Mike Adriano, echte namme: Mikael Finquel (Woodland Hills (Kalifornje), 30 juny 1980), is in Amerikaansk pornoakteur, -regisseur en produsint fan Spaansk etnysk komôf. Hy is ien fan 'e meast súksesfolle pornoakteurs en -regisseurs fan 'e iere ienentweintichste iuw. Dêrby hat Adriano ferskate prestizjeuze AVN Awards wûn. Hy hat syn eigen produksjebedriuw, dat Mike Adriano Media hjit.
Libben en karriêre Adriano waard yn 1980 berne yn Woodland Hills, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Hy is fan Spaansk etnysk komôf. Op it ynternet sirkulearje geroften dat er fan Spaansk etnysk komôf wêze soe of sels dat er yn Spanje berne wêze soe. Dat is lykwols net wier, en Adriano sprekt gjin wurd Spaansk.
Mike Adriano makke yn 2005 syn debút as akteur yn in pornografyske film. Yn 'e earste jierren wurke er foar in ferskaat oan filmstudio's, wêrûnder New Sensations, Digital Sin, Hustler Video, Red Light District, Platinum X Pictures en Adam & Eve. Yn 2010 sleat er lykwols in eksklusyf kontrakt mei Evil Angel, wêrnei't er inkeld noch yn films fan dat label en it dêr nau mei ferbûne Jules Jordan Video te sjen wie. Behalven foar filmstudio's wie Adriano ek gauris yn 't spier foar pornosites op it ynternet, wêrûnder Reality Kings en Bang Bros. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat er ûnderwilens yn krapoan 300 pornofilms spile.
As akteur waard Adriano al hiel fluch tige populêr fanwegen syn grutte penis en syn foarkar foar orale en anale seks. Hy hat gearwurke mei aktrises as Asa Akira, Nadia Ali, Eva Angelina, A.J. Applegate, Veronica Avluv, Bridgette B, Sarah Banks, Nyomi Banxxx, Breanne Benson, Bethany Benz, Nikki Benz, Maya Bijou, Abby Lee Brazil, Summer Brielle, Abbey Brooks, Kaycee Brooks, Cody Bryant, Casey Calvert, Kayla Carrera, Mercedes Carrera, Charisma Cappelli, Kacie Castle, Vicki Chase, Adriana Chechik, Cassandra Cruz, Candice Dare, Sophie Dee, Tiffany Doll, Alana Evans, Shay Evans, Ariella Ferrera, Erica Fontes, Ana Foxxx, Keisha Grey, Aaliyah Hadid, Dillion Harper, Marica Hase, Tara Holiday, Franceska Jaimes, Jewels Jade, Jade Jantzen, Peta Jensen, Victoria June, Kayme Kai, Eva Karera, Kagney Lynn Karter, Katja Kassin, Anyssa Kate, Katsuni, Kimberly Kendall, Diamond Kitty, London Keyes, Francesca Le, Jayden Lee, Sharon Lee, Leilani Leeane, Ashlynn Leigh, Mia Lelani, Lisa Ann, Lexxxi Lockhart, Mya Luanna, Krissy Lynn, Eve Madison, Mariah Madysinn, Candy Manson, Tanner Mays, Jynx Maze, Maxi Mikita, Kelsi Monroe, Allison Moore, Mason Moore, Tiffany Mynx, Nia Nacci, Valentina Nappi, Mya Nichole, Aletta Ocean, Gabriella Paltrova, Madison Parker, Alanah Rae, Priya Rai, Romi Rain, Angelica Raven, Roxy Raye, Luna Rival, Veronica Rodriguez, Rachel Roxxx, Trinity St. Clair, Katie St. Ives, Sheena Shaw, Vanessa Sky, Vina Sky, Dakota Skye, Saya Song, Kendra Spade, Jada Stevens, Kapri Styles, Shyla Stylez, Daisy Summers, Puma Swede, August Taylor, Kya Tropic, Teanna Trump, Angelina Valentine, Megan Vaughn, Leilani Vega, Marina Visconti, Jessie Volt, Taylor Wane, Sienna West, Jennifer White en Mahina Zaltana.
