thumb|160px|Anne Vondeling 160px|thumb|Byld fan Anne Vondeling yn Ljouwert Anne Vondeling (Appelskea, 2 maart 1916 - Mechelen, 22 novimber 1979) wie as politikus foarsitter fan de Twadde Keamer en minister fan Finânsjes yn it Nederlânske kabinet-Cals. Kommissaris fan de Friese Pers BV en wie foarsitter fan it bestjoer fan de Fryske Akademy fan 1961-1965. Hy skreau Nasmaak en Voorproef (1968).

Nei it beheljen fan syn eindiploma HBS-B studearre hy oant 1940 oan de Lânbouhegeskoalle yn Wageningen. Yn 1948 promovearre Vondeling oan de Lânbouhegeskoalle op it proefskrift De bedriuwsfergeliking yn de lândbou.

Fan 1940 oant 1945 wie Vondeling as lânboukundich yngenieur ferbûn oan de Provinsjale Tsjinst fan Fryslân. Hy wie fan 1946 oant 1958 lid fan de Twadde Keamer foar de PvdA.Waard direkteur fan de Koöperative Sintrale Lânbouboekhâlding yn Ljouwert (1945-1958).

Op 1 jannewaris 1958 naam Vondeling yn it tredde kabinet-Drees (1952 - 1956) de portefûlje Lândbou, Fiskerij en Fiedselfoarsjenning oer fan Sicco Mansholt. Fierder wie hy fan 1959 oant 1962 lid fan de Ried fan Europa. Fan 1960 oant 1963 wie Vondeling bûtengewoan heechlearaar oan de Ryksuniversiteit Grins. Fan 1959 oant 1965 kaam hy werom nei de Twadde Kaamer. Yn it kabinet-Cals wie Vondeling fan 14 april 1965 oant 22 novimber 1966 minister fan Finânsjes en fise-minister-presidint. Fan 7 maart 1969 oant 4 febrewaris 1971 wie Vondeling foarsitter fan de Partij van de Arbeid. Hy waard opfolge troch André van der Louw. Fan 7 desimber 1972 oant 17 july 1979 wie Vondeling foarsitter fan de Twadde Keamer; per 17 july waard hy lid fan it Jeropeesk Parlemint.

Op 22 novimber 1979 stoar Vondeling yn de âldens fan 63 jier yn Mechelen, as gefolch fan in auto-ûngelok. De Anne Vondelingpriis waard nei him neamd.

Underskiedingen Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw (2 desimber 1958) Kommandeur yn de Oarder fan Oranje-Nassau (5 desimber 1966) Grutoffisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau (17 augustus 1974) Kommandeur yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw (28 juny 1979)

Namme Syn famyljenamme 'Vondeling' waard jûn oan syn oerpake Adam Vondeling (1818-1893), dy't as fûnling yn in ierdappelfjild yn Weinterp (gemeente Opsterlân) fûn waard.

Keppelings om utens Dr. A. (Anne) Vondeling, Parlement & Politiek

Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk lânboukundich yngenieur Kategory:Frysk heechlearaar Kategory:Frysk ûndernimmer Kategory:Frysk politikus Kategory:VDB-politikus Kategory:PvdA-politikus Kategory:Lid fan de Steaten fan Fryslân Kategory:Frysk liberaal Kategory:Frysk sosjalist Kategory:Frysk bestjoerder Kategory:Frysk publisist Kategory:Nederlânsk amtner Kategory:Nederlânsk lânboukundich yngenieur Kategory:Nederlânsk heechlearaar Kategory:Heechlearaar oan de Ryksuniversiteit Grins Kategory:Nederlânsk ûndernimmer Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Nederlânsk partijfoarsitter Kategory:Twadde Keamerlid Kategory:Jeropeesk parlemintslid foar Nederlân Kategory:Nederlânsk minister fan Finânsjes Kategory:Nederlânsk minister fan Lânbou Kategory:Fise-premier fan Nederlân Kategory:Nederlânsk liberaal Kategory:Nederlânsk sosjalist Kategory:Nederlânsk bestjoerder Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Persoan dy't omkommen is by in ferkearsûngemak Kategory:Persoan berne yn Appelskea Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Stellingwerfsk persoan Kategory:Kommandeur yn de Oarder fan Oranje-Nassau Kategory:Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw Kategory:Kommandeur yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw Kategory:Persoan berne yn 1916 Kategory:Persoan stoarn yn 1979