Tonny de Jong (Skarsterbrêge, 17 july 1974) is in eardere Fryske reedrydster, dy't hikke en tein is yn Langsweagen en It Hearrenfean. Yn 2003 troude hja op It Hearrenfean mei de Kanadeeske rider Mark Knoll. Letter sette se har nei wenjen yn Calgary. Har bynamme wie Pocket Rocket fanwege har hege snelheid en koarte lingte.

Biografy Tusken 1996 en 2002 wûn De Jong mear as ien kear de gouden medalje op de langere ôfstannen by de Nederlânske kampioenskippen. Yn 1997 waard hja ûnferwachts Europeesk kampioene allround. Dat hie se mei te tankjen oan it feit dat se as earste goed oerwei koe mei klapredens. Tony de Jong wie trije kear de bêste op it Nederlânsk kampioenskip Oer Alles.

Tonny de Jong die fan 1994 oant en mei 2002 njoggen jier efterelkoar mei oan it WK Allround. Yn de jierren dat se Europeesk kampioene waard, 1997 en 1999, waard se tredde op it WK Allround. Yn 1997 ferovere se op de 1500 meter de brûnzen en op de 5000m de sulveren ôfstânsmedalje. Yn 1998 ferovere se har tredde, en lêste, ôfstânsmedalje op it WK Allround, brûns op de 5000 meter. Yn 1999 stie se as twadde frou, nei Trijnie Rep yn 1973, op it earepoadium fan it WK Allround sûnder in ôfstânsmedalje op it kampioenskip ferovere te hawwen.

Yn 2002 naam De Jong ôfskied fan it riden op de Olympyske Spullen. Hjiroan foarôf posearre se foar it maart-nûmer fan in manljusblêd Playboy."Tonny de Jong poseert naakt", rieplachte op 30 septimber 2008 Op 26 april 2003 troude sy op It Hearrenfean mei de Kanadeeske reedrider Mark Knoll en krige se trije bern. Dêrnei is se lykas har suster Maaike de Jong ynterieur-designer wurden.<

Op 7 jannewaris 2009 ferskynde der in spesjaal EK-postsegelboekje wêryn't acht Nederlânske Europeesk Kampioenen steane dy't yn Thialf de ôfrûne tsien jier dy titel wûnen. De Jong wie de iennige Nederlânske frou."Ritsma, Veldkamp, Postma, Zandstra, De Jong, Tuitert, Uytdehaage en Romme op postzegels" KNSB, 18 desimber 2008

Persoanlike rekords 500m - 39,36 ( 27 jannewaris 2002, Calgary ) 1000m - 1.16,23 (21 febrewaris 1999, Calgary ) 1500m - 1.56,02 ( 20 febrewaris 2002, Salt Lake City ) 3000m - 4.00,49 ( 10 febrewaris 2002, Salt Lake City ) 5000m - 7.01,17 ( 23 febrewaris 2002, Salt Lake City )

Resultaten jier NKOfstannen NKAllround NKSprint EKAllround WKAllround WKSprint WKOfstannen OlympyskeSpullen WKJunioaren 1993 ns2 5007e 1500m5e 3000m5e 5000m 9e 1994 ns2 500m 1500m4e 300m 5000m 8e 12e 10e 1500m11e 3000m11e 5000m 5e 1995 1500m4e 3000m 5000m 4e 10e 1996 3000m 5000m 4e 5e 11e 1500m9e 3000m4e 5000m 1997 5e 1500m10e 3000m6e 5000m 1998 1500m 3000m 5000m 7e 4e 7e 3000m5e 5000m 18e 1500m16e 3000m5e 5000m 1999 1000m 1500m 3000m 14e 1500m 3000m 5000m 2000 4e 500m 5e 6e 4e 3000m 5000m 2001 1000m 1500m 3000m 8e 18e 1500m18e 3000m9e 5000m 2002 1500m 3000m 5000m 4e 7e 7e 1500m5e 3000m7e 5000m

Kategory:Frysk reedrider Kategory:Frysk Olympysk dielnimmer Kategory:Playboy Playmate Kategory:Persoan berne yn Skarsterbrêge Kategory:Langsweagen Kategory:Persoan berne yn 1974