De Oarloch fan Reade Wolk (Ingelsk: Red Cloud's War), ek wol bekend as de Bozemanoarloch (nei it Bozeman Trail) of de Oarloch fan de Powderrivier (nei de Powderrivier), wie in wapene konflikt tusken de Feriene Steaten en in Yndiaanske koälysje besteande út 'e Lakota-Sû (Lakota-Sioux), de Noardlike Sjajinnen (Northern Cheyenne) en de Noardlike Arapaho (Northern Arapaho), dy't ferneamd is nei it Lakota-opperhaad Reade Wolk (Red Cloud). Dizze oarloch, dy't ûnderdiel útmakke fan 'e Sû-Oarloggen, briek yn 1866 út, nei't it Amerikaanske Leger tsjin 'e ôfspraken fan it earste Ferdrach fan Fort Laramie yn in rige forten by it Bozeman Trail lâns boude, op it grûngebiet fan 'e Yndianen, mei as doel om 'e almar oanwaaksende stream blanke kolonisten út it Easten te beskermjen. Nei twa jier oarlochfiering bûnen de Amerikanen yn en sleaten se yn 1868 it twadde Ferdrach fan Fort Laramie mei de Yndianen, wêrby't se dermei ynstimden om 'e forten ôf te brekken en de Yndiaanske lânoanspraken tenei te respektearjen.

Foarskiednis Under it earste Ferdrach fan Fort Laramie fan 1851 hie it regear fan 'e Feriene Steaten de gebietsoanspraken fan 'e Arapaho, Arikara, Assiniboin (Assiniboine), Hidatsa, Krieën (Crow), Mandan, Sjajinnen (Cheyenne) en Sû (Sioux) op 'e noardlike Grutte Flakten erkend, mar yn 'e fyftjin jier dy't folgen, wegere it om oan syn ferplichtings ûnder dat ferdrach te foldwaan en blanke kolonisten út it lân fan 'e Yndianen wei te hâlden.

Doe't de Lakota, dy't it westlike part fan 'e Grutte Sû Naasje foarmen, foar it ferstân krigen dat de Amerikanen har net oan 'e ôfspraken hâlde soene, fielden sy har der sels ek net mear oan bûn. Under it Ferdrach fan Fort Laramie hiene hja tasein om Amerikaanske kolonisten dy't fia it Oregon Trail ûnderweis wiene nei de westkust rjocht fan reed oer de flakten te ferlienen, mar no ûntstie der in fisieuze sirkel fan Yndiaanske oerfallen op kolonisten dy't troch it Amerikaanske Leger beäntwurde waarden mei wraakaksjes, wat werwraak fan Yndiaanske kant ta gefolch hie.

Dêrby gie it fral om it Bozeman Trail, in sydpaad fan it Oregon Trail, dat dwers troch de krite fan 'e Powderrivier rûn, yn noardlik Wyoming en súdeastlik Montana. It Bozeman Trail wie de koartste rûte tusken Fort Laramie, yn Wyoming, en goudfjilden fan westlik Montana, en tusken 1864 en 1866 waard dat paad troch sa'n 3.500 goudsikers, kolonisten en oare blanken bereizge. De krite fan 'e Powderrivier wie in wichtich jachtgebiet foar de Lakota en harren bûnsgenoaten, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho, en de Yndianen wurdearren it net dat de kolonisten dêr mei harren konkurrearren foar it almar ôfnimmende jachtwyld.

Yn 1865 ûndernaam it Amerikaanske Leger op befel fan generaal-majoar Grenville M. Dodge, in wiere fjildtocht, de Ekspedysje nei de Powderrivier, tsjin 'e Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho. Under brigadegeneraal Patrick E. Connor teagen dêrby trije legerkolonnes fan yn totaal 2.675 man tsjin 'e Yndianen op, mar it slagge de trage troepen net om 'e mobile Yndianen ta in beslissend treffen te twingen, en de meagere súkseskes dy't behelle waarden, wiene eins folslein ta te skriuwen oan 'e ynset fan Pâny- en Omaha-ferkenners. De Yndianen seagen dizze fjildtocht as in provokaasje, en harren wjerstân tsjin reizgers oer it Bozeman Trail boaze allinne noch mar fierder oan.

