Fokker F70 275px Rol Ferkearsfleanmasine Makker Fokker Untwerper Fokker Earste flecht 4 april 1993 Yn tsjinst 1993 Ut tsjinst n.f.t. Tal makke 47 (+1 prototype) (1992-1997) Brûkers sjoch tekst Farianten gjin
De Fokker 70 is in ferfearsfleantúch mei twa strielmotors foar regionale flechten. Meidat de motors achter oan de romp sitte hawwe de passazjiers net safolle lêst fan it motorlûd. It fleantúch wie it lêste ûntwerp fan Fokker yn Nederlân. De earste waard yn tsjinst naam yn 1993. De Fokker 70 is feitlik in lytsere fariant fan de Fokker 100 dy't op syn beurt wer in trochûntwikkele fariant fan de Fokker F-28 wie. Tusken 1993 en 1997 waarden der 48 stiks fan boud. Grutste brûker fan it type is KLM Cityhopper, mei 19 fleantugen (novimber 2014; de lêste 9 tastellen út tsjinst op 28 oktober 2017). Ek tsjinnet der in Fokker 70 as Nederlânsk reageringstastel.
Feitlik wie de earste Fokker 70 in 'trochseage' Fokker 100. By it twadde prototype fan de F100, de PH-MKC, waarden twa seksjes fan it fleantúch fuorthelle, sadat er fjouwer meter koarter waard. Dat tastel hie trije frachtdoarren, ien mear as de reguliere Fokker 70.
Hjoeddeiske brûkers Anno 2015 binne der noch 38 tastellen yn tsjinst by 9 loftfeartmaatskippijen: KLM cityhopper (19) - wurde stadichoan ferfongen;news.klm.com - KLM Purchases Seventeen Embraers to Replace its Fokker 70s 30 maart 2015 7 waarden oernaam wurde troch Air Niugininews.klm.com - KLM sells seven Fokker 70s to Air Niugini 16 oktober 2015 Air Niugini (9) Alliance Airlines (7) Austrian Airlines (6) - sille ferfongen wurde en oernaam wurde troch Alliance AirlinesAlliance acquires Austrian Airlines' Fokker fleet Fly All Ways (2) Insel Air (3) Equatorial Congo Airlines (1) Kush Air (1) Transwisata Air (1) TransNusa Air Services (1)
Spesifikaasjes thumb|275px|Fokker 70 fan AustrianArrows Ofmjittingen Spanwiidte: 28,08 m Langte: 30,91 m Hichte: 8,51 m Fleugeloerflak: 93,50 m² Oerflakbelêsting: 392,94 kg/m²
Gewicht en lading Betriebsleergewicht: 22.784 kg Maks. startgewicht: 41.730 kg Maks. lâningsgewicht: 36.740 kg Maks. lading: 10.780 kg Tankynhâld: 9.600 l (13.365 l mei opsjonele tank yn romp) Sitplakken: 70-80 (5 rijen mei middelpaad) Bemanning: 2
Oandriuwing Motor: 2x Rolls-Royce Tay 620-15 Turbofan fan 61,6 kN (13.700 lbs) it stik
Fleanprestaasjes Maks. tsjinstfaasje: 856 km/h (320 KIAS / Mach 0.77) Tsjinstplafond: 10.670 m (35.000 ft) Startbaanlangte min.: 1.665 m Lâningsbaanlangte min.: 1.274 m Maks. fleanberik: 2.010 km (1.085 nm) // 3.410 km (1.840 nm) as Fokker Executive Jet 70ER of mei ekstra tank yn de romp
Ferlikbere ûntwerpen Antonov An-148 AVRO RJ-85 Bombardier CRJ700 Bombardier CRJ900 Embraer 170/175
Kategory:Nederlânske ferkearsfleanmasine Kategory:Fokker Kategory:Yntroduksje út 1993