Matthias Scheits (Hamburg, 1630 - dêre, 1700) wie in Dútsk skilder, tekener en etser út de Barok.
Neffens Houbraken hâlde er ta yn Hamburg doe't Johannes Voorhout dêr ek wurke. Scheits krige yn 't earstoan ûnderrjocht yn Haarlim fan Philips Wouwerman, dochs skildere er letter buorkerij- en doarpssênes yn de trant fan David Teniers. Voorhout moete him wylst er wurke oan histoaryske sketsen dy't er letter ûnder eigen namme publisearre as platen fan it Alde- en Nije Testamint. Biografy Matthias Scheits yn De groote schouburgh der Nederlantsche konstschilders en schilderessen (1718) fan Arnold Houbraken, DNBL
Neffens de RKD wie er de learaar fan de skilder Adam de Manyoki.Matthias Scheits yn de RKD
Kategory:Dútsk keunstskilder Kategory:Dútsk etser Kategory:Dútsk tekener Kategory:Persoan berne yn 1630 Kategory:Persoan stoarn yn 1700