Sansibar, offisjeel de Autonome Republyk Sansibar (Swahily: Jamhuri ya Watu wa Zanzibar; Ingelsk: Autonomous Republic of Zanzibar; Arabysk: زنجي بار, Zanji Bār) is in autonome republyk binnen de Feriene Republyk Tanzania. It gebiet bestiet út it grutste part fan 'e Sansibareilannen, dy't foar de kust fan East-Afrika yn 'e Yndyske Oseaan lizze. De wichtichste eilannen fan 'e autonome regio binne Sansibar en Pemba. De haadstêd hjit ek fan Sansibar, en leit op it eilân mei deselde namme. De autonome republyk Sansibar hie neffens de Tanzaniaanske folkstelling fan 2012 goed 1,3 miljoen ynwenners. Foarhinne wie Sansibar efterinoar in koloanje fan Portegal, in oerseesk gebietsdiel fan Omaan, in ûnôfhinklik sultanaat, in Britsk protektoraat, doe op 'e nij in ûnôfhinklik sultanaat dat nei in bloedige steatsgreep omfoarme waard ta in folksrepublyk, om úteinlik yn april 1964 mei de Republyk Tanganjika gearfoege te wurden ta de Feriene Republyk Tanzania.
Etymology It wurd Sansibar is in ferfrysking fan Zanzibar, dat fia it Ingelsk út it Swahily komt. Dat hat it wer fan it Arabyske زنجي بار, Zanji Bār, útspr.: ['zanʤi ba:r], likernôch: "zandzji baar"), dat wer ôflaat is fan it Perzyske زنگبار, Zangbār, in gearstalling fan زنگ, zang, dat "swart" betsjut, en بار, bār, "kust". Etymologysk betsjut 'Sansibar' dus "swarte kust", wat mear op 'e hûdskleur fan 'e bewenners fan dy kust as op 'e kust sels slein hawwe sil.
Geografy De autonome republyk Sansibar bestiet út it grutste part fan 'e arsjipel fan 'e Sansibareilannen, dy't foar de saneamde Swahilykust fan East-Afrika yn 'e Yndyske Oseaan leit. De wichtichste eilannen fan Sansibar binne Sansibar (Swahily: Unguja) en Pemba, dy't fan it fêstelân fan Tanzania skaat wurde troch twa seestrjitten, it Kanaal fan Pemba en it Kanaal fan Sansibar. Dat lêste wetter is op it smelste punt 36,5 km breed. It trêde grutte eilân fan 'e arsjipel, Mafia, leit mear nei it suden ta en heart net ta de autonome republyk.
It eilân Sansibar is likernôch 85 km lang fan noard nei súd, en 39 km breed fan east nei west, en hat in totaal oerflak fan 1.464 km². It hat in leechlizzend, mar gloaiend lânskip, mei as heechste punt 120 m boppe seenivo. It eilân Sansibar wurdt fierders karakterisearre troch moaie sânstrannen omjûn troch koraalriffen dy't ryk oan biodiversiteit binne. Oan in ynham oan 'e westkust leit de stêd Sansibar, dat it grutste plak en de haadstêd fan 'e autonome republyk is. De histoaryske binnenstêd, Stone Town, is opnommen op 'e wrâlderfgoedlist fan 'e UNESCO.
Pemba leit sa'n 59 km benoarden it eilân Sansibar, en likernôch 56 km fan it Tanzaniaanske fêstelân ôf. It mjit 67 km fan noard nei súd en 23 km fan east nei west, mei in totaal oerflak fan 985 km². Krekt as it eilân Sansibar is ek Pemba in relatyf plat eilân, mei in heechste punt op 95 m boppe seenivo.
Floara en fauna De eilannen fan Sansibar binne ryk oan floara en fauna. It eilân Sansibar is it iennichste plak op 'e wrâld dêr't de Sansibarfranje-aap (Probolobus kirkii) foarkomt, wêrfan't de totale populaasje sa'n 1.500 eksimplaren omfiemet. Dizze soarte rekke teminsten 1.000 jier lyn isolearre fan besibbe soarten op it Afrikaanske fêstelân. Oare lânseigen soarten op it eilân Sansibar binne it seldsume Sansibarloaihoars (Panthera pardus adersi), in ûndersoarte fan it loaihoars (Panthera pardus) dy't mooglik al útstoarn is, en de noch mar koartby foar it earst wittenskiplik beskreaune Sansibareeske servalsjenetkat (Genetta servalina archeri), in ûndersoarte fan 'e servalsjenetkat (Genetta servalina). Op Pemba komt de Pembaflearhûn (Pteropus voeltzkowi) foar.