Yn juny fan 1866 wisten de Amerikanen mei in hiel soad muoite de foarnaamste lieders fan 'e Lakota, wêrûnder de opperhaden Reade Wolk en Jongeman-Dy't-Bang-Is-foar-Syn-Hynders, nei Fort Laramie ta te krijen foar ûnderhannelings. Mar mei de minst mooglike timing arrivearre kolonel Henry B. Carrington op 13 juny yn Fort Laramie mei twa bataljons fan it Amerikaanske 18e Ynfanteryrezjimint, in grutte hoemannichte bounedichheden en oarders om in rige forten by it Bozeman Trail lâns oan te lizzen. Dêrop beskuldigen Reade Wolk en Jongeman-Dy't-Bang-Is-foar-Syn-Hynders de Amerikaanske fertsjintwurdigers fan bedragerij, brieken se ûnderhannelings ôf en giene se nei hûs. Hoewol't de ûnderhannelings noch in hoartsje fuortset waarden mei in stikmannich minder foaroansteande Yndiaanske lieders, rûn it spul sûnder de meiwurking fan 'e wichtichste spilers op 'e non.

De partijen Kolonel Carrington, dy't op 17 juny 1866 út Fort Laramie ôfsette, hie 700 militêren by him en 300 boargers, wêrûnder fuorlju, wurklju en oare ûnderoannimmers fan it leger, mar ek dy har froulju en bern. Syn bagaazjetrein bestie út net minder as 226 kapweinen fol foarrieden, en teffens waard der in mânske keppel fan 1.000 kij meidreaun. Fan in tipelsinniger aard wie dat ek in rezjimintskapel fan 35 muzikanten meigie. Carrington sleepte ek in grutte meganyske "gersmeanmasine" mei, in nije útfining, mar dat wie sa'n bombidich ding dat it syn opmars oanhâldend fertrage. Carrington syn gids wie de ferneamde frontiersman Jim Bridger, mar de kolonel wegere om Yndiaanske ferkenners mei te nimmen, dy't him fan essinsjele ynformaasje oer de fijân foarsjen hawwe koene.

Carrington syn troepen wiene meast ynfantery (fan it Amerikaanske 14e Ynfanteryrezjimint), hoewol't der ek in pear ôfdielings kavalery meigiene (fan it Amerikaanske 2e Kavaleryrezjimint). It wiene griene rekruten dy't bewapene wiene mei Springfield Model 1861-foarladers út 'e Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865), yn prinsipe ienskots musketten, dy't alhiel efter de tiid rekke wiene. De kavalery wie tarist mei modernere Spencer-karabinen, dy't oer in magazyn beskikten dêr't sân kûgels yn koene.

De Yndianen wiene noch minder bewapene, want in protte fan 'e krigers moasten it dwaan mei pylk-en-bôge, wylst oaren mei noch âldere musketten as de Springfields fan 'e ynfantery útrist wiene. Oare wapens, lykas spearen, tomahawks, gnodzen en messen, wiene inkeld te brûken yn man-tsjin-mangefjochten. It grutte foardiel dat de Yndianen oer Carrington syn troepen hiene, wie dat se folle mobiler wiene.

Guon histoarisy hawwe skreaun dat allinnich Reade Wolk syn Lakota-krigers al mei sa'n 4.000 man wiene, mar dat is in fiersten te hege skatting. It totale oantal Lakota wie yn 1865 sa'n 13.900 minsken, froulju, bern en âlden fan dagen ynbegrepen. As men dêr't de likernôch 3.000 Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho by opteld, komt men út op in totaal oantal fan 17.000 minsken. Rekkenje dat ien op 'e fjouwer in folwoeksen man fan tusken de 15 en 55 jier wie, en dan komt men op 4.250 krigers. Mar lang net alle Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho befûnen har yn 'e krite fan 'e Powderrivier en fan dejingen dy't dêr wol wiene, focht ek net elkenien mei. Sadwaande sil it totale oantal krigers dat oan 'e oarloch dielnaam tusken de 1.500 en 2.000 skatten wurde moatte.

De oarloch De oanlis fan 'e forten Op 28 juny arrivearren Carrington en syn troepen yn Fort Reno, dêr't er twa ûnderbemanne kompanjyen (sa'n hûndert man) efterliet om it garnizoen dêre ôf te lossen. Mei de rest fan syn legermacht teach er fierder op nei it noarden en stifte er op 14 july Fort Phil Kearney oan it beekje de Piney Creek, deunby it tsjintwurdige Buffalo, yn Wyoming. Dêrwei marsjearren twa kompanjyen fan it 18e Ynfanteryrezjimint sa'n 150 km nei it noardwesten, om op 13 augustus oan 'e rivier de Bighorn yn Montana Fort C.F. Smith te stiftsjen. De iere en strange winter op 'e hege flakten yn oanmerking nommen wie mids augustus frijwat let yn it jier om noch in nije foarpost te stiftsjen, mar Carrington wie belette troch syn 'gersmeanmasine', en fûn dat er gjin oare kar hie as om no troch te setten.

