Stasjon Bûtenpost (Bp) is it stasjon fan it plak Bûtenpost, dat bestiet sûnt 1866. It stasjonsgebou út 1864 waaard yn 1973 sloopt en ferfongen troch it hjoeddeistige gebou, ûntwurpen troch yr. Cees Douma.
It leit oan it spoar fan Ljouwert nei Grins en wurdt betsjinne troch Arriva.
Bûtenpost is de ienige stop fan de ien kear yn 't oere ridende flugge trein tusken Ljouwert en Grins. Dêrby stoppet er twa kear yn 't oere in stoptrein tusken Ljouwert en Grins.
Simmerdeis, fan maaie oant septimber, ride der freeds en sneons twa treinen deis tusken Lier yn East-Fryslân en Harns. Dy saneamde Inselzuge (eilântreinen) binne benammen ornearre foar Dútske toeristen en reizgje makliker nei de Waadeilannen Flylân en Skylge. Dy Inselzuge binne troch Arriva yn syn tsjinstregeling opnommen, nei't dy út de tsjinstregeling helle waarden omreden de spoarfernijing op it Dútske trajekt Bad Nijeskâns - Lier.
Treintsjinsten
Rûte Tsjinst Undernimmer Tsjinstroaster Ljouwert - Grins Stoptrein Arriva 2x it oere - 1x it oere nei 21:00 en sneins Ljouwert - Grins Flugge trein Arriva 1x it oere Sjoch foar it meast aktuele tsjinstroaster op de side fan Arriva.
Kategory:Bûtenpost Butenpost Kategory:Bouwurk yn Achtkarspelen Kategory:Bouwurk út 1864 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1973 Kategory:Bouwurk út 1973