Skiednis Prehistoarje, Aldheid en Midsiuwen Argeologyske fynsten tsjutte derop dat de Sansibareilannen al teminsten 20.000 jier troch de minske bewenne wurdt. Yn 'e earste iuwen nei Kristus bestie de befolking fan 'e eilannen nei alle gedachten al út etnyske Swahily, of alteast út nau besibbe Bantoe-folken. Yn 'e twadde helte fan it earste milennium soarge de tanimmende hannel derfoar dat keaplju út Araabje, Perzje en Ynje har op 'e eilannen fêstigen. It wiene de Perzen dy't de stêd Sansibar stiften op in plak dat besmoute wie tsjin stoarmen en boppedat goed te ferdigenjen wie tsjin fijannen. Dêrwei waard hannel dreaun mei de havenstedsjes op it Afrikaanske fêstelân, oan 'e saneamde Swahilykust.
Troch de ynfloed fan 'e keaplju fan bûten waard de kultuer fan 'e Swahily ferrike en naam harren taal, it Swahily, in protte lienwurden út it Arabysk oer. Teffens ferspraten de Arabieren harren godstsjinst, de islaam, ûnder de pleatslike befolking, dy't meitiid de wichtichste religy fan 'e Easafrikaanske kust waard. Trochdat se har ûntjoegen ta tuskenhannelers tusken de Arabieren en Perzen oan 'e kust en de lânseigen folken yn it binnenlân, berikte de maatskippij fan 'e Swahily grutte woltier. Sansibar wie ien fan 'e Swahily-stêdsteaten dy't geandewei de Midsiuwen de hannel oan 'e Eastafrikaanske kust kamen te behearskjen (oaren wiene Mombasa en Dar es Salaam).
Portegeeske koloanje Yn 1498 markearre de oankomst fan Vasco da Gama it begjin fan 'e Jeropeeske bemuoienis mei it gebiet. Yn 1503 of 1504 waard Sansibar ûnderdiel fan it koloniale ryk fan Portegal, en bleau dat twahûndert jier lang. Yn 't earstoan waard it yndield by de Portegeeske provinsje fan Araabje en Abessynje, en waard it bestjoerd troch in gûverneur-generaal. Omtrint 1571 waard Sansibar oerhevele nei it westlike part fan it Portegeeske Ryk en kaam it by de koloanje Mozambyk te hearren. De Portegezen hearsken lykwols inkeld yn namme oer Sansibar, want doe't it earste Ingelske skip yn 1591 it eilân oandie, wie dêr gjin Portegees te bekennen. Der waard inkeld in opslachplak foar hannelswaar ûnderholden, dêr't produkten oankocht waarden en reemakke om nei Mozambyk oerfearn te wurden. It bestjoer lieten de Portegezen oer oan islamityske sultans, dy't se as fazallen behannelen.
Yn 1635 feroare dat, doe't de Portegezen as reäksje op in rebûlje yn Mombasa in fort op it eilân Pemba bouden. Neitiid stelden de Portegezen harren eigen koloniale bestjoerders oan oer de Swahily-steatsjes, wat in misse set wie. De befolking moast nammentlik neat hawwe fan 'e kristlike bestjoerders, en frege de sultan fan Omaan om help by it ferdriuwen fan 'e útlânske oerhearskers. Fan gefolgen ferlearen de Portegezen yn 1698 al harren besittings yn East-Afrika benoarden Mozambyk oan Omaan. Meitiid rekken de Omany de Swahilykust grutdiels wer kwyt, mar Sansibar wisten se te behâlden.
Unôfhinklik sultanaat Yn 'e iere njoggentjinde iuw makke Sansibar in perioade troch fan grutte woltier, dy't fuortkaam út it ferbouwen fan krûdnagels en oare speserijen, en fanwegen de bloeiende hannel yn ivoar en slaven. Dat late der yn 1832 ta dat Saïd bin Sûltan, de sultan fan Omaan, syn hof ferhuze fan it Arabysk Skiereilân nei Sansibar. Troch it fêstigjen fan in machtsbass op Sansibar, besocht er de ynfloed op 'e gebieten oan 'e Eastafrikaanske kust (en dêrmei op 'e hannelsrûtes oer de Yndyske Oseaan) feilich te stellen. Nei syn ferstjerren, yn juny 1856, waard er opfolge troch twa fan syn soannen, dy't it Omaanske Ryk midstwa spjalten: Tûwaini bin Saïd waard sultan fan Maskate en Omaan, wylst syn broer Madjyd bin Saïd hearsker oer it no selsstannige Sultanaat Sansibar waard. Neitiid bleau Sansibar noch seis jier lang ferbûn mei Omaan, mar nei de moard op syn broer Tûwaini wegere Madjyd yn 1862 noch langer om by te dragen oan 'e Omaanske skatkiste, en waard Sansibar folslein ûnôfhinklik.
