Falko Zandstra (It Hearrenfean, 27 desimber 1971) is in eardere Fryske hurdrider en reedrydcoach. Fanwegen syn tinne skonken waard hy ek wol de Spierde Spiker neamd.

Libben Zandstra gou as in natoertalint, dat al op jonge leeftiid 'pike'. Yn 1990 en 1991 waard hy wrâldkampioen by de junioaren. Yn 1991 wûn hy mei in wrâldrekord op de lytse fjouwerkamp. Yn syn ynternasjonale debútjier 1992 waard hy fuortendalik Jeropeesk kampioen en twadde op it wrâldkampioenskip, nei Roberto Sighel. Hy wûn dat jier ek de wrâldbeker op de 1500 meter en Olympysk sulver op de fiif kilometer. In jier letter, yn 1993, waard Zandstra wrâldkampioen reedriden yn Hamar, Noarwegen. Dat jier waard hy ek wer Jeropeesk kampioen.

Fan 1994 ôf waard it minder mei syn karriêre. Op de Olympyske Spullen fan 1994 yn Lillehammer pakte hy ien kear brûns (1500 meter) en waard hy op de fiif en de tsien kilometer fjirde. Wol wist hy yn 1994 nochris de wrâldbeker op de 1500 meter te winnen. Yn 1995 waard hy noch twadde by it Jeropeesk Kampioenskip. Op it WK allround fan dat jier foel hy op de 1500 meter trochdat hy it bantsje, dat om de earm fan in rider zit om oan te jaan in hokker baan hy starten is, oer syn eigen reed goaide. Hjirtroch wist hy him net te kwalifisearjen foar de 10.000 meter.

Yn de perioade 1992/1993 wie Zandstra foar in soad jonge famkes in idoal. Ynterviews en posters ferskynden û.o. yn de Tina. Om dy tiid hinne ferskynde hy ek, tegearre mei inkele oare riders, lykas Sandra Voetelink, yn in reklamefilmke fan Bolletje.

Nei syn karriêre as langebaanrider hat Zandstra it noch efkes besocht op de maraton, mar sûnder folle súkses. Yn 1999 hold er definityf op mei hurdriden. Dêrnei krige er in eigen bedriuw yn dak- en wandbeplating (Falko Dak & Wand) yn It Hearrenfean. Hy is troud mei rydster Ellen Linnenbank.

Adelskalinder datum 500 m 1500 m 5000 m 10.000 m punten 22-01-1993 38,17 1.52,62 6.38,77 13.43,54 156,764 (Johann Olav Koss) 23-01-1993 37,90 1.52,17 6.40,01 13.46,96 156,639 13-03-1993 38,17 1.52,53 6.36,57 13.43,54 156,514 (Johann Olav Koss)

resultaten Resultaten fan Falko Zandstra by ynternasjonale kampioenskippen. jierjierEK AllroundOlympyske SpullenWK AllroundWK Junioaren1990goud1991goud1992goud10e 1000m7e 1500msulver 5000msulver1993goudgoud1994brûnsbrûns 1500m4e 5000m4e 10000m-1995sulverNC261996--1997brûnsNC1419985e-- - = gjin dielname NC# = net kwalifisearre foar de lêste ôfstân, mar wol as # klassearre yn de einrangskikking

Medailjespegel fan Falko Zandstra foar ynternasjonale kampioenskippen dêr't hy oan meidien hat. kampioenskipgoudsulverbrûnsEK Allround212Olympyske Spullen011WK Allround110WK Junioaren200

wrâldrekords Nr.ôfstântiidDatumBaan1lytse fjouwerkamp159,75317 febrewaris 1991It Hearrenfean2lytse fjouwerkamp156,0593 maart 1991Calgary3grutte fjouwerkamp156,88224 jannewaris 1993It Hearrenfean Noat: De wrâldrekords op de lytse fjouwerkamp binne setten as junior.

Sjoch ek Nederlânske kampioenskippen Reedriden Oer Alles foar Manlju

Kategory:Frysk reedrider Kategory:Frysk Olympysk dielnimmer Kategory:Frysk reedrydtrainer Kategory:Persoan berne op It Hearrenfean Kategory:Persoan berne yn 1971