spoar (ferfier), in foarm fan ferfier dy't oer it spoar giet, mei de trein spoar (baan), in trajekt belein mei rails dêr't treinen of trams oer ride spoar (nûmer), in nûmere oantsjutting foar in spoarbaan spoarweimaatskippij, in ûndernimming op it mêd fan treinferfier ("hy wurket by it spoar")

spoar (oerbliuwsel), eat dat efterbliuwt nei de iene of oare aktiviteit spoar (print), in ôfdruk fan fuotten of bistepoaten dy't him faak oer in langer trajekt werhellet spoar (bouwurk), in fysyk efterbliuwsel fan eardere bouwurken sa't dy oantroffen wurde by argeologyske opgravings

spoar (hynsteriden), in puntich útsteksel of in tsjiltsje mei in grut tal puntige útsteksels dat oan 'e hakke fan in rydlears befêstige wurdt by it hynsteriden, om it hynder mei oan te trúnjen om hurder te gean spoar (botany), in hol, almeast kegelfoarmich útsteksel oan 'e foet fan in kroanblêd, tsjelkblêd of fergroeide kroan fan in blom spoar (lichemsdiel), in puntich útsteksel oan 'e poaten fan beskate fûgels, benammen hineftigen; komt yn in oare foarm ek foar by beskate reptilen en sûchdieren

spoar (boukunde), in ûnderdiel fan 'e konstruksje fan in dak spoar (skiekunde), in tige lytse hoemannichte fan in stof spoar (lineêre algebra), de optelling fan 'e wearden op 'e diagonaal fan in fjouwerkantige matriks spoar (galoisteory), de optelling fan 'e wearden op 'e diagonaal fan in represintaasjematriks

Sjoch ek spoare, it fuortplantingsorgaan by fearplanten, skimmels en baktearjes