Oant likernôch 1890 behearsken de sultans fan Sansibar in oansjenlik diel fan 'e Swahilykust, in gebiet dat bekendstie as de Sandj, en û.m. Mombasa en Dar es Salaam omfieme. Yn 1884 stiften de Dútsers lykwols harren koloanje Dútsk East-Afrika (dêr't letter Tanganjika út fuortkomme soe) en yn 1886 fêstigen de Britten har bewâld oer Britsk East-Afrika, it lettere Kenia. Tusken 1884 en 1890 giene alle Sansibareeske besittings op it fêstelân ferlern oan dy beide Jeropeeske machten. Underwilens begûnen keaplju dy't ôfkomstich wiene fan it Yndiaaske subkontinint stadichoan almar mear foar master op te slaan op it mêd fan 'e hannel yn speserijen. Saïd bin Sûltan fitere dat oan troch de Ynjers ta te stean har frij yn syn gebieten te fêstigjen.
De slavehannel rûn ûnderwilens op syn lêste skonken. Mid njoggentjinde iuw waarden der jierliks wol 50.000 slaven ferhannele op 'e slavemerken fan Sansibar. Sokken waarden djip yn it binnenlân fan Afrika finzen nommen en nei de kust ta sleept. Ien fan 'e meast beruchte Sansibareeske slavekeaplju wie Tippu Tip, dy't ûnbidich grutte ekspedysjes fan soms wol 4.000 man sterk djip Sintraal-Afrika yn late en dêrby gedoente hie mei Westerske ûntdekkingsreizgers as David Livingstone en Henry Morton Stanley. Mar tsjin 'e ein fan 'e iuw oefenen de Britten swiere druk op Sansibar út om 'e slavehannel oan bannen te lizzen, en Bargasj bin Saïd, de broer en opfolger fan Madjyd bin Saïd, lei der yn 1873 úteinlik it near op. In trêde broer, Kalifa bin Saïd, dy't Bargasj letter opfolge, makke de wei ree foar de folsleine ôfskaffing fan 'e slavernij.
Britsk protektoraat Underwilens wie Sansibar binnen de Britske ynfloedssfear kommen. Ek de Dútsers makken oanspraak op it sultanaat, mar dy striidkwestje waard yn 1890 regele mei it Hilgelân-Sansibar-ferdrach wêrby't de Britten it eilân Hilgelân, yn 'e Dútske Bocht, ôfstiene yn ruil foar it opjaan troch de Dútsers fan al harren oanspraken op Sansibar. Dat makke de wei frij foar de stifting fan in Britsk protektoraat oer Sansibar, dat yn 1890 ek wier fêstige waard. Dêrby behold it sultanaat, alteast yn namme, yntern selsbestjoer ûnder Britsk tafersjoch, mar it ferlear syn ûnôfhinklikheid en waard diel fan it Britske Ryk. Fan 1890 oant 1913 waard it lân regearre troch de sultans, dy't begelaat waarden troch Britske 'adviseurs' yn 'e foarm fan tradisjonele fiziers. Fan 1913 ôf stelden de Britten lykwols residinten oan om harsels en harren belangen te fertsjintwurdigjen, dy't yn 'e praktyk neat minder as gûverneurs wiene.
Doe't de pro-Britske sultan Hamid bin Tûwaini nei syn dea, op 25 augustus 1896, opfolge waard troch Kalyd bin Bargasj, fan wa't de Britten neat hawwe moasten, late dat ta de saneamde Sansibaroarloch, wêrby't de Britten eefkes sjen lieten wa't it yn it sultanaat echt foar it sizzen hie. De oarloch briek út op 'e moarn fan 27 augustus, doe't Britske oarlochskippen mei in bombardemint it Beit al-Hukum-paleis ferrinnewearren. Net mear as 38 minuten letter, doe't de Sansibarezen wol omlyk woene, waard der in wapenstilstân sletten, en de Sansibaroarloch wurdt noch altyd beskôge as de koartste oarloch út 'e skiednis fan 'e wrâld.
Mids 1950-er jierren waarden der, foarútrinnende op 'e dekolonisaasje, demokratyske herfoarmings yn it sultanaat trochfierd. Der waarden ferskate politike partijen oprjochte, wêrfan't de Sansibareeske Nasjonale Partij (ZNP), dy't de etnyske Arabieren fertsjintwurdige, en de Folkspartij fan Sansibar en Pemba (ZPPP), dy't in mingde oanhing fan Arabieren en Swahily hie, de wichtichsten wiene. Fierders wiene der ek de lytse radikale Afro-Sjirazy Partij (ASP) en de Ummapartij (UP, "Partij fan it Folk"), in op it maoïsme ynspirearre ôfspjalting fan 'e ZNP.
Unôfhinklikheid