Vivaldi is in webblêder basearre op Chromium. De oarspronklike ferzje is fan 2016.
Skiednis Yn 1994 begûnen twa programmearders te wurkjen oan in webblêder. It idee wie om in hiele flugge webblêder te meitsjen, dy't rinne koe op beheinde hardware, mei yn de efterholle dat brûkers as yndividu har eigen easken stelle. Dat waard Opera. De ferzje fan 2015 foldie in groep fan 'e earste brûkers lykwols net, dat se ûntwikkelen in nije webblêder: Vivaldi.
Oersetting nei it Frysk Sûnt 2015 wurdt Vivaldi offisjeel stipe yn it Frysk. Der wurdt op it stuit wurke om alle dielen dy net oer te setten wienen, no ek beskikber te krijen foar it oersetten.
De webstee is ek yn it Frysk oersetten.
Fryske staveringshifker Foar de staveringshifker wurde de Hunspell/Myspell-wurdlisten dy't op it systeem ynstallearre binne brûkt.
Sjoch ek List fan Frysktalige kompjûterprogramma's
Kategory:Softwareprogramma Kategory:Software út 2016