De United Country and Western Dance Council ("Feriene Country en Western Dûns Kommisje"), yn 'e regel koartwei de UCWDC neamd, is in Amerikaansk sportbûn dat wrâldwiid country- en westerndûns promoatet as in poadiumkeunst en as wedstrydsport. It bûn waard yn 1989 oprjochte yn Grantville en liet him yn 1990 registrearje as in non-profitorganisaasje. It haadkertier is fêstige yn Camp Hill, ûnder de reek fan 'e stêd Harrisburg, yn 'e Amerikaanske steat Pennsylvania. __NOTOC__ Wurkmêd De UCWDC organisearret en promoatet dûnskompetysjes en -workshops, ûnderhâldt in wedstrydreglemint en sjocht ta op 'e neilibbing dêrfan, en stelt sjueryleden oan. Yn 2006 wie it bûn belutsen by mear as 50 wedstrydeveneminten yn 10 ûnderskate lannen, en dêrnjonken organisearret it op jierlikse basis eigen wrâldkampioenskippen. De UCWDC hat ferskate kommisjes dy't foech op in spesifyk mêd hawwe, lykas it sertifisearjen fan sjueryleden, it opstellen fan regels, it tasjen op it neilibjen fan dy regels en etyk yn it algemien, en sponsoring.

Wedstryddûnsen peardûnsen country-western two-step East Coast swing nachtklubdûns polka triple two tsjatsjatsja wals West Coast swing line dances Cuban funky lilt novelty rise & fall smooth

Keppelings om utens Offisjele webside fan 'e UCWDC

Kategory:Amerikaansk sportbûn Kategory:Amerikaanske feriening Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1989