Fúzje Op 1 jannewaris 2007 fusearret de gemeente Ter Aar mei de gemeenten Liemeer en Nieuwkoop. De nije namme is noch net bekend. Op 't heden wurdt de nije gemeente oantsjutten as Nieuwkoop, mar de namme sil wierskynlik noch feroarje.
Berne yn Ter Aar Petra de Bruin, hurdfytster Jody Pijper, sjongster Lenie van der Hoorn, reedrydster (earste froulike winner Alvestêdetocht yn 1985) Jan W. van der Hoorn, reedrider (winner Alvestêdetocht 1947) Jos Valentijn, hurdrider (sprintôfstannen) Jan J. van der Hoorn, reedrider (diskwalifisearre yn 'e Alvestêdetocht 1956) Mariska van Rossenberg, freondinne fan Frans Bauer
Basisskoallen De Fokseskâns De Fontein It Kompas
Keppeling om utens Webstee fan de gemeente Offisjeel wapen, plaatsje by wapen is it logo
Kategory:Plak yn Nieuwkoop Kategory:Eardere gemeente yn Súd-Hollân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1811 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 2007