In Penthouse Pet is in froulik neakenmodel dat in fotoreportaazje fan harsels meitsje lit en dêrmei yn it (ienris yn 'e moanne ferskinende) neakenblêd Penthouse stiet as de Pet fan 'e Moanne. Dêrmei binne Penthouse Pets de tsjinfuotters fan 'e Playmates fan it konkurrearjende neakenblêd Playboy.

De fotoreportaazjes fan Pets fan 'e Moanne omfiemje in útklapbere centerfold-poster en yn 'e regel ek in listke mei persoanlike bysûnderheden fan it model, lykas namme, berteplak en -datum, lichemsmaten, hobbys, ensfh. De oantsjutting pet is Ingelsk en betsjut safolle as "skatsje", mar hat in assosjaasje mei it tiidwurd to pet, dat "aaie" of "streakje" betsjut; nei't men oannimme mei is dat in bedutsen ferwizing nei it leafdesspul.

Njonken Pets fan 'e Moanne steane der ornaris ek oare neakenmodellen yn 'e Penthouse dy't dy titel net drage. Oan 'e ein fan it jier wurdt der in Pet fan it Jier útkeazen, mar oars as dat by de Playboy Playmates it gefal is, kin it by Penthouse Pets ferskate jierren duorje nei harren earste fotoreportaazje as centerfold foar't se útornearre wurde as Pet fan it Jier.

Penthouse Pets fan it Jier 1969: ― 1970: Evelyn Treacher 1971: Stephanie McLean 1972: Tina McDowall 1973: Patricia Barrett 1974: Avril Lund 1975: Anneka De Lorenzo 1976: Laura Bennett Doone 1977: Victoria Lynn Johnson 1978: Dominique Maure 1979: Cheryl Rixon 1980: Isabella Ardigo 1981: Danielle Deneux 1982: Corinne Alphen 1983: Sheila Kennedy 1984: Linda Kenton 1985: ― (gjinien) 1986: Cody Carmack 1987: Mindy Farrar 1988: Patty Mullen 1989: Ginger Miller 1990: Stephanie Page 1991: Simone Brigitte 1992: Jisel1993: Julie Strain 1994: Sasha Vinni 1995: Gina LaMarca 1996: Andi Sue Irwin 1997: Elizabeth Ann Hilden 1998: Paige Summers 1999: Nikie St. Gilles 2000: Juliet Cariaga 2001: Zdeňka Podkapová 2002: Megan Mason 2003: Sunny Leone 2004: Victoria Zdrok 2005: Martina Warren 2006: Jamie Lynn 2007: Heather Vandeven 2008: Erica Ellyson 2009: Taya Parker 2010: Taylor Vixen 2011: Nikki Benz 2012: Jenna Rose 2013: Nicole Aniston 2014: Lexi Belle 2015: Layla Sin 2016:

Keppelings om utens Offisjele webside fan Penthouse (tydskrift, filmstudio, ensfh.) Offisjele webside fan it tydskrift Penthouse Argyf oangeande Penthouse Pets

Kategory:Neakenmodel Kategory:Penthouse (tydskrift)