De Fryske Anjer is in Fryske kultuerpriis dy't útrikt wurdt troch it Prins Bernhard Kultuerfûns Fryslân. De priis wurdt jierliks takend oan in persoan, feriening of ynstelling dy't him bysûnder ynset hat foar de Fryske kultuer of natoer yn de breedst mooglike betsjutting. De priis is de measte jierren in kombenaasje fan in jildbedrach fan € 2.500 en in spjelde dy't ûntwurpen is troch keunstneresse Antonia Talamini.
Priiswinners 2025 - Jan de Haan, hafabrakomponist en dirigint 2024 - Karst Meijer foar syn Herbarium Frisicum 2023 - Hylke Speerstra foar syn betsjutting foar de Fryske kultuer 2022 - Hilde Mulder foar har ynset foar it Fryske jeugdtëater 2021 - Jentsje Popma foar syn bestjutting foar de Fryske byldzjende keunst 2020 - De Kast, mear as 30 jier ynset foar de Fryske popmuzyk, taal en identiteit. Friese Anjer 2020 voor Friese band De Kast 2019 - Jant van der Weg foar har ynset foar de Fryske berneliteratuer. 2018 - Age Veldboom en Cathrienus Herrema foar it Earnewâldster skûtsjeteäter Myn Skip 2017 - Feriening Eastermars Lânsdouwe 2016 - BUOG (Bedenkers & Uitvoerders van Ongewone Gebeurtenissen) 2015 - Frysk Jeugd Orkest 2014 - Keunstroute Iepen Stâl, Aldeberkeap 2013 - Tsjêbbe Hettinga (postúm), dichter; foar de bydrage dy't er, mei de Fryske taal as ynspiraasjeboarne, levere hat oan de dichtkeunst yn en bûten Fryslân. 2012 - Bouke Oldenhof, toanielskriuwer en teäterprodusint; foar de bydrage dy't er, mei de Fryske taal as ynspiraasjeboarne, leveret oan it teäterklimaat yn en bûten Fryslân. 2011 - Elske DeWall, sjongster mei talint en ambysje 2010 - Herma Bovenkerk, befoardering byldhoukeunst 2009 - Hindrik van der Meer, skriuwer en fertolker fan Fryske (berne)lietsjes, organisator fan kulturele bustochten 2008 - It Prinsessehof, keramykmuseum 2007 - Baukje Wytsma, dichteres en skriuwster fan berneboeken, -musikals en lietteksten 2006 - Bernard Smilde, musikus en dominy 2005 - Ben Scheper, foarsitter en programmeur Jazzstichting Hothouse Redbad, promotor jazzmuzyk 2004 - Corina van Eijk, artistyk lieder fan Opera Spangea 2003 - Jos Thie, artistyk lieder fan teäterselskip Tryater 2002 - Frysk Skipfeart Museum 2001 - Tichelaar, ierdewurkfabryk 2000 - Nanne Kalma, folkmuzykant 1999 - Johan de Jong, saakkundige op it mêd fan goudûlen 1998 - Stellingwarver Schrieversronte, 1997 - Sintrum foar Film yn Fryslân 1996 - Dûnsgroep Duende, fan goreografe Grietine Molenbuur 1995 - Thom Mercuur, keunsthanneler, galeriehâlder, kurator 1994 - Frysk Fanfare Orkest 1993 - Iepenloftspul Jorwert 1992 - Oerolfestival, mei Joop Mulder, oprjochter en produsint Oerol 1991 - Rients Gratama, kabaretier
Kategory:Fryske kultuerpriis Kategory:Fryske natoerpriis Kategory:Fryske taalpriis Kategory:Fryske ûnderskieding Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 1991