Carrington wie eins gjin militêr, mar in yngenieur dy't syn ofsiersrang te tankjen hie oan politike freonen. Hy lei him benammen ta op it bouwen fan perfekte, wiskundich-sekuere fortifikaasjewurken. Dàt, en syn yngeande tarieding op 'e winter wiene bêst te begripen, mar hy dreau guon fan syn ûnderhearrige ofsieren der suver mei ta waansin. De 'echte' militêren, feteranen út 'e Boargeroarloch, wiene derfan oertsjûge dat se maklik mei de Yndianen ôfweve koene, as se mar trochpakke mochten ynstee fan har tiid te ferdwaan mei it bouwen fan forten. Dy ynstelling soe letter rare gefolgen hawwe.

Op 16 july socht in groep Noardlike Sjajinnen ûnder oanfiering fan 'e opperhaden Stomp Mês en Twa Moannen Carrington op yn Fort Reno. Dêrby makken se him dúdlik dat se frede hawwe woene, en fertelden se ek dat Reade Wolk him mei 500 krigers yn 'e neite fan it fort ophold. Letter dy deis waarden twa blanke boargers deade by in Yndiaanske oanfal, en dat wie it begjin fan it konflikt dat de Amerikanen neitiid de Oarloch fan Reade Wolk neamden. Op 17 july jagen de Yndianen 176 hynders en mûldieren fan 'e Amerikanen op 'e rin, en nettsjinsteande in 25 km duorjende efterfolging slagge it de soldaten net en krij de bisten werom. By de efterfolging kamen twa soldaten om en rekken trije ferwûne, en werom by it fort waarden de liken fan seis boargers fûn.

Op 20 july foelen Reade Wolk syn krigers in troch soldaten beskerme karafaan kapweinen mei kolonisten oan by Crazy Woman Fork, oan 'e Powderrivier, mei twa deaden as gefolch. Oare oanfallen folgen, en alle boargerferkear oer it Bozeman Trail kaam stil te lizzen. Carrington sels koe inkeld befoarriede wurde troch swierbewapene konfoaien. Yn 'e folgjende moannen waarden ferskate kearen de ekspedysjes oanfallen dy't Carrington-en-dy fan Fort Phil Kearney út optúgden om beammen te kapjen om harren fort fan te bouwen. Fyftjin fan sokke oanfallen tusken 16 july en 27 septimber laten ta de dea fan 6 soldaten en 28 boargers en it ferlies fan hûnderten hynders, mûldieren en kij. Carrington syn dierbere 'gersmeanmasine' waard by ien fan 'e oanfallen ek folslein ferrinnewearre.

It Fetterman-bloedbad

Yn novimber 1866 arrivearre kaptein William J. Fetterman yn Fort Phil Kearney om in oare ofsier ôf te lossen. Oars as Carrington hie Fetterman in protte militêre ûnderfining opdien ûnder de Boargeroarloch, mar oan 'e oare kant hied er hoegenamt gjin ferstân fan 'e Yndianen en harren wize fan oarlochfieren. Fan it begjin ôf oan makke Fetterman dúdlik dat er it net iens wie mei Carrington syn strategy, dy't er "passyf" neamde. Neffens him hie brigadegeneraal Philip St. George Cooke, de kommandant fan it Departemint fan 'e Platte, oarders jûn ta it fieren fan in agressive winterkampanje. In bekende útspraak fan Fetterman wie dat er mei "tachtich man" sûnder swierrichheden "troch de Sû Naasje ride" soe. Op 6 desimber kaam de befelhawwer fan Carrington syn kavalery, luitenant Horace S. Bingham, om doe't er in groepke oanfallende Yndianen oer in heuvelrêch hinne folge oan 'e oare kant wêrfan't in gruttere groep krigers him opwachte. Carrington drukte syn mannen op it hert om net wer yn sa'n mûklaach te rinnen.

Doe't op 21 desimber fannijs de houthakkersekspedysje oanfallen waard, stjoerde er Fetterman oan it haad fan in ûntsettingsmacht út dy't bestie út 49 ynfanteristen, 27 kavaleristen, 3 ofsieren (Fetterman ynbegrepen) en 2 boargers. Neffens Carrington syn lettere tsjûgenis joech er Fetterman spesifike oarders om net oer de heuvelrêch Lodge Trail Ridge te gean, dêr't fersterkings út it fort him net of mar mei muoite berikke kinne soene. Fetterman, lykwols, sette daliks op Lodge Trail Ridge ta. Koart nei't de troepen it fort efter har litten hiene, seagen se sân Yndianen, wêrûnder it opperhaad Mâl Hynder, wêrfan't in pear harren útdagen troch op 'e rêch fan harren mustangs stean te gean en op misledigjende wize har stuten sjen te litten. Doe't de soldaten efter har oan setten, rieden de Yndianen gau fuort, wêrby't Mâl Hynder bearde dat syn hynder kreupel rekke wie om derfoar te soargjen dat de Amerikanen de efterfolging net opjoegen.