De Grutte Sû-Oarloch fan 1876, ek wol de Black Hills-oarloch neamd, wie in oarloch tusken de Feriene Steaten en ferskate lânseigen Yndiaanske folken dy't yn 1876 en 1877 útfochten waard op it noardlike diel fan 'e Grutte Flakten, yn wat no de Amerikaanske steaten Montana, Noard- en Súd-Dakota en Wyoming binne. Dit konflikt, dat ûnderdiel útmakke fan 'e Sû-Oarloggen, briek út doe't blanke goudsikers it lân fan 'e Lakota-Sû yn 'e Black Hills binnenkrongen nei't dêr yn 1874 goud fûn wie, en de Amerikaanske oerheid wegere om dêrtsjin fanwegen te kommen. Dêrmei brieken de Amerikanen it twadde Ferdrach fan Fort Laramie, út 1868, wêrby't se dat gebiet 'foar ivich' oan 'e Lakota ôfstien hiene.
Tradisjoneel hawwe Amerikaanske histoarisy en militêren de klam lein op 'e striid tsjin 'e Lakota, mar guon Yndiaanske saakkundigen binne fan betinken dat it wiere doelwyt fan 'e Amerikanen yn 'e Grutte Sû-Oarloch net de Sû wiene, mar harren bûnsgenoaten, de Noardlike Sjajinnen. Fan 'e withoefolle slaggen, gefjochten en skermutselings út dizze oarloch is de Slach oan de Little Bighorn, fan ein juny 1876, it bekendst wurden, dêr't de Lakota, Sjajinnen en guon Arapaho it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer foar in grut diel útrûgen. Nettsjinsteande dy grutte oerwinning foar de Yndianen, moasten se úteinlik yn 'e rin fan 1877 belies jaan doe't de Amerikanen alles op alles setten om 'e skande fan harren nederlaach oan 'e Little Bighorn út te wiskjen. Sadwaande einige de oarloch yn 'e definitive nederlaach fan 'e Flakte-Yndianen.
Foarskiednis Under it earste Ferdrach fan Fort Laramie fan 1851 hie it regear fan 'e Feriene Steaten de gebietsoanspraken fan 'e Arapaho, Arikara, Assiniboin (Assiniboine), Hidatsa, Krieën (Crow), Mandan, Sjajinnen (Cheyenne) en Sû (Sioux) op 'e noardlike Grutte Flakten erkend, mar yn 'e fyftjin jier dy't folgen, wegere it om oan syn ferplichtings ûnder dat ferdrach te foldwaan en blanke kolonisten út it lân fan 'e Yndianen wei te hâlden.
Doe't de Lakota, dy't it westlike part fan 'e Grutte Sû Naasje foarmen, foar it ferstân krigen dat de Amerikanen har net oan 'e ôfspraken hâlde soene, fielden sy har der sels ek net mear oan bûn. Under it Ferdrach fan Fort Laramie hiene hja tasein om Amerikaanske kolonisten dy't fia it Oregon Trail ûnderweis wiene nei de westkust rjocht fan reed oer de flakten te ferlienen, mar no ûntstie der in fisieuze sirkel fan Yndiaanske oerfallen op kolonisten dy't troch it Amerikaanske Leger beäntwurde waarden mei wraakaksjes, wat werwraak fan Yndiaanske kant ta gefolch hie. Uteinlik rûnen dy oanhâldende skermutselings yn 1866 út op 'e Oarloch fan Reade Wolk, wêrby't de Lakota, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho mei it Amerikaanske leger slaande deilis rekken oer de behearsking fan it lân fan 'e Powderrivier, yn noardeastlik Wyoming en súdlik Montana. Dêrby wie it Lakota-opperhaad Reade Wolk, in formidabel taktikus, ien fan 'e wichtichste oanfierders fan 'e Yndianen.
Yn 1867 stelde in Amerikaanske kommisje fêst dat de Yndianen rjochtlike griven hiene, en dat der datoangeande sprake wie fan útlokking troch de kolonisaasje fan harren lân troch de blanken. Sadwaande waard der yn 1868 in fredeskonferinsje holden te Fort Laramie, yn Wyoming, dêr't folmachten fan it Amerikaanske regear ûnderhannelen mei fertsjintwurdigers fan 'e Noardlike Arapaho, de Oglala-, Minnikonzjû- en Brulee-stammen fan 'e Lakota en de Janktonai-stamme fan 'e Westlike Dakota.