Adriano runt syn eigen produksjestudio, dy't Mike Adriano Media as namme hat. Yn 2012 wûn Adriano yn 'e mande mei de pornoaktrises Brooklyn Lee en Juelz Ventura twa AVN Awards (de Oskars fan 'e pornowrâld), foar ien en deselde sêne út 'e film American Cocksucking Sluts, ien yn 'e kategory bêste orale sekssêne en yn foar skandalichste sekssêne.
Njonken syn aktearwurk is Adriano ek tige aktyf as regisseur en produsint fan pornofilms, wêrby't dat yn 'e regel films binne dêr't er sels yn spilet. As regisseur is er nei ier wurk foar de studio's New Sensations, Digital Sin en Red Light District no ek útslutend noch foar Evil Angel en Jules Jordan Video yn 't spier. Yn totaal hat er rom 120 film regissearre. Yn 2012 wûn er as regisseur in AVN Award yn 'e kategory bêste film mei as tema orale seks mei American Cocksucking Sluts, en yn 2013 foel er yn dyselde kategory yn 'e prizen mei American Cocksucking Sluts 2. Behalven syn fjouwer AVN Awards (twa as akteur en twa as regisseur) hat Adriano ek noch 21 kearen nominearre west foar sa'n priis.
Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn 2008 AVN Awardnominearrebêste groepsekssêne (fideo) (mei Micah Moore, Riley Shy en Steve Holmes)Rich Little Bitch2011 AVN Awardnominearrebêste film mei in POV-temaAnal Overdose: POV+nominearrebêste film mei as tema anale seksAmerican Anal Slutsnominearrebêste anale sekssêne (mei Tatiana Kushnev, Kirra Lynne en Jayden Williams)American Anal Sluts Xbiz Awardnominearrebêste gonzofilm fan it jierAmerican Anal Slutsnominearreregisseur fan it jier (oeuvre)n.f.t.2012 AVN Awardnominearrebêste orale sekssêne (mei Breanne Benson, Allie Haze, Kagney Lynn Karter)American Cocksucking Slutsnominearrebêste heteroseksuële sekssêne (mei Andy San Dimas)Cum for Menominearrebêste film mei as tema anale seksAnal Infernonominearreregisseur fan it jier (oeuvre)n.f.t.wûnbêste orale sekssêne (mei Brooklyn Lee en Juelz Ventura)American Cocksucking Slutswûnskandalichste sekssêne (mei Brooklyn Lee en Juelz Ventura)American Cocksucking Slutswûnbêste film mei as tema orale seksAmerican Cocksucking Sluts XRCO Awardnominearrebêste regisseur (gonzopornografy)n.f.t.2013 AVN Awardnominearrebêste orale sekssêne (mei Jessie Andrews en Cassandra Nix)Filthy Cocksucking Auditionsnominearremanlike pornoakteur fan it jiern.f.t.nominearrebêste film mei as tema orale seksSlurpy Throatslutsnominearrebêste film mei as tema anale seksThe Spit & the Speculumnominearrebêste film mei in etnysk tema – Aziatysk Asian Anal Addictionnominearrebêste ynterrasiale filmBlack Anal Beauties 3nominearrebêste film mei as tema milfs/cougarsAnal Motherfuckernominearremoaist fûne titel fan it jierThe Spit & the Speculum (wurdspiling op The Pit and the Pendulum)nominearrebêste regisseur (gonzopornografy)n.f.t.nominearreregisseur fan it jier (oeuvre)n.f.t.wûnbêste film mei as tema orale seksAmerican Cocksucking Sluts 2 XRCO Awardnominearremanlike pornoakteur fan it jiern.f.t. 2014 AVN Awardnominearrebêste anale sekssêne (mei Katja Kassin)Anal Motherfuckers2015 AVN Awardnominearrebêste heteroseksuële sekssêne (mei Daisy Summers)Bang Bros 18 #3nominearremanlike pornoakteur fan it jiern.f.t.
Keppelings om utens Offisjele webside fan Mike Adriano Biografy en filmografy fan Mike Adriano yn 'e Internet Movie Database (IMDb) Biografyske gegevens en filmografy fan Mike Adriano yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
Kategory:Amerikaansk manlik pornoakteur Kategory:Amerikaansk pornoregisseur Kategory:Amerikaansk pornoprodusint Kategory:Amerikaansk persoan fan Spaansk komôf Kategory:Persoan berne yn 1980