Ilona Andrews is de skûlnamme fan in Amerikaansk troud pear, Andrew en Ilona Gordon, dat tegearre romans en koarte ferhalen skriuwt dy't ta de sjenres fan 'e fantasy, science fiction en romantyske fiksje hearre.
Libben Andrew Gordon is in Amerikaan fan etnysk Skotsk komôf, dy't foarhinne as sersjant yn it Amerikaanske Leger tsjinne. Ilona Gordon waard berne yn Ruslân en emigrearre as tiner nei de Feriene Steaten ta. Wylst se biogemy studearre oan 'e Universiteit fan Westlik Karolina mette se har lettere man, dy't dêr ek studint wie. De Gordons wenje tsjintwurdich yn 'e Amerikaanske steat Teksas en hawwe twa dochters en in grut tal hûnen en katten.
Skriuwwurk De skriuwkarriêre fan 'e Gordons begûn omtrint 2005, doe't Ilona Gordon de urban fantasy-roman Magic Bites oan it skriuwen wie. Har man holp har yn it begjin wat en rekke geandewei almar mear by it skriuwen belutsen, sadat se úteinlik besleaten om tegearre fierder te wurkjen. Magic Bites wie it earste diel út 'e Kate Daniels-rige fan bestsellers, en waard folge troch in tsiental romans en ferskate novelles en koarte ferhalen yn deselde searje. Dêrnjonken hawwe de produktive Gordons ek de romantyske fiksjerige The Edge skreaun, de searje The Innkeeper Chronicles, wêryn't se fantasy mei science fiction ferminge, en noch ferskate oare searjes.
Wurk Kate Daniels-rige 2007 – Magic Bites (roman; haadpersoan Kate Daniels) 2008 – Magic Burns (roman; haadpersoan Kate Daniels) 2009 – Magic Strikes (roman; haadpersoan Kate Daniels) 2009 – Magic Mourns (novelle; haadpersoan Andrea; publ. yn 'e blomlêzing Must Love Hellhounds) 2010 – A Questionable Client (koart ferhaal; prequel fan 'e rige, mei as haadpersoan Kate Daniels; publ. yn 'e blomlêzing Dark and Stormy Knights en yn 'e e-boekomnibus Magic Graves) 2010 – Magic Bleeds (roman; haadpersoan Kate Daniels) 2011 – Magic Dreams (novelle; haadpersoanen Jim en Dali; publ. yn 'e blomlêzing Hexed) 2011 – Magic Slays (roman; haadpersoan Kate Daniels) 2011 – Magic Gifts (koart ferhaal; haadpersoan Kate Daniels; publ. as fergees e-boek op 'e webside fan 'e auteurs en teffens tafoege oan Gunmetal Magic) 2012 – Retribution Clause (koart ferhaal; publ. yn 'e blomlêzing Hex Appeal) 2012 – Gunmetal Magic (roman; haadpersoan Andrea) 2012 – Magic Tests (koart ferhaal; haadpersoan Julie; publ. yn 'e blomlêzing An Apple for the Creature en teffens tafoege oan Magic Breaks) 2013 – Magic Rises (roman; haadpersoan Kate Daniels) 2013 – An Ill-Advised Rescue (koart ferhaal; tafoege oan Magic Rises; spilet nei Retribution Clause) 2014 – Magic Breaks (roman; haadpersoan Kate Daniels) 2014 – Magic Steals (novelle; haadpersoanen Jim en Dali; publ. yn 'e blomlêzing Night Shift) 2015 – Magic Shifts (roman; haadpersoan Kate Daniels) 2015 – Magic Stars (novelle; haadpersoan Derek) 2016 – Magic Binds (roman; haadpersoan Kate Daniels) 2018 – Magic Triumphs (roman; haadpersoan Kate Daniels) spin-offsearjes Iron Covenant-rige 2018 – Iron and Magic Kate Daniels' World 2021 – Blood Heir Kate Daniels: Wilmington Years 2023 – Magic Tides 2023 – Magic Claims The Edge-rige 2009 – On the Edge 2010 – Bayou Moon 2011 – Fate's Edge 2012 – Steel's Edge The Kinsmen-duology 2009 – Silent Blade (allinnich as e-boek útbrocht) 2011 – Silver Shark (allinnich as e-boek útbrocht) 2018 – The Kinsman Universe (omnibusferzje fan Silent Blade en Silver Shark) 2021 – Fated Blades Kozlov-rige 2010 – Questing Beast 2011 – A Mere Formality The Innkeeper Chronicles 2013 – Clean Sweep 2015 – Sweep in Peace 2016 – One Fell Sweep 2019 – Sweep of the Blade 2020 – Sweep with Me 2022 – Sweep of the Heart Hidden Legacy-rige 2014 – Burn for Me 2017 – White Hot 2017 – Wildfire 2018 – Diamond Fire (novelle) 2019 – Sapphire Flames 2020 – Emerald Blaze 2022 – Ruby Fever
Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar2010Romantic Times Reviewers' Choice Awardnominearrebêste paranormal romance/urban fantasy-romanBayou Moon
Keppelings om utens Offisjele webside fan 'Ilona Andrews'
Kategory:Amerikaansk romanskriuwer Kategory:Amerikaansk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Amerikaansk fantasyskriuwer Kategory:Amerikaansk science fiction-skriuwer Kategory:Amerikaansk skriuwer fan romantyske fiksje Kategory:Amerikaansk persoan fan Russysk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Skotsk komôf Kategory:Kollektyf pseudonym