Keystone B-6 275px Rol Lichte bommesmiter en postfleantúch Makker Keystone Aircraft Earste flecht 1930 Yn tsjinst 1931 Tal makke 5 Y1B-6 + 39 B-6A Brûkers United States Army Air Corps thumb|275px|In B-6 yn de funksje fan postfleantúch yn in sniestoarm De Keystone B-6 wie in twadeks lichte bommesmiter ûnwurpen foar de loftfeartôfdieling fan it Amerikaanske leger, it United States Army Air Corps.
Skiednis In 1931 ûntfong it United States Army Air Corps fiif tastellen (Y1B-6s) fan de B-6 bommesmiter. De Loftfeartôfdieling bestelde 39 produksjemodellen op 28 april 1931, dy't tusken augustus 1931 en jannewaris 1932 levere waarden.Baugher, Joe. "Keystone B-6." American Military Aircraft, 11 july 1999. Sjoen: 29 july 2011.
Tagelyk waarden ek 25 B-4As besteld, itselde tastel mat útrist mei Pratt & Whitney-motors yn stee fan Wright Cyclones. Dy tastellen wien de lêste twadeks bommesmiters mei in houten frame beklaaid mei kanvas dy't it Loftkorps fan it leger besteld hat.
De prestaasjes fan de B-6A ferskilde net folle fan de Martin NBS-1 dy't al yn 1921 oanskaft wiene. De modernere iendeks bommesmiter woe men lykwols lange tiid net oan. Sa wiene de iendekkers Douglas Y1B-7 en Fokker XB-8 oarpronklik ûnwurpen as flugge ferkenningsmasines.
Operasjonele skiednis De B-6A en de B-5A wiene earste-liny bommesmiters fan de Feriene Steaten tusken 1930 en 1934. Dêrnei tsjinnen se oant yn de iere jierren fjirtich as ferkenningsfleantugen.
B-6 tastellen waarden, lykas ek in protte oare tastellen fan it Army Air Corps, teffens postfleantúchen brûkt wat útrinne soe yn it Loftpostskandaal fan 1934.
Op 27 desimber 1935 waarden seis B-6 tastellen fan it 23e Bomb Squadron, stasjonearre op Hawaï, ynset om troch in bombardemint de rin fan de lavastream fan de fulkaan Mauna Loa te feroarjen dy't de havenstêd Hilo bedriigde.
Spesifikaasjes (B-6A) Bemanning: 5 Langte: 14,9 m Spanwiidte: 22,8 m Hichte: 4,8 m Fleugeloerflak: 106,4 m² Gewicht leech: 3665 kg Gewicht laden: 6056 kg Oandriuwing: 2 Wright R-1820-1 radiaalmotors fan 575 hk (429 kW) it stik Heechste faasje: 190 km/o Krúsfaasje: 166 km/o Fleanberik: 1.330 km Tsjinstplafond: 6.400 m Belesting: 56,92 kg/m² Bewapening: 3 × .30 in (7.62 mm) Browning masinegewearen; bommen: 1.100 kg; 1.800 kg op koarte flechten
Farianten LB-13 Sân tastellen besteld, mar ôflevere as Y1B-4 en Y1B-6 mei ferskillende motors. Y1B-6 Twa protoypes en trije oanpaste B-3As, as LB-10, mar mei twa 575 hk (429 kW) Wright R-1820-1 motors. B-6A Produksjeferzje fan de Y1B-6, 39 fan makke.
Keppelings om utens
USAF Museum oer de B-6 USAF Museum oer de LB-13
Kategory:Amerikaanske bommesmiter Kategory:Amerikaanske ferkenningsfleanmasine Kategory:Yntroduksje út 1930