De Wâldsang, ek bekend as Moai, sûnder wjergea, binne de Wâlden, is in Frysk folkssankje dat om-ende-by 1845 skreaun is troch Frysk skriuwer en skoalmaster Harmen Sytstra. It wurdt songen op 'e wize fan "Giovani liete, fiori spargete" út Mozarts opera "Le nozze di Figaro".

Tekst Kûplet 1 Moai, sûnder wjergea, binne de Wâlden; Smûk, skaadzjend beamtegrien, oeral yn 't rûn. Blier, laitsjend boulân, tierige greiden, Sjongende fûgels, sânich de grûn. Sjongende fûgels, sânich de grûn. Moai, sûnder wjergea, binne de Wâlden; Smûk, skaadzjend beamtegrien, oeral yn 't rûn. Oeral yn 't rûn, yn 't rûn, oeral yn 't rûn.

Kategory:Literêr wurk fan Harmen Sytstra Kategory:Frysktalich gedicht Kategory:Gedicht út 1845 Kategory:Frysk folksferske Kategory:Frysktalich liet