In Playboy Playmate is in froulik neakenmodel dat in fotoreportaazje fan harsels meitsje lit en dêrmei yn it (ienris yn 'e moanne ferskinende) neakenblêd Playboy stiet as de Playmate fan 'e Moanne. De fotoreportaazjes fan Playmates fan 'e Moanne omfiemje in útklapbere centerfold-poster en in Playmate Data Sheet mei persoanlike bysûnderheden fan it model, lykas namme, berteplak en -datum, minsklik lichemsmaten, hobbys, ensfh. De oantsjutting playmate is Ingelsk en betsjut safolle as "boarterskammeraat"; nei't men oannimme mei is dat in bedutsen ferwizing nei it leafdesspul. Playmates fan 'e Moanne wurde faak oantsjut as Miss ("Juffer") folge troch de moanne dat se yn 'e Playboy stiene, dus bgl. Miss January.
Playmate fan it Jier en Jubileum-Playmate Oan 'e ein it jier wurdt ien fan 'e tolve Playmates fan 'e Moanne útroppen ta Playmate fan it Jier. Op 't heden fertsjinje Playmates fan 'e Moanne dy't yn 'e oarspronklike, Amerikaanske haadedysje fan 'e Playboy steane, $25.000; Playmates fan it Jier krije $100.000 útbetelle, mei noch in auto en in motorfyts dêropta. Fierders wurde der faak Jubileum-Playmates (Anniversary Playmates) útkeazen om 'e lustrumjierren fan it bestean fan 'e Playboy te fieren.
Playmates fan it Jier
1953: ― 1954: ― 1955: ― 1956: ― 1957: Lisa Winters 1958: ― 1959: Joyce Nizzari 1960: Ellen Stratton 1961: Linda Gamble 1962: Christa Speck 1963: June Cochran 1964: Donna Michelle 1965: Jo Collins 1966: Allison Parks 1967: Lisa Baker 1968: Angela Dorian 1969: Connie Kreski 1970: Claudia Jennings 1971: Sharon Clark 1972: Liv Lindeland 1973: Marilyn Cole 1974: Cyndi Wood 1975: Marilyn Lange 1976: Lillian Müller 1977: Patti McGuire 1978: Debra Jo Fondren 1979: Monique St. Pierre 1980: Dorothy Stratten 1981: Terri Welles 1982: Shannon Tweed 1983: Marianne Gravatte 1984: Barbara Edwards1985: Karen Velez 1986: Kathy Shower 1987: Donna Edmondson 1988: India Allen 1989: Kimberley Conrad 1990: Reneé Tenison 1991: Lisa Matthews 1992: Corinna Harney 1993: Anna Nicole Smith 1994: Jenny McCarthy 1995: Julie Lynn Cialini 1996: Stacy Sanches 1997: Victoria Silvstedt 1998: Karen McDougal 1999: Heather Kozar 2000: Jodi Ann Paterson 2001: Brande Roderick 2002: Dalene Kurtis 2003: Christina Santiago 2004: Carmella DeCesare 2005: Tiffany Fallon 2006: Kara Monaco 2007: Sara Jean Underwood 2008: Jayde Nicole 2009: Ida Ljungqvist 2010: Hope Dworaczyk 2011: Claire Sinclair 2012: Jaclyn Swedberg 2013: Raquel Pomplun 2014: Kennedy Summers 2015: Dani Mathers 2016:
Jubileum-Playmates 5-jierrich jubileum (desimber 1958): Joyce Nizzari 10-jierrich jubileum (desimber 1963): Donna Michelle 15-jierrich jubileum (jannewaris 1969): Leslie Bianchini 20-jierrich jubileum (jannewaris 1974): Nancy Cameron 25-jierrich jubileum (jannewaris 1979): Candy Loving 30-jierrich jubileum (jannewaris 1984): Penny Baker 35-jierrich jubileum (jannewaris 1989): Fawna MacLaren 40-jierrich jubileum (jannewaris 1994): Anna-Marie Goddard 45-jierrich jubileum (jannewaris 1999): Jaime Bergman 50-jierrich jubileum (jannewaris 2004): Colleen Shannon 55-jierrich jubileum (jannewaris 2009): Dasha Astafieva 60-jierrich jubileum (jannewaris 2014): Roos van Montfort
Oanmelding en seleksje De Playboy moediget potinsjele Playmates oan om foto's yn te stjoeren foar beoardieling. Ek trêden kinne foto's fan mooglike modellen ynstjoere en komme dan yn oanmerking foar in 'finerslean' as it oangeande model útkard wurdt as Playmate (en dermei ynstimd om as sadanich te fungearjen). Dêrnjonken wurde der yn grutte Amerikaanske stêden ek geregeldwei iepen audysjes foar mooglike Playmates holden. De fotografen fan 'e Playboy selektearje yn gearwurking mei Playboy-eigner Hugh Hefner de modellen dy't Playmate wurde. Faak wurde der ek fotoreportaazjes yn it blêd opnommen fan modellen dy't net de Playmate binne, mar dy krije in leger lean útbetelle. De Playmate fan it Jier wurdt persoanlik útornearre troch Hefner, wêrby't dy rekken hâldt mei in opinypeiling ûnder de lêzers.