Dy ûnderhannelings laten ta it twadde Ferdrach fan Fort Laramie, wêrby't ôfpraat waard dat de Amerikanen in rige forten by it Bozeman Trail lâns, dy't se sûnder tastimming op Lakota-lân boud hiene, ôfbrekke soene. Boppedat waard foar de Lakota- en de Westlike Dakota-stammen fan 'e Sû (Sioux) it Grutte Sû Reservaat skepen, dat de helte fan Súd-Dakota en in stikje fan Nebraska omfieme. Ta it Grutte Sû Reservaat, dat de Sû 'foar ivich' taparte krige, hearden ek de Black Hills, in gebiet fan hege heuvels of lege bergen yn it súdwestlike part fan Súd-Dakota, dat foar de Lakota hillich wie. Teffens wiisde it Ferdrach fan Fort Laramie in grut 'ûnôfstien' (unceded) gebiet oan 'e Lakota ta yn it streamgebiet fan 'e Powderrivier, yn Wyoming en Montana, dat se brûke koene as jachtterrein. Noch yn it Grutte Sû Reservaat, noch yn it 'ûnôfstiene' jachtgebiet mochten tenei noch blanken komme, of it moasten fertsjintwurdigers fan it Amerikaanske regear wêze.
Yn 'e jierren nei 1868 bliek it twadde Ferdrach fan Fort Laramie troch it oanhâldende opkringen fan blanke kolonisten en goudsikers neat wurdich te wêzen. It is twifelich oft it Amerikaanske regear op dat stuit de kolonisaasjeweach noch tsjinkeare kinnen hie, mar wichtiger is dat it dat hielendal net woe. Krektoarsom, al yn 1872 begûnen de Amerikanen plannen te meitsjen foar it timmerhout dat Black Hills leverje koene. Yn 1874 waard der in Ekspedysje nei de Black Hills op út stjoerd ûnder lieding fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer, mei as diel om 'e wearde fan 'e Black Hills te ûndersykjen, in gong fan saken dy't de Lakota mei arguseagen folgen. Al ear't Custer weromkeard wie yn Fort Abraham Lincoln waard it nijs fan syn ûntdekking fan goud yn 'e Black Hills lanlik fia de tillegraaf ferspraat. Yn 1875 befêstige de wittenskiplike Newton-Jenney-ekspedysje de oanwêzigens fan weardefolle grûnstoffen yn 'e Black Hills.
It gefolch wie dat goudsikers, motivearre troch de ekonomyske panyk fan 1873, ûnder de saneamde Goudkoarts fan de Black Hills tsjin alle ferdraggen yn de heuvels ynkrongen, earst yn lytse groepkes, mar al rillegau yn in floechweach. Yn 't earstoan besocht it Amerikaanske Leger wier om sokke lju út it gebiet te hâlden, al is it dreech om dêr mear yn te sjen as symboalpolityk; as it Amerikaanske regear serieus west hie oer syn ferplichtings ûnder it twadde Ferdrach fan Fort Laramie, dan hie it nea geologyske ekspedysjes nei de Black Hills stjoere moatten. It fanwegen kommen fan it leger tsjin 'e goudsikers late ta swiere druk fan 'e Amerikaanske publike opiny op it regear fan presidint Ulysses S. Grant om 'e Black Hills oan 'e Lakota te ûntnaderjen.
De Lakota sels wiene no tige ûngerêst, en yn maaie 1875 reizge in delegaasje mei de opperhaden Bûnte Sturt fan 'e Brulee, Reade Wolk fan 'e Oglala, en Inkele Hoarn fan 'e Minnikonzjû nei it fiere Washington, D.C. ta om presidint Grant, minister fan Binnenlânske Saken Columbus Delano en de kommissaris fan Yndiaanske Saken Edward Smith derfan te oertsjûgjen om 'e ôfspraken nei te kommen. Doe't se hearden dat it Amerikaanske Kongres de Lakota $25.000 foar harren reservaat jaan woe en har oar lân yn it Yndiaanske Territoarium (it moderne Oklahoma) tawize woe, sei Bûnte Sturt: "Jo hawwe it oer in oar lân, mar dat is net myn lân; it kin my neat skele en ik wol der neat mei te krijen ha. [...] As dat sa'n geweldich lân is, stjoer dan de blanken der mar hinne dy't no ús lân besette, en lit ús gewurde." Hoewol't de trije âlde opperhaden de kommende oarloch net tsjinkeare koene, soene se der net oan dielnimme.
Yn 'e hjerst fan 1875 stjoerde it Amerikaanske regear in kommisje nei it Grutte Sû Reservaat ta om 'e Yndiaanske lieders derfan te oertsjûgjen om in nij ferdrach te tekenjen, wêrby't se Black Hills ôfstiene. De Lakota woene dêr lykwols neat fan witte. Njonken it skeel oer de Black Hills spilen ek oare griven fan 'e Lakota in rol oangeande de oanhâldende fuortgong fan 'e kolonisaasje yn 'e Dakota's. Sa woe it Amerikaanske regear it spoar fan 'e Northern Pacific Railroad oanlizze dwers troch ien 'e lêste grutte jachtgebieten fan 'e Lakota, dêr't de bizons noch by 't folop foarkamen. Boppedat hie it Amerikaanske Leger al yn 1874 en 1875 ferskate ferdylgjende oanfallen útfierd op doarpen fan 'e Sjajinnen, dat fan âlds bûnsgenoaten fan 'e Lakota wiene. De Sjajinnen hiene net behelle west yn it twadde Ferdrach fan Fort Laramie en wiene sadwaande feitlik sûnt 1866 noch altyd mei de Amerikanen yn oarloch. Yn it nije konflikt koene de Lakota dan ek sûnder mis op harren aktive stipe rekkenje.
