Fokker C.I 275px Rol Ferkenningsfleantúch Makker Fokker Earste flecht 1918 Ut tsjinst 1936 Tal makke 250+ Brûkers Sjoch tekst Farianten Sjoch tekst thumb|275px|De fleugel fan in C.1 De Fokker C.I wie in Dútsk ferkenningsfleantúch, in twadekker dy't oan de ein fan de Earste Wrâldkriich ûntwurpen waard. It wie feitlik in fergrutte Fokker D.VII-jager mei in 138 kW (185 hk) BMW III-motor. De C.I waard ûntwurpen foar it Dútske leger, mar waard net ynset yn de oarloch. It slagge Anthony Fokker en smokkelje ûnderdielen út Dútslân wei nei Nederlân yn de tiid fan de wapenstilstân.

Untjouwing It prototype, V.38, waard teste yn Schwerin en fuortendaliks yn produksje naam. Nei de wapenstilstân gie de produksje fierder yn Nederlân.

Brûkers Nei't 16 C.I's besteld wiene yn febrewaris 1919 kaam it tastel yn Nederlânske tsjinst. De Sowjet-Uny kocht 42 C.Is. De C.I's tsjinnen as ferkennings- en treningsfleantúch. De lêste C.I tsjinne oant yn 1936.

Keninklike Deenske Loftmacht Dútske Keizerryk Luftstreitkrafte

Keninklike Marine Keninklike Loftmacht

Amerikaanske Marine - Twa tastellen kocht troch de US Navy yn 1921. Sowjet-Uny Loftmacht fan de Sowjet-Uny

Farianten V 38 Prototype. C.I Twasits ferkenningsfleantúch, mei in 138 kW (185 hk) BMW IIIa motor. C.Ia Ferbettere ferzje. C.IW Eksperimintele fleanboat. C.II Trijesits passazjiers/transportferzje, mei in 138 kW (185 hk) BMW IIIa motor. C.III Twasits treningsferzje fan de C.I, mei in 164 kW (220 hk) Hispano-Suiza 8B motor. Sjoch foto ynfoboks.

Spesifikaasjes (Fokker C.I) Algemien Bemanning: 2 Lingte: 7,23 m Spanwiidte: 10,5 m Hichte: 2.87 m Fleugeloerflak: 26.3 m² Gewicht leech: 855 kg Maks. gewicht: 1.255 kg

Oandriuwing 1 BMW IIIa 6-syl. wetterkuolle linemotor fan 138 kW

Prestaasjes Topfaasje: 175 km/o Fleanberik: 320 km Plafond: 4000 m

Bewapening 1 × fêst masinegewear foar 1 × beweegber masinegewear efter Oant 50 kg (110 lb) oare lading (bom, hângranaten)

Kategory:Fleanmasine yn de Earste Wrâldkriich C.I Kategory:Dútske ferkenningsfleanmasine Kategory:Yntroduksje út 1918