De hierkwabben (Latynske namme: Cyaneidae) foarmje in famylje fan 'e stamme fan 'e netteldieren (Cnidaria), de klasse fan 'e skiifkwabben (Scyphozoa) en it skift fan 'e flachbekkwabben (Semaeostomeae). Dit is groep fan tige grutte kwabben, dy't twa skaaien omfiemet, Cyanea (de echte hierkwabben) en Desmonema, mei yn totaal sa'n tweintich ûnderskate soarten. Oarspronklik hearde ek it skaai Drymonema ta dizze famylje, mar dat is ferpleatst nei in eigen famylje, Drymonematidae, op grûn fan yngeander ûndersyk, dêr't út bliken die dat de soarten út dat skaai net sa nau besibbe binne oan 'e hierkwabben as dat earder tocht waard.
Famylje-opbou
famylje hierkwabben (Cyaneidae) skaai echte hierkwabben (Cyanea) blauwe hierkwab (Cyanea lamarckii) buitendijkkwab of Buitendijks kwab (Cyanea buitendijki) geastkwab (Cyanea nozaki) giele hierkwab (Cyanea capillata) Cyanea annasethe Cyanea annaskala Cyanea citrae Cyanea ferruginea Cyanea fulva Cyanea mjobergi Cyanea muellerianthe Cyanea postelsi Cyanea purpurea Cyanea rosea skaai Desmonema Desmonema chierchianum Desmonema comatum Desmonema gaudichaudi Desmonema glaciale Desmonema scoresbyanna
Kategory:Skiifkwabbefamylje