De Feanster is in streekkrante dy't wykliks ferskynt yn Surhústerfean en omkriten.

De krante is yn 1932 opsetten troch de eardere Feanster Printerij Kuipers, dy't twa m’n generaasjes lang útjouwer fan De Feanster west hat. Bekende eardere redakteuren fan De Feanster binne de skriuwer Joop Boomsma en CDA politikus Joop Atsma.

De Feanster is tsjintwurdich ûnderdiel fan Utjouwerij Hoekstra yn Emmeloord en wurdt yn 'e merk setten as nijs- en advertinsjekrante foar Achtkarspelen en Gruttegast. Yn dat gebiet wurdt De Feanster hûs-oan-hûs ferspraat. Sûnt 2005 ferskynt De Feanster ek digitaal.

Ferwizing De Feanster on-line

Kategory:Fryske krante Kategory:Frysk streekblêd Kategory:Nederlânsktalige krante Kategory:Krante of tydskrift oprjochte yn 1932