Fokker F28 Fellowship 275px Rol Ferkearsfleanmasine Makker Fokker Untwerper Fokker Earste flecht 9 maaie 1967 Yn tsjinst 1969 Ut tsjinst Beheind gebrûk Tal makke 241 (1967-1987) Brûkers sjoch tekst
De Fokker F28 Fellowship is it earste fan Fokker makke ferkearsfleantúch mei strielmotors. It tastel waard ûntwurpen foar de koarte- en middellange ôfstân en hie plak foar 65 passazjiers. Hy is spesjaal ornearre om fan lytsere, regionale fleanfjilden te operearjen. It tastel hie in "speedbrake", yn de sturt ynboude rimflappen. Oant dan ta waard sa'n systeem allinne op militêre fleantugen tapast.
De langer ferzjes Mk 2000 en Mk 4000 koene 85 passazjiers ferfiere.
De bou fan de F28 barde yn 'e mande mei Hamburger Flugzeugbau (it eardere Blohm & Voss), Vereinigte Flugtechnische Werke (VFW) beide út Dútslân en Short Brothers & Harland út Belfast (Noard-Ierlân). Sundstrand, Westinghouse en Rolls-Royce leveren ek ûnderdielen.
It earste prototype, de PH-JHG, waard ferneamd nei Fokker syn sjef-ûntwerper, J.H. Greidanus. De earste flecht wie op 9 maaie 1967. Dat tastel waard flein troch de testpiloten Andreas ("Jas") Moll (gesachfierder), Abe van der Schraaf en boardwurktúchkundige Cees Dik. De flecht waard makke fan Schiphol wei en duorre 1 oere en 25 minuten.
It tastel waard ek kocht troch de Nederlânske oerheid en brûkt as "Regearingsfellowship".
Brûkers De folgjende loftfeartaatskippijen hawwe de Fokker F-28 (nije- en twadde-hânsfleantugen):
Aerolíneas Argentinas Aero Peru Air Anglia Air Gabon Air Ivoire Air Nauru Air Niugini Air Ontario Air Tanzania Aviaction Ansett Airlines of Australia Biman Bangladesh Airlines Braathens Burma Airways Canadian Regional Airlines Cimber Air Delta Air Transport East-West Airlines Flight West Airlines Garuda Indonesia Germanair Ghana Airways Iberia Airlines Itavia KLM Linjeflyg LTU Martinair Merpati Montenegro Airlines Nigeria Airways Pelita Air Service Quebecair Royal Swazi National Airways TAME, Línea Aérea del Ecuador Turkish Airlines
Spesifikaasjes
Gegevens -1000 -2000 -3000 -4000 Langte: 27,40 m 29,61 m 27,40 m 29,61 m Spanwiidte: 23,58 m 25,07 m Fleugeloerflak: 76,40 m² 78,97 m² Startgewicht ten heegste: 29.485 kg 33.110 kg Maks. faasje: 849 km/o 843 km/o Sitplakken: 65 85 65 85 Fleanberik: 2.000 km 1.350 km 2.743 km 1.900 km Tsjinstplafond: 10.675 m Oandriuwing: 2× Rolls-Royce Spey MK555-15 2× Rolls-Royce Spey MK555-18H
Ferzjes fan de F28 thumb|275px|In Fokker F-28-4000 fan Linjeflyg F28 Mk.1000: 97 makke F28 Mk.1000C: 4 makke F28 Mk.2000: 9 makke F28 Mk.3000: 17 makke F28 Mk.3000C: 2 makke F28 Mk.4000: 112 makke F28 Mk.6000: 2 makke
Sjoch ek Fokker 70 Fokker 100
Keppelings om utens Fokker
Kategory:Fokker Kategory:Nederlânske ferkearsfleanmasine Kategory:Yntroduksje út 1967