Skiednis Marilyn Monroe, dy't yn 'e earste útjefte fan 'e Playboy stie, wie de iennichste dy't de titel Sweetheart of the Month ("Skatsje fan 'e Moanne") droech. De earste Playmate wie Margie Harrison, dy't yn 'e twadde útjefte fan it blêd stie, fan jannewaris 1954. Yn 'e earste jierren ferskynden guon modellen mear as ien kear as Playmate fan 'e Moanne, wat no net mear foarkomt. Margie Harrison wie behalven yn jannewaris 1954 ek Playmate fan 'e Moanne yn juny 1954; Marilyn Waltz wie Playmate fan 'e Moanne yn febrewaris 1954 (ûnder de skûlnamme Margaret Scott), april 1954 en april 1955; Marguerite Empey yn maaie 1955 en febrewaris 1956; en Janet Pilgrim yn july en desimber 1955 en oktober 1956.
Yn it begjin fan 'e Playboy posearren Playmates fan 'e Moanne gauris neaken doe't se noch minderjierrich wiene, wat yn 'e measte Amerikaanske steaten no ferbean is en dêrom net mear foarkomt. Nancy Crawford (april 1959), Donna Michelle (desimber 1963), Patti Reynolds (septimber 1965), Linda Moon (oktober 1966) en Teddi Smith (july 1960), wiene allegear santjin jier doe't se Playmate wiene, wylst Ann Roberts (jannewaris 1958) sechstjin jier wie. Gina Goldberg (maaie 1981) liigde oer har âldens nei't se út Finlân nei de Feriene Steaten emigrearre wie en sei dat se 21 wie wylst se eins santjin jier wie. Yn bûtenlânske edysjes fan 'e Playboy wie it oant yn 'e 1990-er jierren hiel gewoan om minderjierrige modellen op te nimmen; sa stie de twilling Karin en Mirjam van Breeschooten yn juny 1988 mei santjin jier yn 'e Nederlânske edysje; nei't se mearderjierrich wurden wiene, waarden se yn septimber 1989 as Playmates fan 'e Moanne yn 'e Amerikaanske edysje opnommen.
Hoewol't de measte Playmates omtrint 22 jier âld binne, hawwe der guon west dy't âlder as tritich jier wiene. Dêrûnder wiene it bekende fetysjmodel Bettie Page (jannewaris 1955) en ek Kathy Shower (maaie 1985) en Tiffany Fallon (desimber 2004), dy't it allebeide ta Playmate fan it Jier brochten. De âldste Playmate wie Rebecca Anne Ramos (jannewaris 2003), dy't 35 jier wie doe't se yn 'e Playboy stie. De bekendste Fryske Playmate wie Anna-Marie Goddard (jannewaris 1994), út Ysbrechtum.
Ferneamde Playmates Pamela Anderson (febrewaris 1990), aktrise Marina Baker (maart 1987), sjoernaliste, berneboekeskriuwster, boargemaster fan Telscombe (Ingelân) Bebe Buell (novimber 1974), skriuwster, mem fan aktrise Liv Tyler Lisa Dergan (july 1998), ferslachjouster foar Fox Sports Donna D'Errico (septimber 1995), aktrise Daphnée Duplaix (july 1997), aktrise Hope Dworaczyk (april 2009), presintatrise Erika Eleniak (july 1989), aktrise Lindsay Gayle Evans (oktober 2009), model, Miss Louisiana Teen USA 2008 Tiffany Fallon (desimber 2004), model, aktrise, Miss Georgia USA 2001 Claudia Jennings (novimber 1969), aktrise Connie Kreski (jannewaris 1968), aktrise Pilar Lastra (augustus 2004), model Angela Little (augustus 1998), aktrise Jayne Mansfield (febrewaris 1955), aktrise Shae Marks (maaie 1994), aktrise Jenny McCarthy (oktober 1993), presintatrise, aktrise, komediënne Karen McDougal (desimber 1997), fitnessmodel Shanna Moakler (desimber 2001), model, Miss USA 1995 Kara Monaco (juny 2006), realitytillefyzjepersoanlikheid Kelly Marie Monaco (april 1997), aktrise nominearre foar in Emmy Award Cynthia Myers (desimber 1968), aktrise Bettie Page (jannewaris 1955), fetysjmodel Janice Pennington (maaie 1971), model Brande Roderick (april 2000), aktrise Nikki Schieler (septimber 1997), aktrise Anna Nicole Smith (maaie 1992), model, aktrise Victoria Silvstedt (desimber 1996), supermodel, aktrise, presintatrise Martha Smith (july 1973), aktrise Stella Stevens (jannewaris 1960), aktrise Dorothy Stratten (augustus 1979), aktrise, fermoarde yn 1983 Jeana Tomasino (novimber 1980, ûnder de skûlnamme Jeana Keough), aktrise, model Shannon Tweed (novimber 1981), aktrise Sara Jean Underwood (july 2006), model, aktrise Roberta Vasquez (novimbeer 1984), aktrise Petra Verkaik (desimber 1989), aktrise Jennifer Walcott (augustus 2001), aktrise Eugenia Washington (desimber 2015), model, dielnimster oan America's Next Top Model Tamara Witmer (augustus 2005), model Teri Weigel (april 1986), pornoaktrise Victoria Zdrok (oktober 1994), abbekate, psychologe, seksuologe
Keppelings om utens Offisjele webside fan 'e Playboy Playmates
Kategory:Neakenmodel Kategory:Playboy