Partijen De Lakota of Titon bestiene út sân substammen, te witten: de Brulee, Hûnkpapa, Minnikonzjû, Oglala, Sâns Arks, Swartfuotten (net te betiizjen mei it Algonkwynske folk fan 'e Swartfuotten) en Twatsjettels. Mei-inoar besloegen dy omtrint 1875 sa'n 15.000 manlju, froulju en bern, mar de measten dêrfan hiene har al nei wenjen set yn it Grutte Sû Reservaat en bleaune bûten de oarloch.
De Lakota dy't bûten it reservaat taholden, wiene foar it meastepart Oglala ûnder lieding fan Mâl Hynder, Gal, Amerikaansk Hynder de Aldere en John Grass, en Hûnkpapa ûnder lieding fan Sittende Bolle. By harren hiene har inkele hûnderten krigers fan 'e oare Lakota-substammen jûn, en teffens guon Westlike Dakota en sels Eastlike Dakota út Minnesota wei, lykas it âlde opperhaad Reade Mûtse. Ein septimber 1876, doe't de oarloch al yn folle gong wie, late Reitsje-de-Wolkens-Oan in útbraak fan Minnikonzjû en Sâns Arks út it Grutte Sû Reservaat. Allegear mei-inoar wurdt it tal fan 'e frije Lakota om-ende-by de 5.500 persoanen rûsd.
Dêr moatte noch sa'n 1.500 Noardlike Sjajinnen ûnder Stomp Mês, Lytse Wolf en Twa Moannen by opteld wurde. De totale Yndiaanske populaasje bûten de reservaten kaam sadwaande dus út op 7.000 minsken, mei dêrûnder mooglik 2.000 krigers. De Noardlike Arapaho, dat tradisjonele bûnsgenoaten wiene fan 'e Noardlike Sjajinnen en de Lakota, waarden troch de ynfloed fan harren opperhaad Swarte Koallen fierhinne bûten de oarloch holden, mar dochs fochten 50 oant 100 Arapaho-krigers yn 'e oarloch mei.
Dêrfoaroer stie it Amerikaanske Leger, dat in rige forten boud hie om it Grutte Sû Reservaat en it 'ûnôfstiene' gebiet hinne. Yn 'e simmer fan 1876 brocht it leger in troepemacht fan 2.500 man tsjin 'e Yndianen yn it fjild, dy't ûnderstipe waard troch hûnderten blanke boargers en Yndiaanske ferkenners fan 'e Krieën (Crow), Sjosjoanen (Shoshone), Arikara en Pâny (Pawnee). Yn totaal moat dat in legermacht fan sa'n 3.000 man opsmiten hawwe.
De Yndianen hiene it foardiel fan mobiliteit en bekendheid mei it terrein, dat ommers harren heitelân wie, mar krigers wiene gjin beropssoldaten, en moasten om itende te bliuwen ek in grut diel fan 'e simmer en hjerst oan 'e jacht besteegje. Yn 'e maityd wiene se boppedat foar in diel ymmobilisearre troch de swakte dy't har hynders nei de winter parten spile. Fierders wiene de Lakota en Sjajinnen ûnder de Grutte Sû-Oarloch tagelyk ek yn oarloch mei harren tradisjonele fijannen, de Sjosjoanen, Krieën en Pâny, mei as gefolch dat in protte fan harren foarrieden en enerzjy dêroan bestege waarden ynstee fan oan 'e oarloch tsjin 'e blanken.
Likernôch de helte fan 'e krigers wie bewapene mei fjoerwapens, dy't útinoar rûnen fan repeteargewearen oant antike musketten. Munysje wie yn alle gefallen krap. De rest fan 'e krigers moast him noch altyd rêde mei pylk-en-bôge, dêr't se op koarte ôfstân deadlik mei wiene, mar net folle mei útrjochtsje koene op 'e langere ôfstân of tsjin in fijân dy't him beskûl hold yn fortifikaasjes. Oare Yndiaanske wapens, lykas spearen, tomahawks en messen, wiene inkeld fan wearde yn man-tsjin-mangefjochten. Dêrby kaam noch dat Yndiaanske krigers tradisjoneel fochten foar yndividueel prestiizje ynstee fan strategyske doelen, hoewol't Mâl Hynder de Lakota in beskaat gefoel foar mienskiplike ûndernimming bybrocht liket te hawwen. De Sjajinnen wiene fan âlds de meast sintralisearre bestjoerde en bêst organisearre fan 'e flaktestammen, by wa't mienskipssin in bekender ferskynsel wie.